Vanda Vitus, echte namme: Anita Vitus (7 juny 1979), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ûnder har karriêre gebrûk makke fan in ferskaat oan skûlnammen: Anita G., Anita Vanoa, Anita V, Anita Lopez, Fanny, Vanda, Varda, Vanda Curtis, Monica Vanda, Monique Vanda, Wanda Clooney, Wanda, Wendy en Valerie Rosen. Hja waard ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman. Vitus wie fan 1997 oant 2006 wurksum yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry.

Vanda Vitus
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Anita G., Anita Vanoa, Anita V,
Anita Lopez, Fanny, Vanda, Varda,
Vanda Curtis, Monica Vanda,
Monique Vanda, Wanda Clooney,
Wanda, Wendy, Valerie Rosen
echte namme Anita Vitus
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 7 juny 1979
berteplak ? (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19972006
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Vitus waard yn 1979 berne yn Hongarije. Yn 1997, doe't se 18 jier wie, waard se ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn totaal yn 95 films. Yn 't earstoan wurke se benammen gear mei Woodman, yn films dy't útbrocht waarden troch it Sweedske Private-label. De bekendste dêrfan wie Tatiana 1 (1997), it earste diel út Woodman syn Tatiana-trilogy. Fierders wurke se foar Private ek mei oan 'e dielen 1 en 3 fan The Uranus Experiment (1999), dy't yn it nijs kaam om't dy trilogy de earste swiertekrêftfrije sekssêne omfieme.

Dêrnjonken wie Vitus yn it begjin fan har karriêre ek aktyf foar oare Jeropeeske studio's, lykas it Dútske Magmafilm. Letter stiek se de Atlantyske Oseaan oer om wurk te sykjen yn 'e Amerikaanske pornoyndustry fan súdlik Kalifornje. Dêr wie se yn 't spier foar sokke foaroansteande labels as Diabolic Video, Vivid Entertainment, Adam & Eve, Hustler Video, New Sensations, Evil Angel, Anabolic Video, Sin City en Elegant Angel. Foar Evil Angels wie se te sjen yn ferskate dielen fan 'e Euro Angels-rige. Yn 2006 loek Vitus har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Vanda Vitus is blank en hat brún hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Hja hat in natuerlike kupmaat 34C.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: