Pierre Woodman Entertainment

Pierre Woodman Entertainment (ek wol bekend as Woodman Entertainment) is in Jeropeeske pornografyske filmstudio, dy't fêstige is yn it Spaanske Barseloana. De studio waard yn juny 2006 oprjochte troch Pierre Woodman, in Frânske pornoregisseur fan namme, dy't earder jierrenlang foar it Sweedske Private-label en foar it Amerikaanske Hustler Video wurke hie.

Pierre Woodman Entertainment
algemien
nasjonaliteit Flag of Spain.svg Spaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Barseloana (Spanje)
oprjochte 2006
oprjochter Pierre Woodman
eigener Pierre Woodman
fuortk. út Private
offisjele webside
www.woodmancastingx.com
Pierre Woodman en syn freondinne, it fotomodel Sophie Paris.

It earste filmprojekt fan Pierre Woodman Entertainment wie de megaproduksje Xcalibur, dy't yn augustus 2006 opnommen waard mei in budget fan € 800.000,— en in cast fan 40 aktrises (wêrûnder haadrolspylster Caylian Curtis), 35 manlike akteurs en 250 figuranten. Sûnt hat Pierre Woodman Entertainment noch ferskate soksoarte grutskalige projekten ûndernommen.

Keppelings om utensBewurkje

(in) Offisjele webside fan Pierre Woodman Entertainment

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.