Anabolic Video is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, yn 'e steat Kalifornje. De namme betsjut letterlik "Anabolide Fideo". It bedriuw waard yn 1991 oprjochte yn it Kalifornyske Venice troch Christopher Alexander (ek wol bekend ûnder syn skûlnamme Biff Malibu), en wie ien fan 'e pioniers op it mêd fan 'e gonzo-pornografy, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan feature films, de eigentlike films. Mei datsoarte publikaasjes hie Anabolic Video grut súkses.

Anabolic Video
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Kalifornje)
oprjochte 1991
oprjochter Christopher Alexander
offisjele webside
www.anabolic.com

Yn 1998 waard de susterstudio Diabolic Video oprjochte; Diabolic hie dêrfoar sûnt de midden fan 'e jierren njoggentich in ymprint fan Anabolic west. Anabolic en Diabolic ûnderholden hast in desennium lang nauwe bannen, oant yn 2007 besletten waard om 'e beide labels elk har eigen paad gean te litten. Yn 2004 liek Anabolic Video yn it neigean te reitsjen, doe't frijwol tagelyk in stikmannich súksesfolle regisseurs, wêrûnder Erik Everhard en Jon Dough, oerstapten nei oare studio's. Mar Anabolic wist dy ierlitting wer te boppe te kommen en is noch altyd in grutte spiler yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.