The Walt Disney Studios (difyzje)

The Walt Disney Studios foarmje de difyzje fan The Walt Disney Company wêrby't de eigentlik filmstudio's fan Disney ûnderbrocht binne. Dit ûnselsstannige bedriuw is fêstige yn Burbank (Kalifornje), yn it fysike studiokompleks dat ek The Walt Disney Studios hjit, en dêr't it net mei betize wurde moat. The Walt Disney Studios wiene foarhinne yndield by it gruttere bedriuwssegmint Walt Disney Studio Entertainment, mar by in reorganisaasje yn maart 2018 binne The Walt Disney Studios as iennichste ûnderdiel fan dat bedriuwssegmint oerbleaun. Sadwaande kinne Walt Disney Studio Entertainment en The Walt Disney Studios no lykslein wurde, hoewol't se formeel noch apart faninoar besteane. The Walt Disney Studios binne lid fan 'e Motion Picture Association of America (MPAA).

The Walt Disney Studios
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor films, muzyk, toaniel
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1923
oprjochter Walt Disney
Roy O. Disney
mem The Walt Disney Company
dochters sjoch tekst
sifers
omset $8,4 miljard (2017)
winst $2,4 miljard (2017)
aktyf yn de hiele wrâld
offisjele webside
waltdisneystudios.com

Ta The Walt Disney Studios hearre de folgjende dochterûndernimmings:

Yn 2017 behellen The Walt Disney Studios in omset fan $8.379.000.000, mei de produksje fan films, muzykopnamen en toanielfoarstellings. Dêrmei waard in winst fan $2.355.000.000 makke.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.