The Acolyte (telefyzjesearje)
The Acolyte, of Star Wars: The Acolyte, is in oankommende Amerikaanske minysearje dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje heart ta de sjenres fan science fiction, fantasy, aksje en aventoer. De titel betsjut "De Akolyt" (in akolyt is in soarte fan learling). Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars spilet de searje likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De ferwachting is dat The Acolyte yn 'e rin fan 2024 beskikber komme sil fia de streamingtsjinst Disney+.
The Acolyte | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
betocht troch | Leslye Headland | |
ûntwikkele troch | Leslye Headland Rayne Roberts | |
produsint | Rayne Roberts Damian Anderson | |
útfierend produsint |
Leslye Headland Kathleen Kennedy Simon Emanuel Jeff F. King Jason Micallef | |
regisseur(s) | Leslye Headland Alex García López Kogonada | |
senario | Leslye Headland Charmaine DeGraté Cameron Squires | |
basearre op | Star Wars fan George Lucas | |
kamerarezjy | James Friend | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm | |
distribúsje | Disney Platform Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Amandla Stenberg Lee Jung-jae Carrie-Anne Moss | |
skaaimerken | ||
foarm | live-action-minysearje | |
sjenre | science fiction, fantasy, aksje, aventoer | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 2024 | |
tal ôfl. | 8 | |
lân/lannen | ![]() | |
taal | Ingelsk (ek guon fiktive talen) |
Untstean bewurkje seksje
By de premiêre fan 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, yn desimber 2019, waard senarioskriuwster foar tillefyzjesearjes Leslye Headland frege nei har ynteresse foar de Star Wars-franchise. Se antwurde dat se in grutte fan wie en dat se in protte ideeën foar fierdere films hie, oan 'e produksje wêrfan't se mei gragens meiwurkje wolle soe as se dêrfoar frege waard.
Neitiid naam Kathleen Kennedy, de algemien direktrise fan filmstudio Lucasfilm, kontakt mei har op foar in oriïntearjend petear. Tsjin april 2020 wie Headland as senarioskriuwster en produsinte ferbûn oan 'har eigen' live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise. Op 10 desimber fan dat jier makke Kennedy bekend dat it gie om in searje mei in froulike haadpersoan dy't spylje soe oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk. Ek waard de titel buorkundich makke, dy't The Acolyte wêze soe.
Produksje bewurkje seksje
The Acolyte waard ûntwikkele troch Leslye Headland en Rayne Roberts. Hja putten dêrfoar ynspiraasje út ferskate romans en fideospultsjes fan 'e Star Wars-franchise. Roberts en Damian Anderson wiene as tillefyzjeprodusinten by it projekt belutsen foar Lucasfilm. Yn 'e mande mei Kathleen Kennedy, Simon Emanuel, Jeff F. King en Jason Micallef hie Headland as útfierend produsinte it tafersjoch oer de hiele produksje. The Acolyte waard makke op basis fan senario's skreaun troch Headland, Charmaine DeGraté en Cameron Squires.
De opnamen foar The Acolyte setten op 30 oktober 2022 útein mei Headland, Alex García López en Kogonada as regisseurs fan elts ferskate ôfleverings, en mei James Friend as kameraregisseur. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Shinfield Studios yn it Ingelske greefskip Berkshire. In protte fan 'e bûtendoarsênes waarden dêr ek opnommen troch gebrûk te meitjsen fan 'e troch special effects-bedriuw Industrial Light & Magic foar de searje The Mandalorian ûntwikkele StageCraft-technology. (Dêrby wurde firtuele filmsets brûkt tsjin 'e eftergrûn fan in fideowand fan 360° om 'e setting fan 'e searje te kreëarjen.) Fan mids maart 2023 oant de ein fan dy moanne fûnen der bykommende opnamen op lokaasje plak op it Portegeeske eilân Madeara.
De distribúsje fan The Acolyte waard fersoarge troch Disney Platform Distribution. De searje sil de foarm fan in minysearje fan acht ôfleverings hawwe, dy't útbrocht wurde sille fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan Disney. It is (yn it foarjier fan 2023) de ferwachting dat The Acolyte yn 'e rin fan 2024 útkomme sil.
Utgongspunt fan 'e plot bewurkje seksje
The Acolyte spilet oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De haadpersoan is in út 'e Jedi Oarder stapte padawan, dy't weriene wurdt mei har eardere Jedi-master om in rige misdriuwen te ûndersykjen yn in wrâld dêr't âlde geheimen oan it ljocht komme en de tsjustere kant fan de Krêft him stadichoan iepenbieret. De machten dy't de beide haadpersoanen mei harren ûndersyk op it spoar komme, binne folle sinisterder as se ea tinke kinnen hiene.
Rolferdieling bewurkje seksje
Der is (yn it foarjier fan 2023) noch net in protte dúdlik oer de rolferdieling. Wol is bekend dat Amandla Stenberg de haadrol spylje sil. Oare rollen wurde fertolke troch Lee Jung-jae, Carrie-Anne Moss, Manny Jacinto, Dafne Keen, Jodie Turner-Smith, Rebecca Henderson, Charlie Barnett, Dean-Charles Chapman en Margarita Levieva.
Seizoenen bewurkje seksje
seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 8 | noch net bekend | noch net bekend | Disney+ |
Keppelings om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |