Sanna Mirella Marin (Helsinki, 16 novimber 1985) is in Finske politika en fan 10 desimber 2019 oant 20 juny 2023 premier fan Finlân.

Dit artikel is in stobbe oer politikus.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Sanna Marin
politikus
Sanna marin (2022)
Sanna marin (2022)
echte namme Sanna Mirella Marin
nasjonaliteit Finsk
bertedatum 16 novimber 1985
berteplak Helsinki
partij SDP
Minister fan Ferkear en Transport
amtsperioade 2018-2019
foargonger Anu Vehviläinen
opfolger Timo Harakka
Premier fan Finlân
amtsperioade 2019-2023
foargonger Antti Rinne

Marin is lid fan de Sosjaaldemokratyske Partij fan Finlân en waard yn 2018 foar dy partij minister fan Ferkear en Transport. Nei it ôftreden fan Antti Rinne as premier waard Marin op 8 desimber 2019 keazen as nije lieder fan de sosjaaldemokraten. Marin waard dêrtroch op har 34ste premier fan Finlân en dêrmei de jongste premier ea fan it lân. [1]

Neidat hja yn april 2023 de parlemintsferkiezingen ferlear (har partij waard tredde yn tal sitten) kundige se oan om fuort te gean út de polityk, letter dat jier. Op 20 juny yn dat jier waard se as premier opfolge troch Petteri Orpo. [2] Goed twa moanne letter trede se ek ôf as partijlieder.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Finland anoints Sanna Marin, 34, as world's youngest serving prime minister The Guardian, 9 desimber 2019.
  2. Yle (20 juny 2023)