Philippe Soine (útspr.: [fi'lip swan], likernôch: "Filyp Swan"), echte namme ûnbekend (yn Frankryk, 16 novimber 1959), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur en regisseur. Hy hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Jhane Philippe, Philippe Danton, Philippe Jaquelinet, Philippe Svan en Richard Gourmet. Soine sette yn 1988 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in grut tal films.

Philippe Soine
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Jhane Philippe, Philippe Danton,
Philippe Jaquelinet, Philippe
Svan, Richard Gourmet
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 16 novimber 1959
berteplak ûnbekend (yn Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Soine waard yn 1959 earne yn Frankryk berne. Yn 1988, doe't er 29 jier wie, begûn er oan in karriêre as pornoakteur. Uteinlik soed er neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn rom 400 pornografyske films spylje. Dêrby wurke er benammen foar Jeropeeske labels, lykas it Frânske Vidéo Marc Dorcel, it Dútske Magmafilm, Videorama en Sascha Alexander Productions, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, it Nederlânske Helen Duval Entertainment en fral ek it Sweedske Private.

Foar Private wurke Soine faak gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman en kollega-akteurs as Alain Deloin, Richard Langin en Jean-Yves Lecastel. Guon fan syn bekendste films foar dy studio wiene The Pyramid diel 1, 2 en 3, The Gigolo diel 1 en 2, The Golden Triangle diel 1 en 2, Cape Town diel 1 en 2 en Kruger Park. Dêrnjonken wie Soine ek wol yn 'e Amerikaanske pornoyndustry aktyf, û.m. foar sokke foaroansteande filmstudio's as VCA Pictures, Anabolic Video, Sin City, Evil Angel, Wicked Pictures en Hustler Video.

Under syn lange karriêre as pornoakteur wurke Soine gear mei aktrises as Nikki Anderson, Sharon Ashe, Erika Bella, Laura Black, Gabriella Blicq, Blondie, Gabriella Bond, Dolly Buster, Bettina Campbell, Tabatha Cash, Julia Chanel, Vivienne Clash, Sandra Dark, Tricia Devereaux, Barbara Doll, Carole DuBois, Helen Duval, Cecilia Grout, Simone Horvath, Kathy Kash, Katja Kean, Laura Lion, Mafalda, Angelica Mirai, MoniKat, Demia Moor, Peggy Sue, Jennifer Red, Ines en Inga Ridere, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Tania Russof, Alexandra Schiffer, Kristina Schwartz, Gabrielle Scream, Julia Spain, Kelly Stafford, Amanda Steel, Su Ann, Julia Tchernei en Mame Yong.

Njonken syn aktearwurk wie Soine ek wurksum as regisseur fan pornofilms. Neffens de IAFD wied er yn dy hoedanichheid ferantwurdlik foar de produksje fan 162 ûnderskate films, dy't foar it meastepart útbrocht waarden troch de studio's Magmafilm, Vidéo Marc Dorcel en de Mario Salieri Entertainment Group. Ein 2016 wie Soine nei mear as in fearnsiuw noch altyd aktyf as pornoakteur.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: