Samarkand

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.


Samarkand (Oezbeeksk: Samarqand of Самарқанд) is de haadstêd fan de provinsje Samarkand yn Oezbekistan. De measte ynwenners binne Tadzjiken. De stêd is it meast bekend fan syn sintrale lizzing oan de siderûte tusken Sina en it Westen en as Islamitysk stúdzjesintrum. Yn de 14e iuw waard it de haadstêd fan it ryk fan Timoer (Tamerlane), ek syn mausoleum (de Goer-e Amir) stiet yn Samarkand. De Bibi-Khanym Moskee is ien fan de meast opfallende gebouwen fan de stêd. Dee Registan wie it âlde sintrum fan de stêd.

Samarkand
It plein Registan yn Samarkand yn 2014
It plein Registan yn Samarkand yn 2014
Sifers
Ynwennertal 596.300 (2008)
Stêdekloft 708.000 ynwenners
Hichte 702 m
Polityk
Lân Oezbekistan
Provinsje Samarkand
Oar
Stifting 8e iuw f.Kr.
Koördinaten
Offisjele webside
Samarkand ynfo

UNESCO sette de stêd yn 2001 op syn Wrâlderfgoedlist as Samarkand – Crossroads of Cultures.


Keppeling om utensBewurkje