Digital Sin, eins folút: Digital Sin Productions, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Chatsworth, yn 'e steat Kalifornje. Hy waard yn 1999 oprjochte troch Scott Taylor, as in dochterûndernimming en it susterlabel fan New Sensations. Oarspronklik liet Digital Sin oare studio's ûnder lisinsje pornografy produsearje dy't it dan sels útjoech, mar tsjintwurdich publisearret it inkeld noch films dy't makke binne troch New Sensations. Digital Sin is û.m. yn it nijs kommen trochdat it de dvd Groupie Luv op 'e merk brocht hat, dêr't de rappers 50 Cent en Lloyd Banks yn figurearje.

Digital Sin Productions
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Chatsworth (Kalifornje)
oprjochte 1999
oprjochter Scott Taylor
mem New Sensations
offisjele webside
www.digitalsinproductions.com

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: