Star Wars: Episode VII – The Force Awakens

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens is in Amerikaanske science fiction-film út 2015 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy en it sânde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is gronologysk it ferfolch op Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi út 1983, hoewol't de lêst makke foargeande film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wie, it lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Star Wars: Episode VII – The Foce Awakens wie de earste Star Wars-film dêr't Star Wars-betinker George Lucas net by belutsen wie. De film waard regissearre troch J.J. Abrams mei yn 'e haadrollen Daisy Ridley, John Boyega en Adam Driver. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VII – De Krêft Untwekket".

Star Wars: Episode VII
The Force Awakens
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur J.J. Abrams
produsint Kathleen Kennedy
J.J. Abrams
Bryan Burk
senario Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
basearre op Star Wars fan George Lucas
kamerarezjy Dan Mindel
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
Bad Robot Productions
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Daisey Ridley
John Boyega
Adam Driver
byrollen Harrison Ford
Peter Mayhew
Oscar Isaac
Carrie Fisher
Lupita Nyong'o
Mark Hamill
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 desimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $306 miljoen
opbringst $2.069,5 miljoen
prizen Grammy Award
BAFTA
Saturn Award
Empire Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode III –
   Revenge of the Sith
● folgjend diel Star Wars: Episode VIII – The
   Last Jedi

De film spilet tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Ut 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk is de Earste Oarder opstien, dy't in nije diktatuer besiket te fêstigjen yn it Stjerrestelsel. Ferskate helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch en lieders fan it âlde Rebelleferbûn hawwe it Ferset oprjochte om dat tsjin te kearen. Luke Skywalker, de lêste Jedi, is lykwols weiwurden, en it Ferset is iverich nei him op 'e siik om him foar de nije striid te rekrutearjen. De Earste Oarder is dêrfan op 'e hichte en wol dy syktocht dwerseidzje. Op 'e planeet Jakku reitsje de rommelsykster Rey, de fersetspiloat Poe Dameron en syn robot BB-8 en de desertearre stoarmtroeper Finn behelle yn 'e syktocht en de nije boargeroarloch.

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't in protte resinsinten en bioskoopgongers it beskôgen as in remake fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). De film ûntjoech him yn 'e bioskopen lykwols ta in aldertreflikst kommersjeel súkses. It wie de meast opbringende film fan 2015. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard nominearre foar fiif Oscars, mar wûn net ien. De film wûn wol in Grammy Award, in BAFTA, acht Saturn Awards, fiif Empire Awards en ferskate oare prizen. It twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy kaam yn 2017 yn 'e bioskoop ûnder de titel Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi.

Plot bewurkje seksje

Hast tritich jier nei't it Rebelleferbûn de Galaktyske Boargeroarloch wûn en it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle, is út 'e restanten fan it Keizerryk de Earste Oarder gearklofte. Hoewol't dat in ekstremistyske organisaasje is dy't nearne foar tebekskrillet, mei as doel om 'e Nije Republyk te beëinigjen, wegeret de Galaktyske Senaat it as in serieuze bedriging te sjen. Ferskate âlde lieders fan it Rebelleferbûn en helden út 'e Galaktyske Boargeroarloch, ûnder wa generaal Leia Organa, hawwe dêrom it Ferset oprjochte, dat de striid mei de Earste Oarder oanbynt. Underwilens is Leia har twillingbroer Luke Skywalker, de lêste Jedi, weiwurden. It Ferset is der alles oan gelegen om Luke te finen, mei't it ferlet hat fan syn stipe om 'e Earste Oarder te ferslaan.

Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Poe Dameron, de bêste piloat fan it Ferset, in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan Luke Skywalker op fermeld stiet. De Earste Oarder sit Dameron lykwols op 'e hakken, en foar't er mei de stjerrekaart fuortkomme kin, wurdt de delsetting dêr't Tekka wennet, oerfallen troch in ienheid stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma en de Sith-ridder Kylo Ren. Wylst Kylo persoanlik Tekka deadet en de stoarmtroepers befel jout it hiele doarp ôf te slachtsjen, ferberget Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn syn bolfoarmige robot BB-8, wêrnei't er dy fuortstjoert ear't er sels finzen nommen en ôffierd wurdt.

By in tsjerkhôf fan romteskippen midden yn 'e woastyn, in oerbliuwsel is fan 'e Slach by Jakku, it lêste grutte treffen tusken it Galaktysk Keizerryk en it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch, moetet BB-8 de rommelsykster Rey. Dyselde is op Jakku opgroeid en wegeret de planeet te ferlitten om't se tsjin betterwitten yn hopet op 'e weromkear fan har âlden, dy't yn in romteskip ôfset binne doe't se noch in lyts famke wie, en har dêrby efterlitten hawwe. Werom op in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder wurdt Dameron martele om te witten te kommen wêr't de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker bedarre is. Hy wegeret en doch de mûle iepen, mar troch de Krêft te brûken wit Kylo Ren neitiid dochs oan 'e weet te kommen dat er de ynformaasje oan BB-8 jûn hat.

Underwilens is ien fan 'e stoarmtroepers, FN-2187, ûntset oer it bloedbad dat syn maten yn it doarp op Jakku oanrjochte hawwe. Hy beslút te desertearjen, mar hat dêrfoar ferlet fan in piloat. Dêrom befrijt er Dameron, dy't him de namme 'Finn' jout. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft. Hy ûntdocht him fan syn wite stoarmtroeperwapenris en klaait him yn in jas fan Dameron, wêrnei't er in paad troch de woastyn siket om úteinlik út te kommen by de Foarpost Niima, deunby it romteskiptsjerkhôf.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dêre komt Finn Rey en BB-8 tsjin. De robot ken syn jas werom as Dameron sines, en Finn leit út dat Dameron dea is. Hy hâldt út dat er sels in lid fan it Ferset is. Mei't er de wyt-mei-oranje bolfoarmige robot weromken út 'e ferhalen fan Dameron, beseft er dat BB-8 de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker befetsje moat. Hy biedt oan om BB-8 werom te bringen nei it Ferset, benammen om't er sels in manear siket om fan 'e planeet ôf te kommen. As de Foarpost Niima út 'e loft wei besketten wurdt troch in twatal TIE-jagers dy't Finn syn oanwêzigens dêr fêststeld hawwe, stelle hy, Rey en BB-8 in âld romteskip fan it pleatslike ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt. Dat skip blykt de Millennium Falcon te wêzen, it legindaryske romteskip fan smokkelder en held fan it Rebelleferbûn Han Solo.

Rey is in earsten piloat en wit mei Finn as boardskutter nei in spektakulêre efterfolging mei de TIE-jagers ôf te weven. Dêrnei ferlitte se de planeet Jakku om BB-8 werom te bringen by it Ferset, dat in basis hat op 'e planeet D'Qar, yn it planetestelsel Ileenium. Se binne lykwols noch mar kwealk fan Jakku ôf as de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen. De Millennium Falcon is fan harren stellen om dêrnei troch ferskate hannen te gean en úteinlik by Unkar Plutt te bedarjen. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, oant se him fertelle oer de ynformaasje dy't de robot befettet.

Ear't Solo beslute kin wat er no sil, wurdt it frachtskip intere troch twa ûnderskate groepen kriminelen, de Guavyske Deadsbinde fan Bala-Tik en de Kanjiklub fan Tasu Leech. Solo is jild skuldich oan allebeide, en se wolle dat er no ôfbetellet. Solo hat it jild lykwols stutsen yn 'e oankeap fan trije seldsume rathtars, gefaarlike, meunsterlike wêzens dy't er ôfleverje sil by kening Prana. As se foar it ferstân krije dat er it jild net beskikber hat, beslute de kriminelen der genoegen mei te nimmen om Solo dea te meitsjen. Rey besiket te helpen troch koartsluting te feroarsaakjen, mei as doel om 'e needdoarren tichtgean te litten en de kriminelen sa bûten te sluten. Ynstee geane lykwols de doarren iepen dêr't de rathtars efter finzen holden wurde. De meunsters falle de kriminelen oan en lûke dêrby in spoar fan dea en ferdjer troch it frachtskip. Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 pike ûnderwilens út yn 'e Millennium Falcon.

Kylo Ren en syn manskippen binne yn 'e tuskentiid weromkeard nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder. Dat is in planeet dy't omboud is ta in Deadsstjer-eftich massaferneatigingswapen, mar dan op folle gruttere skaal. As generaal Hux, de kommandant fan 'e basis, en Kylo foar in yn holografyske foarm oanwêzige opperste lieder Snoke komme moatte, de stifter fan 'e Earste Oarder, jout dyselde oan Hux befel om te risselwearjen foar it earste ynsetten fan 'e Stjerredeaderbasis tsjin 'e Nije Republyk. Snoke befreget it fermogen fan Kylo om syn gefoelens oangeande syn heit lytsman te krijen, mar Kylo hâldt út dat Han Solo neat foar him betsjut.

Oan board fan 'e Millennium Falcon lit BB-8 de oaren foar it earst de stjerrekaart sjen dy't Dameron him jûn hat. Solo stelt fêst dat it mar in diel fan in gruttere kaart is en dêrom op himsels nutteleas. Oan Rey en Finn leit er út dat Luke Skywalker nei de oerwinning op it Galaktysk Keizerryk úteinset wie mei it wer opbouwen fan 'e Jedi Oarder. Mar doe't ien fan syn learlingen himsels ferliede liet ta de tsjustere kant fan de Krêft, de nije timpel ferneatige en syn mei-learlingen ôfslachte, rekkene Luke himsels dat bot oan en gied er yn selsopleine ballingskip.

Solo nimt Rey, Finn en BB-8 mei nei de planeet Takodana, dêr't er harren yn 'e kunde bringt mei Maz Kanata, in mear as tûzen jier âlde, bûtenierdske útbaatster fan in kroech yn 'e ruïne fan in âld kastiel. Hja hat konneksjes mei it Ferset en biedt oan om BB-8 te helpen en kear werom nei de fersetsbasis op D'Qar. Finn bychtet oan Rey op dat er gjin fersetsman is mar inkeld in deserteur. Hy makket plannen om op it skip fan guon besikers fan 'e kroech nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te reizgjen om dêr wei te wurden. Rey wurdt ûnderwilens troch de Krêft nei de kelder fan it gebou lutsen, dêr't se yn in berging de ljochtsabel fynt dy't foarhinne fan Luke wie, en noch earder fan Luke syn heit, Anakin Skywalker. Se ûndergiet ûntrêstgjende fizioenen út it ferline en de takomst, en as Maz har neitiid de ljochtsabel kado dwaan wol, rekket se yn panyk en flechtet se it omlizzende wâld yn. Maz jout it wapen dan ynstee oan Finn, om it troch te jaan oan Rey as hja der klear foar is.

Underwilens wurdt de skriklike ferneatigjende macht fan 'e Stjerredeaderbasis foar it earst yn 'e praktyk brocht as de Earste Oarder it hiele planetestelsel fan Hosnian-Primus ferdylget, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit is fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat. Dêrmei wurdt ek de float fan 'e Nije Republyk ferneatige, sadat it iennichste dat noch tusken de Earste Oarder en folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsle yn stiet, it Ferset is.

Fuort letter arrivearret Kylo Ren mei syn stoarmtroepers op Takodana, mei't de oankomst fan 'e Millennium Falcon dêre oan harren rapportearre is troch in spion, Bazine Netal, dy't as klant yn 'e kroech fan Maz Kanata tahâldt. De TIE-jagers fan 'e Earste Oarder meitsje de kastielruïne frijwol mei de grûn lyk, en nei in fjoergefjocht mei de Stoarmtroepers moatte Solo, Chewbacca, Finn en BB-8 harren oerjaan. Underwilens hat Kylo yn it wâld Rey opspoard en oermastere. Mei de Krêft wurdt er út har geast gewaar dat se de stjerrekaart sjoen hat dy't de Earste Oarder siket. Hy beslút dêrop dat se de robot net mear nedich binne. Poe Dameron, dy't by de needlâning op Jakku dochs net omkommen wie, liedt in oanfal fan X-wjukjagers fan it Ferset, dêr't de stoarmtroepers troch op 'e flecht jage wurde. Solo en de oaren witte frij te kommen, mar de bewusteleaze Rey wurdt troch Kylo yn syn romtefear ûntfierd, ta grutte argewaasje fan Finn, dy't it barren sjocht, mar net tsjinhâlde kin. As de kust feilich is, arrivearret op Takodana in frachtskip fan it Ferset, mei û.o. de androïde C-3PO en generaal Leia Organa. Solo en Leia wurde nei jierren fan ferfrjemding weriene en út harren petear komt oan it ljocht dat de ta it kwea ferfallen learling fan Luke Skywalker harren soan Ben Solo is, dy't himsels neitiid Kylo Ren begûn is te neamen.

As Rey by bewustwêzen komt, blykt se in finzene te wêzen yn 'e Stjerredeaderbasis. Kylo besiket troch telepaty de ynformaasje fan 'e stjerrekaart út har ûnthâld te heljen, mar oars as Poe Dameron earder wjerstiet Rey him. Krektoarsom, se begjint sýn tinzen te lêzen, wat him bot ûntrêstget en boppedat ta it besef bringt dat Rey tige sterk yn 'e Krêft is. Kylo rapportearret syn befinings oan Snoke, dy't him opdracht jout it fanke by him te bringen. Underwilens hat Rey krektlyk ûntdutsen dat se de Krêft brûke kin. Se ûntsnapt út har sel troch in ferstânstrúk yn te setten tsjin in stoarmtroeper dy't op wacht stiet.

Yn 'e fersetsbasis op D'Qar stjit BB-8 op in ynaktive R2-D2. C-3PO fertelt dat R2-D2 himsels yn 'e sliepstân set hat nei't Luke ferdwûn is. De lieders fan it Ferset riede ûnderwilens in militêre operaasje ta om 'e Stjerredeaderbasis te ferneatigjen foar't dy tsjin harren ynset wurde kin. Finn, dy't as stoarmtroeper yn 'e Stjerredeaderbasis tsjinne hat, wiist harren derop dat de termale ossilator it swakste punt fan 'e basis is. As se dy witte op te blazen, sil der in keatlingreäksje begjinne dy't de hiele planeet ferdylget. It probleem is allinnich dat de Stjerredeaderbasis omjûn wurdt troch in enerzjyskyld, sadat er foar de fersetslju ûnberikber is. Finn oppenearret dat er wit hoe't er it skyld útsette moat, mar dêrfoar moat er der earst trochhinne sjen te kommen. Han Solo seit dat er dêr wol in foefke foar hat, mar wol dêr fierder net oer útwreidzje. Leia, admiraal Ackbar, admiraal Statura en de oare lieders fan it Ferset, beslute ta it plan om Finn der mei Solo yn 'e Millennium Falcon op út te stjoeren om it enerzjyskyld út te setten, wêrnei't Dameron en de oare piloaten fan it Ferset de termale ossilator bombardearje sille.

Solo syn 'foefke' blykt te wêzen dat it enerzjyskyld fan 'e Stjerredeaderbasis inkeld foarwerpen tsjinkeart dy't har fuortbewege mei in legere faasje as dy fan it ljocht. Hy brûkt dus flugger-as-ljochtreizgjen om troch it skyld te kommen, wêrby't er de Millennium Falcon op in hier nei tsjin it oerflak fan 'e Stjerredeaderbasis oan pankoeket. Hy, Chewbacca en Finn oerlibje it nauwerneed, mar witte harren skip oan 'e grûn te setten. Se ynfiltrearje de eigentlike basis, dy't yn it binnenste fan 'e planeet boud is. Dêr docht bliken dat Finn liigd hat: hy wit net hoe't er it skyld útsette moat en hat inkeld sein fan al om't er Rey rêde woe. Solo beslút syn taflecht te nimmen ta brute krêft om it skyld út te krijen, dat hy en Chewbacca begjinne oeral eksplosiven te pleatsen. De finingrike Rey is ûnderwilens al hast by it oerflak fan 'e planeet, dat Solo-en-dy treffe har al gaueftich. Finn en Solo nimme kaptein Phasma finzen en twinge har om it enerzjyskyld út te setten; dêrnei kinne Dameron en de oare piloaten fan it Ferset de Stjerredeaderbasis oanfalle. It slagget harren lykwols net de termale ossilator slim genôch te skansearjen. Underwilens is de Earste Oarder noch mar minuten ferwidere fan it ynsetten fan it massaferneatigingswapen tsjin D'Qar.

Foar't er op dizze misje ôfsette, hat Leia tsjin Solo sein dat er harren soan, as er dy sjen mocht, mei werom nei hûs nimme moast. As Solo Kylo yndie rinnen sjocht, giet er him efternei en sprekt him oan op in brêge boppe in grutte, djippe skacht. Hy besiket him oer te heljen de tsjustere kant fan 'e Krêft yn 'e steek te litten en mei him te gean. Kylo seit dat er yn in freeslike twastriid stiet en freget syn heit om him te helpen ta in beslút te kommen. Solo seit dat er alles wol foar him dwaan wol. Dêrop trochboarret Kylo him mei syn ljochtsabel en betanket him foar syn help. Solo stekt de hân út en aait syn soan oer it gesicht foar't er dea fan 'e brêge trûdelet en yn 'e djipte falt. Chewbacca, dy't it hiele spul út 'e fierte wei sjoen hat, ûntstekt by de dea fan syn freon yn in skriklike razernij. Hy sjit Kylo yn 'e heup, deadet ferskate stoarmtroepers en bringt dan de eksplosiven ta ûntploffing, wêrmei't er in grut part fan 'e basis ferneatiget. Hysels en Finn en Rey witte mar nauwerneed nei it oerflak fan 'e planeet te ûntkommen. Troch de skea dy't Chewbacca oan 'e basis tabrocht hat, slagget it Dameron om mei syn X-wjukjager yn 'e termale ossilator troch te kringen en dy fan binnenút op te blazen, wêrmei't de totale ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis yn gong set wurdt.

Underweis werom nei de Millennium Falcon wurde Finn en Rey op it planeetoerflak yn in wintersk nullewâld opwachte troch de ferwûne Kylo Ren. Finn besiket him te befjochtsjen mei de ljochtsabel fan Luke Skywalker, mar Kylo slacht him bewusteleas. As er de Krêft brûkt om 'e ljochtsabel ta him te roppen, fljocht it wapen him lykwols roerdelings foarby nei de hân fan Rey, dy't efter him stiet. Der ûntjout him in nij duël, wêrby't Rey op ûnbeholpen wize de Krêft brûkt om Kylo te ferslaan. Foar't se him deadwaan kin, wurde se lykwols faninoar skaat troch in tawiidzjende kleau yn it oerflak fan 'e him útinoar ritende planeet. Generaal Hux rapportearret ûnderwilens de oansteande ferneatiging fan 'e basis oan opperste lieder Snoke, dy't him befellet om 'e basis te ûntromjen en Kylo Ren by him te bringen, sadat er syn training foltôgje kin. Chewbacca rêdt Rey en de noch altyd bewusteleaze Finn, en mei-inoar ûntsnappe se yn 'e Millennium Falcon fan 'e Stjerredeaderbasis. Wylst sy en de piloaten fan it Ferset útnaaie, ymplodearret efter harren de planeet mei de basis.

Werom op 'e fersetsbasis op D'Qar blike de ferwûnings fan Finn net libbensbedriigjend te wêzen. R2-D2 hellet himsels út 'e sliepstân en bringt oan it ljocht dat hy de rest fan 'e stjerrekaart hat. Troch dy mei de kaart fan BB-8 te kombinearjen, ûntdekt it Ferset dat Luke Skywalker himsels weromlutsen hat op in planeet dy't Ahch-To hjit. Net folle letter set Rey mei Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon ôf dêrhinne, útweaun troch Leia, Dameron, BB-8 en de oare leden fan it Ferset. Ahch-To blykt in oseaanplaneet te wêzen. Rey fynt Luke dêr op 'e top fan in ôfhandich rotseilantsje. As er him nei har ta draait, biedt se him stilswijend syn heite ljochtsabel oan.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Daisy Ridley.
 
John Boyega.
 
Adam Driver.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                      
Rey Daisey Ridley
Finn John Boyega
Kylo Ren Adam Driver


byrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
Han Solo Harrison Ford
Chewbacca Peter Mayhew en Joonas Suotamo
Poe Dameron Oscar Isaac
prinsesse Leia Organa Carrie Fisher
Maz Kanata Lupita Nyong'o
Luke Skywalker Mark Hamill (cameo)
BB-8 Dave Chapman en Brian Herring (poppespul) en Ben Schwartz en Bill Hader (lûd)
opperste lieder Snoke Andy Serkis
generaal Hux Domhnall Gleeson
kaptein Phasma Gwendoline Christie
Unkar Plutt Simon Pegg
Bala-Tik Brian Vernel
Lor San Tekka Max von Sydow
C-3PO Anthony Daniels
admiraal Ackbar Tim Rose (fysyk) en Erik Bauersfel (stim)
admiraal Statura Ken Leung
R2-D2 Jimmy Vee
Tasu Leech Yayan Ruhian
Razoo Qin-Fee Iko Uwais
dokter Kalonia Harriet Walter
Nien Nunb Mike Quinn (poppespul) en Kipsang Rotich (stim)
Obi-Wan Kenobi Ewan McGregor (stimcameo)
Temmin "Snap" Wexley Greg Grunberg
Teedo Kiran Shah
Jess "Testor" Pava Jessica Henwick
Wollivan Warwick Davis
Bazine Netal Anna Brewster
ofsier fan 'e Earste Oarder Hannah John-Kamen
ûnderofsier Thanisson Thomas Brodie-Sangster
ûnderofsier Unamo Kate Fleetwood
luitenant Kaydel Ko Connix Billie Lourd
Brance Emun Elliott
Korr Sella Maisie Richardson-Sellers
ridder fan Ren Mark Stanley
luitenant Mikata Sebastian Armesto
kolonel Kaplan Pip Torrens
kaptein Cypress Gerald W. Abrams
majoar Caluan Ematt Andrew Jack
de jonge Rey Cailey Fleming
Stoarmtroeper FN-2199 Liang Yang (fysyk) en David Acord (stim)
Stoarmtroeper #1 Daniel Craig (cameo)
Stoarmtroeper #2 Michael Giacchino (cameo)
Stoarmtroeper #3 Nigel Godrich (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Foarskiednis bewurkje seksje

Yn 't earstoan stie George Lucas, de betinker fan Star Wars, in "trilogy fan trilogyen" foar eagen, oftewol in filmsearje fan njoggen ûnderskate films, sa't er al yn 1978 fertelde yn in fraachpetear mei it tydskrift Time. Nei't er fan 1977 oant en mei 1983 de oarspronklike Star Wars-trilogy makke hie, besleat er lykwols en smyt it byltsje derby del, mei't de stress fan it beävensearjen fan sokke megaproduksjes bot negative gefolgen hie foar syn sûnens (sa wied er oanhelle rekke mei in fierstente hege bloeddruk).

Doe't yn 'e 1990-er jierren de foarútgong op it mêd fan special effects sadanich wie dat Lucas de films meitsje koe sa't se him oarspronklik foar eagen stien hiene, kaam er werom op syn eardere beslút. Nei't er yn 1997 de trije dielen fan 'e oarspronklike trilogy yn remastere foarm útbrocht hie, makke er fan 1999 oant en mei 2005 de Star Wars-prequeltrilogy. Op 'e nij foel it wurk him lykwols ôf, dat nei't it ôfslutende diel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith útkommen wie, makke er bekend dat er gjin live-actionfilms yn 'e Star Wars-rige mear meitsje soe. Ynstee makke er oare produksjes en yn 2008 de lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars.

 
Filmprodusinte Kathleen Kennedy, regisseur J.J. Abrams en senarioskriuwer Lawrence Kasdan by in parsekonferinsje op 'e San Diego Comic-Con fan 2015.

Tsjin 2011 tocht Lucas oan pinsjonearring en seach er om him hinne om syn filmstudio Lucasfilm oer te dwaan. The Walt Disney Company joech blyk fan belangstelling, en nei fiif moannen fan ûnderhannelings waard op 30 oktober 2012 bekendmakke dat Lucas syn studio oan Disney ferkocht foar $4.050.000 yn kontanten en nochris $1.855.000 yn oandielen.

Mei de oername krige Disney alle rjochten op Star Wars yn 'e hannen. Kathleen Kennedy, dy't Lucas tsjin dy tiid al opfolge wie as studiobaas by Lucasfilm, gie mei oer nei Disney en behold har funksje yn wat no in dochterûndernimming fan Disney wie, dy't ûnderbrocht waard by de difyzje Walt Disney Studios. Mei't Star Wars ien fan 'e lukratyfske mediafranchises út 'e filmskiednis is, sette Disney fuortendaliks útein mei risselwaasjes foar in nije rige Star Wars-films: de Star Wars-ferfolchtrilogy, wêrmei't Lucas syn oarspronklike idee fan in 'trilogy fan trilogyen' dochs noch útkaam.

Preproduksje bewurkje seksje

Mei syn studio Lucasfilm hie George Lucas ek syn ideeën foar de ferfolchtrilogy oan Disney oerdien, dy't er jierren earder al yn grutte halen útwurke hie. Sadwaande wied er as 'kreätyf konsultant' by de iere preproduksje fan 'e ferfolchtrilogy belutsen. De treatments dy't Lucas skreaun hie, waarden inkeld lêzen troch Kathleen Kennedy, as haad fan Lucasfilm, en troch Bob Iger, Alan F. Horn en Kevin A. Mayer, dy't heechpleatste funksjes by Disney beklaaiden. Nei't Disney besleat om 'e ideeën fan Lucas oan 'e kant te lizzen en mei it ferhaal foar de ferfolchtrilogy in hiel oare kant út te gean, wie Lucas fierder net mear by it produksjeproses belutsen. Lucas syn soan Jett sei tsjin 'e Britske krante The Guardian dat syn heit him "tige ferskuord" fielde oer de ferkeap fan 'e rjochten en it loslitte moatten fan syn geastesbern Star Wars.

It senario foar Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, dat it earste diel fan 'e ferfolchtrilogy wurde moast, waard yn earste ynstânsje skreaun troch Michael Arndt. Dyselde besocht ferskate kearen om Luke Skywalker earne midden yn 'e film te yntrodusearjen, mar murk dat it personaazje fan dat punt ôf eltse kear it skript oernaam, yn sa'n mjitte dat it lot fan 'e nije haadpersoanen jin dan net mear deare koe. Dêrom besleat er úteinlik om Luke pas yn 'e lêste sêne op te fieren. Arndt wurke acht moannen oan it skript, mar sei dat er noch oardel jier dêropta nedich wie om it goed út te wurkjen. Dat wie mear tiid as Disney oan 'e preproduksje besteegje woe. Dat op 24 oktober 2013 waard Arndt ûntslein. Syn wurk waard oernommen troch Lawrence Kasdan, dy't ek as senarioskriuwer oan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy meiwurke hie, en J.J. Abrams, dy't ûnderwilens nei in suggestje fan Steven Spielberg oan Kathleen Kennedy as regisseur fan 'e film oansteld wie.

Produksje bewurkje seksje

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard neitiid yndie makke ûnder rezjy fan J.J. Abrams. Foar it senario waarden Arndt, Kasdan en Abrams alle trije op 'e ôftiteling fermeld. As produsinten wiene Kathleen Kennedy, Abrams en Bryan Burk by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lucasfilm en Bad Robot Productions. Foar Star Wars: Episode VII – The Force Awakens stelde The Walt Disney Company in budget beskikber fan $306 miljoen, wêrmei't it ien fan 'e djoerste films wie dy't ea makke wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Mindel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams, dy't ek de soundtrack fan 'e seis foargeande Star Wars-films berêden hie.

 
De cast fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens by in parsekonferinsje op 'e San Diego Comic-Con fan 2015. F.l.n.rj.: John Boyega, Daisy Ridley, Oscar Isaac, Adam Driver, Domhnall Gleeson, Gwendoline Christie, Carrie Fisher, Mark Hamill en Harrison Ford.

Casting bewurkje seksje

De measte personaazjes yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens dy't ek yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy foarkamen, waarden troch deselde akteurs spile dy't de rollen fjirtich jier earder fertolke hiene. Under dyselden wiene Harrison Ford as Han Solo, Carrie Fisher as Leia Organa, Mark Hamill as Luke Skywalker en Anthony Daniels as C-3PO. Peter Mayhew kearde werom yn 'e rol fan Chewbacca, mar troch oanboazjende sûnensswierrichheden moast er yn ferskate aksjesênes ferfongen wurde troch akteur Joonas Suotamo (dy't de rol foar de folgjende film hielendal oernimme soe) en body double Ian Whyte. Krektsa wie de Ingelske akteur Kenny Baker te âld en krebintich wurden foar de rol fan R2-D2, dy't dêrom oernommen waard troch Jimmy Vee. Baker waard op 'e ôftiteling fermeld as 'konsultant' foar R2-D2.

Foar de nije rollen waarden iepen audysjes holden. Daisy Ridley (as Rey), John Boyega (as Finn) en Adam Driver (as Kylo Ren) kamen as winners út 'e bus. Denis Lawson, dy't de rol fan Wedge Antilles krije kinnen hie, betanke foar de ear, mei't it him (yn syn eigen wurden) "ferfeeld" hawwe soe om dy rol nochris spylje te moatten. Wedge Antilles waard dêrom út it senario skreaun en ferfongen troch it nije personaazje Poe Dameron, spile troch Oscar Isaac.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Star Wars: Episode VII – The Force Awakens setten op 16 maaie 2014 útein en duorren oant en mei 3 novimber fan dat jier. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire, dêr't akteur Harrison Ford syn ankel briek doe't der in hydraulykske doar op him foel op in set fan 'e Millennium Falcon. De Health and Safety Executive (de Britske arbotsjinst) tsjinne yn ferbân mei dat foarfal fjouwer formele oankachten yn tsjin Foodles Production (UK) Ltd, in Ingelske dochterûndernimming fan Disney. It bedriuw bekende skuld en betelle yn oktober 2016 in boete ter wearde fan $1.950.000. Regisseur J.J. Abrams rûn by itselde ynsidint in brutsen draaibonke yn 'e rêch op doe't er Ford fan 'e swiere doar besocht te befrijen, mar dat hold er mear as in moanne lang stil.

 
De Rub' al-Chali-woastyn om 'e oäze Liwa hinne yn 'e Feriene Arabyske Emiraten giet yn 'e film troch foar de planeet Jakku.

De hangaars fan 'e eardere Britske loftmachtbasis RAF Greenham Common, yn Berkshire, waarden ynset as romte foar ferskate filmsets mei romteskippen. De sênes op Jakku waarden filme yn 'e Rub' al-Chali-woastyn op it Arabysk Skiereilân, yn 'e neite fan 'e oäze Liwa, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. De einsêne fan 'e film, wêryn't Rey Luke Skywalker weromfynt op in eilantsje op 'e oseaanplaneet Ahch-To, waard opnommen op it eilantsje Skellig Michael, foar de westkust fan it greefskip Kerry, yn Ierlân. Lânskipsbylden foar de planeet Takodana waarden opnommen yn it Marredistrikt, yn Kumbria, yn Noardwest-Ingelân. Oare lânskipsbylden waarden filme yn Iislân.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 14 desimber 2015 yn Los Angeles yn premiêre yn trije bioskopen tagelyk: it TCL Chinese Theatre, it El Capitan Theatre en it Dolby Theatre. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens iepene dêrnei op 18 desimber yn bioskopen ferspraat oer de hiele Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde ek op 18 desimber by platemaatskippij Walt Disney Records. De film kaam op 1 april 2016 beskikber as digitale download en waard op 5 april fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode VII – The Force Awakens oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film as "in prachtich, spannend, blier meitsjend, ferrassend en hertkloppings opwekjend aventoer." Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle joech de film 4 fan 4 stjerren en neamde him "it bêste Star Wars-ferfolch oant no ta en ien fan 'e bêste films fan 2015". Yn it tydskrift Variety skreau Justin Chang dat de film "genôch styl, feart, leafde en soarch [hat] om ûnwjersteanber te wêzen foar eltsenien dy't him ea as in fan [fan Star Wars] beskôge hat."

 
Op it Ierske eilantsje Skellig Michael waard de einsêne fan 'e film opnommen.

Yn 'e Britske krante The Daily Telegraph skreau Robbie Collin dat Star Wars: Episode VII – The Force Awakens "himsels ta doel stelt om Star Wars wekker te skodzjen en de searje wer yn ferbining te bringen mei syn omraak nei lange ferline". Dêr heakke er oan ta dat it "faaks de grutste opluchting fan it filmjier" wie dat "[de film] dat fuortendaliks en op bliermeitsjende wize berikt". In oare Britske filmkritikus, Peter Bradshaw fan The Guardian, skreau dat de film "sawol in ferheljende folgjende stap fan 'e eardere trije films" wie, "as in op slûchslimme wize makke, leafdefolle […] reboot". Hy fûn de film "healwiis en melodramatysk en sentiminteel, mar spannend en brûzend mei enerzjy en syn eigen soarte rynskens."

Yn it blêd Forbes priizge Scott Mendelson de produksjewearden en it "sterke gefoel foar skaal en oersjoch" dat Star Wars: Episode VII – The Force Awakens hie. Mar hy fûn dat de film yn sa'n hege mjitte "in oefening yn fanbetsjinning is", dat it inkeld oan 'e kwaliteiten fan regisseur J.J. Abrams en akteurs Daisy Ridley, John Boyega en Adam Driver te tankjen wie dat "it [ynkoherinte] ferhaal de film net regelrjocht om hals bringt."

Ferskate resinsinten hiene lykwols krityk op Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, om't se de film net orizjineel genôch fûnen. Sa waard gauris oppenearre dat de film winliken neat oars wie as in remake fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). Party fan harren fûn dat gjin beswier, lykas Stephanie Zacharek, dy't yn it tydskrift Time skreau dat regisseur J.J. Abrams "alles [levere hat] dat wy ferwachten, yn tsjinstelling ta dy dizenige merakels dêr't we net fan wisten dat we se hawwe woene." Op 'e webside RogerEbert.com beskuldige Gerardo Valero Star Wars: Episode VII – The Force Awakens lykwols fan it plagiarisearjen fan A New Hope en fan it taflecht sykjen yn nostalgy. Hy fûn dat de film "in weromkear nei it hielal [fan Star Wars] net rjochtfeardigje [koe] om't er útsoarte gjin eigen plot [hie]." Valero beoardiele de Star Wars: Episode VII – The Force Awakens fierders negatyf yn ferhâlding ta de troch George Lucas sels makke dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy.

George Lucas liet nei it sjen fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens witte net fan 'e film ûnder de yndruk te wêzen. Yn in fraachpetear mei sjoernalist Charlie Rose op 24 desimber 2015 utere er krityk op wat er "it retrogefoel" fan 'e nije film neamde. Hy sei: "Ik haw altyd tige hurd bodde om [myn films] folslein ferskillend te meitsjen, mei hieltyd weer oare planeten, oare romteskippen – snapst wol, om alles wer nij te meitsjen." Oangeande Star Wars: Episode VII – The Force Awakens stelde er ienfâldichwei fêst: "Der is neat nijs." Regisseur J.J. Abrams ferwarde him dêr yn 2016 tsjin troch te sizzen dat er in ferbining lizze wolle hie mei de films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Hy erkende letter dat de film op ferskate punten better kinnen hie en ûntskuldige him foar inkele ûnfolsleinheden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode VII – The Force Awakens in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 445 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sit fol mei aksje en wurdt befolke troch sawol bekende gesichten as nijynkommelingen; dêrmei ropt The Force Awakens mei súkses de eardere gloarje fan 'e searje op wylst er dy tagelyk ynjektearret mei nije enerzjy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode VII – The Force Awakens in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 55 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $936,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.132,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $2.069,5 miljoen, oftewol krapoan $2,1 miljard. Ofset tsjin it budget fan $306 miljoen betsjut dat in winst fan $1.763,5 miljoen, hoewol't dêr de (perfoarst mânske) marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Wars: Episode VII – The Force Awakens de meast opbringende film fan 2015, de meast opbringende film aller tiden yn Noard-Amearika en de op twa nei meast opbringende film aller tiden wrâldwiid (nei Avatar en Titanic). Neffens it online-tydskrift Deadline Hollywood soe de skjinne winst foar Disney $780,1 miljoen bedroegen hawwe.

Prizen bewurkje seksje

Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard yn 2016 nominearre foar 5 Oscars, yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste fisuele effekten. Dy giene lykwols allegearre nei oare gadingmakkers. De filmmuzyk fan John Williams wûn de Grammy Award yn 'e kategory bêste soundtrack foar fisuele media, en waard teffens nominearre foar in American Music Award foar bêste soundtrack. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûd en bêste produksje-ûntwerp. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens wûn de BAFTA foar bêste fisuele effekten.

By de Saturn Awards waard de film nominearre foar 15 prizen yn 13 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (John Boyega), bêste aktrise (Daisy Ridley), bêste byrol fan in aktrise (sawol Carrie Fisher as Lupita Nyong'o), bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens wûn 8 Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste akteur (Harrison Ford), bêste byrol fan in akteur (Adam Driver), bêste senario, bêste filmmuzyk, bêste filmmontaazje, bêste fisazjy en bêste special effects.

By de Britske Empire Awards waard de film nominearre yn 9 kategoryen en wûn er de prizen foar bêste science fiction- of fantasyfilm, bêste regisseur, bêste manlike nijynkommeling (John Boyega), bêste froulike nijynkommeling (Daisy Ridley) en bêste fisuele effekten. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard fierders nominearre foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste film en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).

De film waard ek nominearre foar 11 MTV Movie Awards, wêrfan't er de prizen wûn foar film fan it jier, bêste trochbraakrol (Daisy Ridley) en bêste smjunt (Adam Driver); foar 7 Teen Choice Awards, wêrfan't er de prizen wûn foar favorite filmsmjunt (Adam Driver) en favorite trochbraakstjer (Daisy Ridley); en foar 4 Nickelodeon Kids' Choice Awards, wêrfan't er de priis wûn foar favorite film. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens wûn ek de priis foar bêste fisuele effekten op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)