Siderûte
De siderûte of sidewei wie in netwurk fan hannelsrûtes oer it Aziatysk kontinint, en oer see, dy't East-Aazje, Súd-Aazje en West-Aazje mei it Middellânske Seegebiet ferbûn, mar ek noard- en noardeast Afrika en oare parten fan Europa hiene hannelswegen dy't oanslueten op de siderûte.
Fan de klassike âldheid oant de lette midsiuwen, wie de siderûte de wichtichste ferbining tuske east en west.
De siderûte is neamd nei de side dy't oer dy diken út it easten oanfierd waard; side wie doetiids tige kostber hannelsgoed. De earste persoan dy't de namme "siderûte' (Seidenstraße) brûkte wie de Dútske geograaf en ûntdekkingsreizger Ferdinand von Richthofen yn 1877[1]
It Sintraal Aziatyske diel fan de rûte wie al yn gebrûk om 115 f.Kr. troch de Han-dynasty.[2]
Anno 2011 wurde sawol guon sidewegen oer lân en oer see wer brûkt. Faak folgje sy de âlde rûtes. Yn 1994 waard der in spoartrajekt taheakke oan de siderûte, it ynternasjonale spoar tusken Almaty yn Kazakstan en Ürümqi yn de Sineeske provinsje Sinkiang.
Oersjoch
bewurkje seksjeDe siderûtes (yn 't generaal bekend as "siderûte") wiene wichtige paden foar de útwikseling fan kultuer, hannelsgoed en technyk tusken hannelers, keaplju, pylgers, misjonarissen, soldaten, nomaden en de bewenners fan it âlde Sina, it âlde Yndia, it âlde Tibet, Perzyske en de Mediterrane lannen oer in tiidrek fan benei 3000 jier.[3] De namme komt fan de lukrative Sineeske sidehannel, dy't ûnder de Han Dynasty (206 f.Kr. – 220 nei Kr.) begûn, neidat Sina en it Heine Easten hieltyd tichter by elkoar kaam wiene. Aleksander de Grutte wie al djip Aazje yn west, en de Romeinen kamen oant de Eufraat ta. Neist dy lju en Sinezen (sjoch ûnder) hawwe joadske hannelslju faaks ek harres dien ta it ta stân kommen fan de rûte: nei de earste diaspora en de ferfolgingen ûntstiene djip yn Aazje joadske mienskippen.
De sa’n 11.500 km diken waarden ‘gewoane’ produkten, slaven en lúks guod sa as side, satyn, hennep en oare fine weefsels, musk, oare parfums, speserijen, medisinen, juwelen, glêsguod, porselein, en sels rabarber oer ferfierd, mar tsjinnen ek as paad foar de fersprieding fan kennis, ideeën, kultueren, bistesoarten en guon net-lânseigen syktes, [4] tusken it Alde Sina, Ald Yndia (Indusfallei, no Pakistan), Lyts Aazje en it Middellânsk See. De siderûtehannel wie in wichtige faktor yn de ûntjouwing fan de grutte beskavingen fan Sina, it Yndia, Egypte, Perzje, Araabje, en it Alde Rome, en holp yn ferskate opsichten mei oan it lizzen fan it fûnemint fan de moderne wrâld. De siderûte waard meast net oan ien stik wei bereizge. Meastentiids waard it hannelsgoed ferfierd troch in rige aginten/fertsjintwurdigers oer parten fan it trajekt om dan ferhannele te wurden op de drokke merken fan oazestêden.
De al besteande sintraal Aziatyske seksjes fan de hannelsrûtes waarden útwreide om 114 f.Kr. hinne fanwege de Han dynasty,[5], foaral nei de misjes en ûntdekkingstochten fan Zhang Kwian,[6] . Yn de lette Midsiuwen nimt de transkontinintale hannel oer de lânrûtes ôf en makket de hannel oer see opgong.[7] Hoewol’t de hannel yn side mei Sina grif tige wichtich wie, waarden der ek in soad oare produkten ferhannele. Ferskate techniken, religys, en filosofyske ideeën, mar ek de pest (de saneamde "Swarte Dea") kamen oer de siderûtes nei it Westen. It benei tsjin it sintrum fan de rûte lizzende Yndia spile in fitale rol yn dy hannel mei syn unike produkten, sa as speserijen, edelstiennen en ambachtsprodukten. Mei de delfal fan de Han dynasty iyn de 3e iuw belune de hannel tusken east en west. Neidat de Byzantynske histoarikus Prokopius ferhelle hie dat twa Nestoariaanke muontsen ûndutsen hienen hoe't side makke waard, waarden spionnen útstjoerd om de aaien fan de siderûp te stellen, dêrnei waard ek side makke yn it Middellânske Seegebiet en wie it dien mei it monopoalje fan Sina op dat mêd.[8]Doe’t keizer Wu Di (141-87) yn oarloch wie mei de Xiongnu nomaden yn it noarden, dy't de hannel op de siderûte geregeldwei behinderen, stjoerde er syn generaal Zhang Kwian op paad om bûnsgenoaten te finen en om de ferneamde Iraanske kriichshynders fan Nisaia te keapjen. Alhoewol't Zhang Kwian syn misje net slagge, besocht er wol Baktria en ûtduts er it paad nei it westen. Under it bewâld fan Wu Di wie de siderûte iepene en it duorre oant likernôch 1400 eardat de siderûte net mear brûkt waard foar it ferfier fan side. Yn 1492 hie Christopher Columbus besocht om in oare siderûte nei Sina te finen, mar dat slagge him net en late ta teloarstelling yn de Westerske lannen.[9]
Stêden oan de noardlike siderûtes wienen: Antiochje, Damaskus, Bagdad, Isfahan, Merv, Konstantinopel, Balkh, Samarkand, Tasjkent, Kasjgar, Ürümqi, Xi'an en Hotan.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Siderûte, geledraak.nl
- Siderûte, kennisnet.nl
- (in) Oliver Wild, The Silk Road, Universiteit fan Kalifornje - Irvine
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Silk Road fan Wikimedia Commons. |