Silvia Saint, echte namme: Silvie Tomčalová (Kyjov, 12 febrewaris 1976), is in rêstend Tsjechysk model, neakenmodel en pornografysk aktrise fan Moravysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol (mis)stavere as Sylvia Saint, en se hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Silvie en Szilvia. Saint sette yn 1997 útein mei in wurkpaad yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 1997 wûn se in AVN Award, en yn 2000 twa Hot d'Ors. Yn 2009 beëinige Saint har karriêre as pornoaktrise.

Silvia Saint
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Sylvia Saint, Silvie, Szilvia
echte namme Silvie Tomčalová
nasjonaliteit Tsjechysk
berne 12 febrewaris 1976
berteplak Kyjov (Tsjechje)
etnisiteit Moravysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19972009
offisjele webside
www.silviasaint.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Silvia Saint waard yn 1976 berne yn it stedsje Kyjov, yn it distrikt Hodonín yn 'e regio Súd-Moraavje, yn wat doe noch Tsjechoslowakije wie. Hja brocht har jonkheid troch yn har berteplak. Doe't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre se twa jier bedriuwsfiering yn 'e Moravyske haadstêd Brno.

Karriêre as model

bewurkje seksje

Neitiid wurke Saint as de manager fan in grut hotel yn 'e stêd Zlín, en hie se by ferskate oare bedriuwen banen as accountant en marketingkoördinator. Om't se fûn dat it salaris foar soksoarte wurk ôffoel, sette se útein mei in karriêre as linzjerymodel. Al rillegau waard se frege om te posearjen foar neakenblêden, lykas Hustler, High Society, Chéri en Club International. Yn 1996 stie Saint yn 'e Tsjechyske Penthouse, dy't har útrôp ta Penthouse Pet fan it Jier. Letter posearre se ek foar de Amerikaanske Penthouse, dêr't se beneamd waard ta Pet fan 'e moanne oktober 1998.

 
Silvia Saint ier yn har karriêre.

Karriêre as pornoaktrise

bewurkje seksje

Yn 1997, doe't Saint 21 jier wie, naam har doetiidske freon har mei nei in castingaudysje fan 'e Britske pornoregisseur Frank Thring. Koarte tiid letter makke se har debút yn in pornografyske film foar it Sweedske Private-label. Al rillegau dêrnei ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en dêr't se mear as trije jier yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurke, hoewol't se ek yn Jeropa aktyf bleau.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Saint yn totaal yn mear 300 pornofilms. Dêrby wie se yn 'e Feriene Steaten wurksum foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Evil Angel, Sin City, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Elegant Angel, VCA Pictures, New Sensations, Anabolic Video, Devil's Film, Digital Sin en ClubJenna. Dêrnjonken wie se ek wol aktyf foar minder bekende Amerikaanske filmstudio's, lykas Jill Kelly Productions, Metro, Afro-Centric Productions, West Coast Productions en Legend Video. Yn Jeropa wie se fral yn 't spier fan Private, mar wurke se ek wol foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel en foar ferskate Dútske studio's.

Ien fan Saint har opmerklikste rollen wie har fertolking fan ien fan 'e haadrollen yn 'e opsjochmeitsjende pornofilmtrilogy The Uranus Experiment, in produksje fan Private mei as ûnderwerp de romtefeart. De trilogy waard benammen bekend om't der in sêne yn foarkomt dy't opnommen is yn in Russysk fleantúch dat dûkflechten makke, sadat in steat sûnder swiertekrêft opwekke waard. Saint en har tsjinspiler Nick Lang hiene op dy manear de primeur om as earste pearke seksuële omgong te hawwen yn in tastân fan gewichtsleazens. De sêne waard nominearre foar in Nebula Award, ien fan 'e wichtichste mainstream-prizen op it mêd fan science fiction, mar wûn him net. Wol wûn Saint ûnder har karriêre as pornoaktrise in (Amerikaanske) AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), twa (Frânske) Hot d'Ors, trije (Katalaanske) Ninfa's en in (Italjaanske) Delta di Venere Award.

Yn maart 2001 kundige Saint oan dat se har weromlûke soe út 'e pornoyndustry, nei't se in twa- oant trijejierrige relaasje mei de swarte Amerikaanske pornoakteur Mr. Marcus beëinige hie. Saint beskuldige Mr. Marcus derfan dat er har ferskate kearen mishannele hie. Neitiid sette se har wer yn Tsjechje nei wenjen mei har nije (Tsjechyske) freon, dy't yn 'e antykhannel siet. Saint bleau lykwols ek nei 2001 as pornoaktrise wurksum, al makke se fan dy tiid ôf benammentlik lesbyske pornografy. Yn 2006 wûn se mei in rjochtsaak tsjin in cyberkreaker de rjochten op 'e domeinnamme SilviaSaint.com. Uteinlik loek Saint har yn 2009 foargoed út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 Penthouse (Tsjechyske edysje) wûn Penthouse Pet fan it Jier n.f.t.
1997 AVN Award wûn bêste opfiering fan in striptease n.f.t.
CAVR Award wûn stjer fan it jier n.f.t.
People's Choice Adult Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
1998 Penthouse (Amerikaanske edysje) beneamd Penthouse Pet fan 'e Moanne Oktober n.f.t.
2000 Hot d'Or wûn bêste op fiering fan in striptease n.f.t.
wûn bêste byrol fan in aktrise Le Contrat des Anges
FICEB Ninfa Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Nikki Anderson en Kate More) Alexia and Cie
2004 FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise n.f.t.
wûn publykspriis foar bêste aktrise n.f.t.
2005 Delta di Venere Award wûn Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) n.f.t.
2012 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.