Disney+ (útspr. as "Disneyplus") is in Amerikaanske streamingtsjinst foar tillefyzje oer it ynternet, dêr't jin in abonnemint foar nimme moatte om der gebrûk fan te meitsjen. De tsjinst is eigendom fan The Walt Disney Company en makket ûnderdiel út fan 'e difyzje Disney Media & Entertainment Distribution. Disney+ waard yn 2019 oprjochte om 'e distribúsje fia it ynternet fan 'e produksjes fan The Walt Disney Company en syn ûnderskate dochterûndernimmings yn eigen hân te hâlden.

Disney+
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor streaming media
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 2019
eigner The Walt Disney Company
mem Disney Media & Entertainment
   Distribution
offisjele webside
disneyplus.com

Ynhâld bewurkje seksje

Disney+ is de streamingtsjinst dy't de distribúsje yn 'e foarm fan video on demand fersoarget fan produksjes fan The Walt Disney Studios en Walt Disney Television. Dêrûnder binne net inkeld filmstudio's as Walt Disney Pictures en de Walt Disney Animation Studios, mar ek de Pixar Animation Studios, de Blue Sky Studios, 20th Century Fox, de Marvel Studios (superheldefilms), Lucasfilm (Star Wars) en National Geographic (realitytillefyzje en dokumintêres). Yn 'e Feriene Steaten is Disney+ ien fan 'e trije grutte streamingtsjinsten dy't hielendal of foar in diel yn it besit binne fan Disney (de oare beide binne Hulu en ESPN+).

Skiednis bewurkje seksje

Disney+ makket gebrûk fan technology dy't ûntwurpen is troch Disney Streaming Services. Dat is in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company dy't oarspronklik yn 2015 ûntstie as BAMTech doe't er ôfspjalten waard fan MLB Advanced Media. Yn 2017 kocht Disney in mearderheidsbelang yn BAMTech, wêrnei't it bedriuw yn 2018 belutsen wie by de lansearring fan ESPN+ en yn 2019 by de oerienkomst fan Disney op it mêd fan streamingdistribúsje mei Netflix.

 
Beskikberens fan Disney+.
     beskikber
     beskikber as Disney+ Hotstar
     beskikberens oankundige

Underwilens hie Disney lykwols besletten dat it foardieliger wie om in eigen streamingtsjinst op te setten ynstee fan 'e eigen produksjes fia in Netflix oan te bieden. Sadwaande begûn BAMTech, dat ûnderwilens omneamd wie ta Disney Streaming Services, oan 'e tarieding foar in eigen streamingtsjinst, dy't Disney+ komme moast te hjitten. De produksje fan films en tillefyzjesearjes foar eksklusive distribúsje troch de nije tsjinst sette ein 2017 al útein.

Beskikberens bewurkje seksje

Disney+ begûn op 12 novimber 2019 yn 'e Feriene Steaten, Kanada en Nederlân mei it betsjinjen fan klanten, wêrnei't in wike letter Austraalje, Nij-Seelân en Porto Riko folgen. Yn maart 2020 sette de tsjinst ek útein yn Dútslân, Eastenryk, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Itaalje, Spanje en Switserlân, yn april folge troch de Kanaaleilannen, Man, Yndia, Monako en Frankryk en syn oerseeske gebietsdielen.

Yn juny 2020 kaam Disney+ ek beskikber yn Japan en yn septimber fan dat jier yn Belgje, Lúksemboarch, Portegal en de Skandinavyske lannen. Yn oktober sette de tsjinst útein yn Mauritsius, yn novimber yn hiel Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet (útsein Kuba), en yn 'e earste helte fan 2021 folgen Singapoer, Maleizje en Tailân. Letter yn itselde jier sil Disney+ ek beskikber komme yn Súd-Koreä, Taiwan, Hongkong, Makau, de Filipinen en East-Jeropa, en yn 2022 yn Fjetnam.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.