Memme-ûndernimming

In memme-ûndernimming of memmemaatskippij is in ûndernimming dy't eigner is fan ien of mear oare bedriuwen, de saneamde dochterûndernimmings. Sa'n ûndernimming is in fennoatskip, dy't genôch oandielen fan in oar, juridysk selsstannich bedriuw hat om sizzenskip oer dat bedriuw te hawwen. Faak komt it foar dat de dochterûndernimmings sels ek wer memme-ûndernimming fan oare dochterûndernimmings binne. De hiele triemsgewize bedriuwsopbou dy't sa ûntstiet, wurdt in concern neamd. De 'boppeste' memme-ûndernimming fan in concern is almeast in "lege" holding: in bedriuw dat sels neat produsearret, mar inkeld eigner is fan oare bedriuwen en him yn syn wurk beheint ta it hâlden fan tafersjoch op 'e ûnderlizzende ûndernimmings yn 'e concernstruktuer. In dochterûndernimming dy't memme-ûndernimming is fan eigen dochters, is faak wol in bedriuw mei eigen produksje en ynkomsten.

Yn 'e measte gefallen is in memme-ûndernimming foar de folle 100% eigner fan in dochterûndernimming. It komt lykwols ek foar dat in dochterûndernimming eigendom is fan twa (of yn seldsume gefallen mear as twa) memme-ûndernimmings. Men sprekt dan fan in joint venture fan dy beide (of mear) memme-ûndernimmings. Trochdat dochterûndernimmings eigendom binne fan in memme-ûndernimming, hat it bestjoer fan dy memme-ûndernimming de macht om direkteuren fan sokke dochterûndernimmings te beneamen en te ûntslaan. Ek komt it geregeldwei foar dat deselde minsken yn sawol de memme- as de dochterûndernimming direkteur binne of in oare bestjoersfunksje ferfolje. Op dy wize rint dan de ynterne hierargy fan in concern dwers troch de wetlike en statutêre hierargy hinne.

De memme-ûndernimming hat yn 'e Nederlânske kontekst almeast de foarm fan in namleaze fennoatskip (N.V.), in besletten fennoatskip (B.V.) of in oare fennoatskip wêrfan't it kapitaal ferdield is yn oandielen. Ek in koöperaasje kin lykwols as memme-ûndernimming fungearje (bgl. yn it gefal fan 'e Rabobank). As it om in beursnotearre bedriuw giet, binne it ornaris de oandielen fan 'e memme-ûndernimming dy't op 'e effektebeurs ferhannele wurde, wylst de oandielen fan 'e dochterûndernimming folslein yn besit bliuwe fan 'e memme-ûndernimming sels. It bestjoer fan in concern is sintralisearre yn 'e memme-ûndernimming. Dêrtroch draacht de ried fan bestjoer fan 'e memme-ûndernimming de einferantwurdlikheid foar it deistich bestjoer fan it hiele concern. De ried fan kommissarissen hat wer tafersjoch oer de ried fan bestjoer.

In foarbyld fan in memme-ûndernimming is Air France-KLM. Dat is in holding dy't û.m. Air France, de KLM en Martinair yn besit hat. In oar foarbyld is The Walt Disney Company, eigner fan û.m. Walt Disney Studio Entertainment. Dat is sels wer de memme-ûndernimming fan The Walt Disney Studios, dêr't û.m. Walt Disney Pictures, de Walt Disney Animation Studios, de Pixar Animation Studios en Walt Disney Studios Motion Pictures ta hearre. Dat lêste bedriuw is dan wer de memme-ûndernimming fan û.m. Touchstone Pictures.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.