Pierre Woodman
Pierre Woodman, echte namme: Jean-Paul Bouchet (29 april 1963), is in Frânsk fotograaf, sjoernalist, pornoregisseur, pornoprodusint, pornoakteur, senarioskriuwer en mainstream-akteur, dy't ek wol de skûlnamme Pierre Boismonsieur brûkt hat. Hy hat likernôch 300 pornografyske film op syn namme stean, wêrûnder megaproduksjes as Tatiana, The Pyramid en Xcalibur, en is de bekendste en meast súksesfolle Jeropeeske makker fan pornografyske films ea.
Pierre Woodman | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Pierre Boismonsieur | |
echte namme | Jean-Paul Bouchet | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 29 april 1963 | |
berteplak | ? (Frankryk) | |
etnisiteit | Oksitaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur, produsint, senarioskriuwer, pornoakteur | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
offisjele webside | ||
www.pierrewoodman.com |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en iere karriêre
bewurkje seksjeWoodman waard yn 1963 berne yn 'e Auvernje, in lânstreek yn it middensuden fan Frankryk. Hy hold op syn sechstjinde op mei skoalle, en hie dêrnei baantsjes as barkeeper, ferkeaper en winkelbetsjinde. Yn 1980, doe't er santjin jier wie, gied er yn tsjinst. Nei't er ôfswaaid wie, waard er plysjeman. Yn 1986, op syn 23ste, begûn er in karriêre as moade- en tillefyzjefotograaf. Trije jier letter, yn 1989, wied er belutsen by de oprjochting fan it tydskrift Hot Vidéo, dat de Frânske pornoyndustry ta ûnderwerp hie. Neitiid wurke er in hoart as sjoernalist foar dat blêd.
Karriêre yn 'e pornoyndustry
bewurkje seksjeFoar Private
bewurkje seksjeYn 1992 waard er troch de Sweedske pornografyske filmstudio Private oannommen, yn 't earstoan inkeld as pornoakteur, mar fan 1993 ôf ek as regisseur. Neitiid joech er al rillegau syn aktearwurk deroan om him op it regissearjen ta te lizzen. Hy wie noch gauris as pornoakteur aktyf, mar allinnich mar mear yn it ferlingde fan syn regisseurskip. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat er sûnt 1992 yn 154 pornografyske films aktearre, wylst er as regisseur likernôch 300 pornofilms makke, mear as 2.000 pornografyske sênes draaid en sa'n 1.500 pornografyske fotorapportaazjes dien hat. Underwilens hied er de skûlnamme Pierre Woodman oannommen. "Woodman" is in feringelsking fan 'e bynamme dy't er as opslûpen jonge hie, mei't er goed wie yn it beklimmen fan beammen. Hy wie him folslein ûnbewust fan 'e dûbele betsjutting dy't it wurd "wood" yn it Ingelsk (of alteast yn it Amerikaansk-Ingelsk) hat (dêr't it behalven "hout" en "bosk" ek "ereksje" betsjut), en moast dêr by syn earste besyk oan Las Vegas, yn 1995, op wiisd wurde troch de Amerikaanske pornoaktrise Jenna Jameson.
Mei syn iere regissearwurk, meast fan ôfleverings fan it fideomagazine Private Magazine, makke Woodman safolle yndruk, dat de baas fan Private, Berth Milton jr., him almar gruttere projekten taskode, lykas de films The Golden Triangle 1 en 2, dy't yn 1994 yn Tailân opnommen waarden. Ferskate megaproduksjes (alteast foar pornografyske begripen) folgen, mei de The Pyramid-trilogy, dy't mei in budget fan $1,2 miljoen yn 1996 foar in diel temûk yn Egypte opnommen waard (dêr't pornografy strang ferbean is), en de Tatiana-trilogy, dy't yn 1997 en 1998 mei in budget fan $600.000 yn Hongarije draaid waard. Oare grutte produksjes dy't Woodman foar Private makke, wiene The Gigolo diel 1 en 2 (1995); de The Tower-trilogy (1995); de yn Súd-Afrika opnommen films Cape Town 1 en 2 en Kruger Park (1996); Sweet Baby diel 1 en 2 (1996/1997); The Fugitive diel 1 en 2 (1997); That'$ Life diel 1 en 2 (1998); Fatal Orchid diel 1 en 2 (1998); Indecency diel 1 en 2 (1998); Domestic Affairs (1999); en de trilogy Riviera (2000/2001), wêrfoar't er in budget fan $450.000 ta syn foldwaan hie.
De Castings X-rige
bewurkje seksjeYn 1997 sette Woodman fierders útein mei syn Castings X-rige. Dat binne opnamen dy't sabeare de alderearste audysjes sjen litte dy't pornoaktrises yn 'e dop by Woodman dogge. De rige waard fan 1997 oant 2003 útbrocht troch Private ûnder namme Private Castings X, en dêrnei troch de Amerikaanske studio Hustler Video as de Hustler Casting Couch-searje. Fan 2008 ôf produsearre Woodman nije dielen fia syn eigen produksjemaatskippij Woodman Entertainment. Woodman sels hâldt stiiffêst fol dat it allegear orizjineel materiaal is, en dat er al yn 1992 begûn is om audysjes op te nimmen. Hy beweart dat er dat yn it begjin poer die om't er benaud wie beskuldige te wurden fan seksuële oantaasting, fral nei't de Amerikaanske bokser Mike Tyson feroardiele wie foar ferkrêfting yn in motel yn Indianapolis. Letter soe dan it lumineuze idee by him opkommen wêze om al dy fideo's dy't blykber yn syn garaazje of by him op 'e souder leine te stofgarjen, as realitypornografy fan it casting couch-subsjenre op 'e merk te bringen. Net ien kin bewize dat it net sa gien is as dat er seit, mar de measte insiders yn 'e pornoyndustry liket it in bytsje té tafallich, en oer it algemien giet men derfan út dat it hjir giet om yn sêne set materiaal. Hoe dan ek, de Castings X-searje wie in grut súkses, en groeide út ta de bêst ferkeapjende pornografyske filmrige fan 'e wrâld.
It is trouwens sûnder mear wier dat Woodman in protte audysjes dien hat; sels hâldt er it op rom 7.000. Nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch, yn 1989, en it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny, yn 1991, die der him in heal wrâlddiel iepen dat op pornografysk mêd ûnûntgûn gebiet wie. Pierre Woodman wie ien fan 'e earsten dy't yn dat gat sprong, en geandewei de njoggentiger jierren hold er withoefolle audysjes yn fral Hongarije, Tsjechje en Letlân. Under de pornoaktrises dy't er op dy manear ûntdutsen hat, binne: Nikki Anderson, Ania, Laura Black, Gabriella Blicq, Gabriella Bond, Blondie, Bettina Campbell, Rita Cardinale, Monique Covét, Caylian Curtis, Sandra Dark, Barbara Doll, Rita Faltoyano, Cecilia Grout, Anita Gyöngy, Simone Horvath, Joy Kiss, Joo Min Lee, Kristina Lion, Lolita, Angelica Mirai, Barbara Molat, Demia Moor, Jennifer Red, Ines en Inga Ridere, Karma Rosenberg, Aliza Rusk, Tania Russof, Silvia Saint, Kristina Schwartz, Amanda Steel, Natasha Storm, Julia Tchernei, Agnes Tilli, Coralie Trinh Thi, Vanda Vitus en Cassandra Wilde.
Foar Hustler
bewurkje seksjeYn 1999, doe't realitypornografy en gonzopornografy tige by tige yn opkomst wiene, spile Woodman dêr op yn mei syn Superfuckers-rige foar Private, dy't úteinlik tolve ôfleverings krige. Ein 1999 waard er útnûge troch de Amerikaanske pornoprodusint Larry Flynt, eigner fan it LFP-konglomeraat, dêr't û.m. it blêd Hustler en de studio Hustler Video ta hearre, om oer te stappen nei syn bedriuw. Hustler Video wie yn 1998 oprjochte, en Flynt socht in pornoregisseur fan namme om it nije label yn 'e merk te setten. Woodman gie op it oanbod yn, en tekene yn 2000 in fiifjierrich kontrakt mei Flynt, dêr't in salaris fan $5 miljoen mei muoid wie.
Foar Hustler Video makke Woodman û.m. ôflevering 13 oant en mei 25 fan Superfuckers; de Anal Intensive-rige, besteande út trettjin dielen; de Hustler Casting Couch-searje, in fuortsetting fan 'e Castings X-rige; 24 dielen fan 'e searje Hustler XXX; en fjouwer dielen fan Hustler EXXXotica. Mar oars as Berth Milton jr., de eigner fan Private, joech Flynt frijwol neat út oan ferkeapbefoardering, en ferliet er him ynstee poer op 'e nammebekendheid fan Hustler-merk (it blêd Hustler is yn 'e Feriene Steaten nei de Playboy it grutste neakenblêd) en op mûle-ta-mûlereklame. Dat siet Woodman aardich dwers, dy't fan betinken wie dat er folle mear ferkeapje kinnen hie mei in fatsoenlike reklamekampanje. Hy die in stik as wat megaproduksjes foar Hustler Video, lykas Brazilian Snake diel 1 en 2 (2001/2002), mei in budget fan $520.000, en Manipulation (2004), mei in budget fan $430.000, mar út teloarstelling oer it brekme oan promoasje fan syn produkten wegere er yn 2005 úteinlik om syn kontrakt te ferlingjen.
Werom by Private
bewurkje seksjeYnstee kearde Woodman werom by Private, nei't Berth Milton jr. him dêrta útnûge hie. Foar Private makke er de trilogy Sex City, in pornografyske "remake" fan regisseur Frank Miller syn mainstream-súkses Sin City, wêrby't er sels de foar dy film karakteristike swart-wyt-sinematografy mei hjir en dêr ynbrochte spatten felle kleur oernaam. Sex City waard yn syn gehiel yn high definition filme, mei in budget fan €540.000. It earste diel waard útbrocht yn maaie 2006, en klom yn fiif wiken tiid op ta de bêst ferkeapjende titel yn 'e skiednis fan Private. Yn juny fan dat jier berikte er sels yn 'e Feriene Steaten it earste plak op 'e ferkeapranglisten. Likegoed kundige Woodman dyselde moanne noch oan dat er (alwer) by Private wei gie, diskear om foar himsels te begjinnen.
Woodman Entertainment
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Pierre Woodman Entertainment.
Yn 'e simmer fan 2006 rjochte Woodman yn it Spaanske Barseloana syn eigen filmstudio op, dy't er Pierre Woodman Entertainment neamde (gauris ôfkoarte ta Woodman Entertainment). It earste filmprojekt fan dat nije label wie diel ien fan 'e trilogy en megaproduksje Xcalibur, dat yn augustus 2006 opnommen waard mei it foar pornografyske termen ûnbidich grutte budget fan €800.000 en in útsûnderlik grutte cast fan 40 aktrises, 35 manlike akteurs en 250 figuranten. Yn 'e jierren dêrop folgen de beide oare dielen fan Xcalibur en noch ferskate oare grutskalige projekten. Pierre Woodman is ien fan 'e bekendste en sûnder mis de súksesfolste Jeropeeske pornoregisseur. Hy hat trije Hot d'Ors wûn (wat foarhinne de wichtichste Jeropeeske pornografyprizen wiene), twa Ninfa Awards fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana, en ien Amerikaanske AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).
Mainstream-karriêre
bewurkje seksjeNjonken syn karriêre yn 'e pornografy is Woodman ek noch altiten wurksum as moadefotograaf, en docht er fotorapportaazjes foar renommearre tydskriften, lykas Vogue en Blast. Troch syn audysjes hat er yn it ferline net inkeld nij talint foar syn pornofilms ûntdutsen, mar ek nije fotomodellen en mannekêns, dy't gauris kontrakten tekene hawwe by grutte modelleburo's, lykas Alla Krivotsjejeva by Elite. Fierders hat Woodman ek as mainstream-akteur wurke. Sa spile er himsels yn 'e Spaanske spylfilm Yo Puta, njonken Hollywood-aktrises Denise Richards en Daryl Hannah. Yn 2009 makke de Amerikaanske stjoerder HBO in 52 minuten duorjende dokumintêre oer Woodman syn libben, The Pierre Woodman Story.
Priveelibben
bewurkje seksjeWoodman hat trije kear troud west, en is de heit fan twa bern, wêrûnder de Frânske skriuwster Alexandra Geyser. Op 12 july 1996 troude er mei de (troch himsels ûntdutsen) Letske pornoaktrise Tania Russof. Yn 2000 skieden hja op freonskiplike termen. Sûnt 2002 wennet Woodman gear mei it fotomodel Sophie Paris.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar syn wurk oan |
---|---|---|---|---|
1996 | Hot d'Or | wûn | bêste senario | The Gigolo 1 |
1997 | Hot d'Or | wûn | bêste Jeropeeske regisseur | The Pyramid 1 |
1998 | AVN Award | wûn | bêste bûtenlânske regisseur | The Fugitive 1, The Fugitive 2 |
2001 | Hot d'Or | wûn | bêste regisseur | Madness 1 |
2003 | FICEB Ninfa Award | wûn | spesjale priis (útrikt troch de organisaasje fan it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana) | n.f.t. |
2004 | FICEB Ninfa Award | wûn | oeuvrepriis | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Pierre Woodman
- (in) Biografy en filmografy fan Pierre Woodman yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Pierre Woodman yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.
|