UNESCO (United Nations Educational, Scientific and Cultural Organization) is in organisaasje fan de Feriene Naasjes mei as doel om by te dragen oan frede en feiligens troch gearwurking tusken de ferskate lidsteaten op it mêd fan ûnderwiis, wittenskip, kultuer en kommunikaasje. UNESCO is oprjochte op 16 novimber 1945. It haadkantoar stiet yn Parys.

Dit artikel is in stobbe oer in organisaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
UNESCO-flagge

De UNESCO stelt ûnder oaren in list op fan Wrâlderfskip (World Heritage) en in register mei de wichtichste dokuminten oangeande de Wrâldskiednis (Memory of the World).

List fan direkteuren-generaal

bewurkje seksje
  1. Julian Huxley (Feriene Keninkryk, 1946–1948)
  2. Jaime Torres Bodet, (Meksiko, 1948–1952)
  3. John Wilkinson Taylor, (Feriene Steaten, 1952–1953)
  4. Luther Evans, (Feriene Steaten, 1953–1958)
  5. Vittorino Veronese, (Italië, 1958–1961)
  6. René Maheu, (Frankryk, 1961–1974)
  7. Amadou-Mahtar M'Bow, (Senegal, 1974–1987)
  8. Federico Mayor Zaragoza, (Spanje, 1987–1999)
  9. Koïchiro Matsuura, (Japan, 1999–2009)
  10. Irina Bokova, (Bulgarije, 2009–2017)
  11. Audrey Azoulay, (Frankryk, 2017– )

Keppelingen om utens

bewurkje seksje