De Krêft
De Krêft (Ingelsk: the Force) is yn 'e Star Wars-franchise in fiktive metafysyske en rûnombywêzige enerzjy. It is in mystyk ferskynsel, dat in protte wei hat fan in godheid, mar mar skynber apersoneel is. It begryp waard yn 1976 yntrodusearre yn 'e ferboeking fan 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Yn dy film, dy't yn 1977 útkaam, wurdt de Krêft omskreaun as "in enerzjyfjild skepen troch alle libbene wêzens […, dat] it Stjerrestelsel gearbynt."
De Krêft kin manipulearre wurde kin troch lju dy't 'Krêft-gefoelich' binne. Der wurdt datoangeande ek wol fan immen sein dat dy persoan 'sterk yn 'e Krêft' is. Dat wol sizze dat hy of sy talint hat foar it manipulearjen fan 'e Krêft. Troch training en meditaasje kinne dyjingen dy't dêrta bejeftige binne, fermogens bemachtigje dy't boppenatuerlik lykje, wêrûnder telekineze, telepaty, foarkennis en de manipulaasje fan fysike enerzjy. Guon lju mei sokke fermogens kinne har ek nei harren ferstjerren noch manifestearje as in geast yn 'e Krêft, en op dy wize ynteraksje hawwe mei de libbenen.
Brûkers fan 'e Krêft binne mar tige minmachtich yn ferhâlding ta de folsleine befolking. De Krêft is it wichtichste ark èn wapen fan twa ridderoarders dy't sûnt minskewitten mei-inoar yn konflikt binne. Dat binne de Jedi, dy't fungearje as bewekkers fan 'e frede yn 'e Galaktyske Republyk en de ljochte kant fan 'e Krêft brûke foar selsferdigening en arbitraazje, en de Sith, dy't de tsjustere kant fan 'e Krêft ynsette foar harren persoanlike doelen en it fersprieden fan eangstme en agresje.
De Krêft is wol ferlike mei eleminten út echte religyen, wêrby't de klam ornaris lein wurdt op it skerpe ûnderskie tusken goed en kwea. Saakkundigen hawwe fêststeld dat it datoangeande in protte liket op dualistyske religyen lykas it soroästrisme en ek op it prinsipe fan yin en yang út it Sineesk universalisme en it taoïsme. De grutte populariteit fan 'e Star Wars-franchise hat makke dat 'de Krêft', almeast yn 'e Ingelsktalige foarm the Force, wrâldwiid in bekend begryp wurden is. De groet út 'e Star Wars-films "Mei de Krêft mei dy wêze" (May the Force be with you) is tsjintwurdich ûnderdiel fan 'e popkultuer en, benammen yn it Ingelsk, ek fan 'e sprektaal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |