Haadmenu iepenje

MoniKat, echte namme ûnbekend (3 april 1972), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Moäna, Sweetlana, Monica Sideri, Monica Tanner en Monika Tanner. Hja is blûn, mei in lingte fan 1.65 m en hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien. MoniKat wie fan 1990 oant 1995 wurksum yn 'e Jeropeeske pornoyndustry.

MoniKat
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
MoniKat.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Moäna, Sweetlana, Monica Sideri,
Monica Tanner, Monika Tanner
nasjonaliteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
berne 3 april 1972
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Flag of Hungary.svg Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19901995
offisjele webside
gjint

Libben en karriêreBewurkje

MoniKat waard yn 1972 berne yn Hongarije. Hja sette koart nei de fal fan it Izerne Gerdyn, yn 1990, útein mei in karriêre as pornoaktrise. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja dêrby yn totaal yn 24 pornografyske films, mar dêr sitte ferskate kompilaasjefideo's by dy't gearstald binne út earder materiaal. MoniKat wurke útslutend foar Jeropeeske filmstudio's, wêrûnder yn 't earstoan fral Dútske labels as Videorama en Magmafilm.

Letter wie se ek wurksum foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel, de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group en it Sweedske Private-label. Foar Private wurke MoniKat ferskate kearen gear mei de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, û.o. yn 'e films The Tower 1 en 2, beide út 1995. Letter datselde jiers loek MoniKat har út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utensBewurkje