16 novimber
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 novimber | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
<< | Novimber | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | ||||
4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 |
18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 |
25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | |
2024 |
16 novimber is de 320e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 321e). Der folgje noch 45 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1776 - As earste lân fan de wrâld erkent de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten.
- 1884 - De Amerikaanske presidint Chester A. Arthur rjochtet it Tongue River Yndianereservaat op, wêrmei't de Noardlike Sjajinnen in eigen reservaat krije yn harren heitelân Montana, dêr't se ûnder de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen hinne weromkeard binne nei't se earder nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) deportearre wiene.
- 1907 - Oklahoma wurdt de 46e steat fan 'e Feriene Steaten.
- 1945 - Yn Londen wurdt UNESCO oprjochte, in dielorganisaasje fan 'e Feriene Naasjes dy't him rjochtsje sil op it behâld fan kultureel erfgoed.
- 1951 - Yn Ljouwert tsjinnet de rjochtsaak tsjin sjoernalisten Fedde Schurer en Tsjêbe de Jong om't se in rjochter belastere hawwe soene dy't him denigrearjend opsteld hie foar de Fryske taal oer. As der in kloft folk gearkomt op it Saailân, ûntsteane der swierrichheden troch it ûnnedich hurde yngripen fan 'e plysje. De resultearjende opskuor kriget de namme Kneppelfreed.
- 2002 - Iepening fan in permaninte eksposysje fan it wurk fan M.C. Escher yn it paleis oan 'e Lange Voorhout yn De Haach.
- 2006 - It earste klimaatboskje wurdt iepene by it Fleanfjild Lelystêd.
Berne
bewurkje seksje- 1873 - W.C. Handy (William Christopher Handy), Amerikaansk komponist († 1958)
- 1889 - Jan Herder, Frysk kommunist en fersetsstrider († 1978)
- 1912 - Anton Koolhaas, Nederlânsk skriuwer († 1992)
- 1914 - Bé Nijenhuis, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1972)
- 1959 - Philippe Soine, Frânsk pornoakteur en -regisseur
- 1943 - Juan Giménez, Argentynsk striptekener († 2020)
- 1960 - Mike Mignola, Amerikaansk striptekener
- 1967 - Lisa Bonet, Amerikaansk aktrise
- 1985 - Sanna Marin, Finsk politika
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1272 - kening Hindrik III fan Ingelân (* 1207)
- 1990 - Louise Mellema, Nederlânsk publisist (* 1900)
- 2005 - Henk van Woerden, Nederlânsk skilder en skriuwer (* 1947)
- 2006 - Milton Friedman, Amerikaansk ekonoom (* 1912)
- 2007 - Henk Hornstra, Frysk politikus en bestjoerder (* 1948)
- 2022 - Nicki Aycox, Amerikaansk aktrise (* 1975)
9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 novimber | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|