Lucasfilm
Lucasfilm, eins Lucasfilm Ltd. LLC, is in Amerikaanske filmstudio en tillefyzjestudio dy't yn 1971 oprjochte waard troch filmmakker George Lucas en dy't nei him ferneamd is. It haadkantoar is fêstige yn San Francisco. Lucasfilm is it bekendst fan 'e Star Wars- en Indiana Jones-mediafranchises. Fia syn difyzje Industrial Light & Magic (ILM) is it bedriuw ek in pionier op it mêd fan special effects. Lucasfilm wie in selsstannige ûndernimming oant it yn 2012 foar de priis fan krapoan $6 miljard oernommen waard troch The Walt Disney Company. Sûnt makket it diel út fan 'e difyzje Walt Disney Studios.
Lucasfilm | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio, tillefyzjestudio | |
haadkertier | San Francisco (Kalifornje) | |
oprjochte | 1971 | |
oprjochter | George Lucas | |
mem | Walt Disney Studios | |
dochters | ● Industrial Light & Magic ● Skywalker Sound ● Lucasfilm Games ● Lucasfilm Animation | |
sifers | ||
aktyf yn | de Feriene Steaten | |
wurknimmers | 2.000 (2015) | |
tal lokaasjes | 6 | |
offisjele webside | ||
www.lucasfilm.com |
Skiednis
bewurkje seksjeLucasfilm waard yn 1971 oprjochte troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas en krige op 12 septimber 1977 syn hjoeddeistige bedriuwsfoarm as Lucasfilm Ltd. Mids 1970-er jierren wie it bedriuw fêstige yn in pakhûs yn 'e Los Angelynske wyk Van Nuys, dat Lucas hierde fan Universal Films. De earste film dy't Lucasfilm produsearre wie American Graffiti yn 1973. Dêr wie in budget fan $777.000 foar beskikber, en de film brocht $140 miljoen op. Lucasfilm waard wrâldferneamd mei de science fiction-film Star Wars, út 1977, dy't letter mei weromwurkjende krêft omneamd waard ta Star Wars: Episode IV – A New Hope. Dy brocht $775,8 miljoen op tsjin in budget fan $11 miljoen, en wûn sân Oscars en in Golden Globe.
Lucas rjochte datselde jiers de Star Wars Corporation, Inc. op as in earste dochterûndernimming fan Lucasfilm, om 'e ferskate juridyske en finansjele aspekten fan Star Wars te behearen, wêrûnder de rjochten op it meitsjen fan ferfolchfilms en de lisinsjerjochten foar merchandising. Yn 1978 naam er fêstgoedspesjalist Charles Weber yn 'e earm om Lucasfilm foar him te bestjoeren, sadat er him sels mear talizze koe op it meitsjen fan films. Weber gie lykwols mei de studio in hiel oare kant út as Lucas woe: it management woeks yn grutte oan, wylst der minder jild en oandacht nei de eigentlik produksje fan films gie. Dêrop ûntsloech Lucas yn 1980 Weber en de helte fan 'e ûnderwilens 100 wurknimmers. Datselde jiers gie de Star Wars Corporation wer yn Lucasfilm op.
Yn 1980 kaam Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back út, it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Yn 1983 folge it trêde diel, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Dêrnei besleat Lucas om ôf te sjen fan fierdere Star Wars-films, mei't de stress fan it beävensearjen fan sokke grutte projekten in negative ynfloed op syn sûnens hie. Tusken 1981 en 1989 kamen de earste trije Indiana Jones-films út. Oare grutte films dy't Lucasfilm yn 'e 1980-er jierren produsearre, wiene Labyrinth, fan poppespiler Jim Henson, en Howard the Duck, fan Marvel Comics, beide yn 1986, en de fantasyfilm Willow, yn 1988.
Yn 'e iere 1990-er jierren besleat Lucas om dochs wer mei Star Wars fierder te gean, mei't de foarútgong op it mêd fan special effects it meitsjen fan 'e films sa't se him foar eagen stiene, mooglik makke hie. Hy begûn mei it folslein remasterjen fan 'e trije dielen fan 'e oarspronklike trilogy, dy't yn 1997 op 'e nij útbrocht waarden. Dêrnei gied er fierder mei de Star Wars-prequeltrilogy, wêrfan't it earste diel, Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, yn 1999 útkaam. De beide oare film folgen yn 2002 en 2005. Hoewol't Lucas oarspronklik in "trilogy fan trilogyen" foar eagen stien hie, besleat er der nei de sechsde film op 'e nij mei op te hâlden. Ynstee makke er in fjirde Indiana Jones-film en, fia dochterûndernimming Lucasfilm Animation, in lange tekenfilm oer Star Wars, dy't allebeide yn 2008 yn 'e bioskoop kamen. Underwilens wiene yn 'e 1980-er jierren en yn 'e 2000-er jierren ek ferskate tekenfilmsearjes yn it ramt fan Star Wars produsearre.
Yn jannewaris 2012 makke Lucasfilm bekend dat Lucas foargoed opholden wie mei it meitsjen fan grutte filmprojekten, en dat er him tenei allinnich noch mar dwaande hâlde soe mei lytse ûnôfhinklike films. Kathleen Kennedy, dy't jierrenlang mei Lucas syn freon Steven Spielberg gearwurke hie en ek as filmprodusinte fan 'e Indiana Jones-films fungearre hie, naam it wurk fan Lucas foar in grut part oer. Hja soene teminsten ien jier mei syn beiden as algemien direkteur fan Lucasfilm oparbeidzje, wêrnei't Lucas ôftrede en Kennedy him opfolgje soe. Dat krige yn juny 2013 syn beslach. Op 8 july 2012 waard it haadkantoar fan Lucasfilm ferhuze nei it nije Letterman Digital Arts Center yn it Presidio fan San Francisco. (Lucas hie eins fan doel west om al syn bedriuwen gear te bringen troch in útwreiding fan syn Skywalker Ranch op it plattelân fan Marin County, deunby San Francisco, mar seach dêrfan ôf nei't syn buorlju har dêrtsjin oankanten.)
Yn maaie 2011 knope Lucasfilm mei The Walt Disney Company ferkennende besprekkings oan oer de mooglikheid fan in oername fan 'e filmstudio troch Disney. Dat barde nei't Lucas in ynformeel petear hân hie mei Bob Iger, de algemien direkteur fan Disney, dy't er troffen hie by de iepening fan Star Tours, in attraksje mei in Star Wars-tema yn ferdivedaasjepark Disneyland. Dêrby hied er ferteld dat er neitocht oer syn pinsjonearring. Op 30 oktober 2012 waard bekendmakke dat Lucasfilm en Disney ta oerienstimming kommen wiene: Disney soe Lucasfilm keapje foar $4.050.000 yn kontanten en nochris $1.855.000 yn oandielen. Mei de oername krige Disney Star Wars en Indiana Jones yn 'e hannen, twa fan 'e lukratyfste mediafranchises út 'e filmskiednis. Kathleen Kennedy gie mei oer nei Disney en bleau oan it haad te stean fan Lucasfilm, dat no in dochterûndernimming waard, dy't ûnderbrocht waard by de difyzje Walt Disney Studios.
Under it bewâld fan Disney waard daliks úteinset mei de produksje fan nije Star Wars-films, wat resultearre yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en ferskate op harsels steande films. Ek waarden der nije tekenfilmsearjes yn it ramt fan Star Wars produsearre en yn 2019 waarden de earste ôfleverings fan The Mandalorian, de earste live-actiontillefyzjesearje fan Star Wars, publisearre fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney.
Bedriuwsopbou
bewurkje seksje- Lucasfilm
- Industrial Light & Magic (ILM) – special effects
- Lucasfilm Animation – tekenfilms en tekenfilmsearjes
- Lucasfilm Games – fideospultsjes
- Lucas Licensing – lisinsjeferliening en merchandising
- Lucas Books – ymprint fan Del Rey Books ûnder lisinsje fan Lucasfilm
- Lucasfilm Story Group – ûntwikkeling en preproduksje
- Skywalker Sound – lûdsmixing yn postproduksje
Films
bewurkje seksjeSpylfilms
bewurkje seksje
Tillefyzjefilms
bewurkje seksje
Dokumintêres
bewurkje seksje
Tillefyzjesearjes
bewurkje seksjeTekenfilmsearjes
bewurkje seksje
Live-actiontillefyzjesearjes
bewurkje seksje
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|