De Spesjale Bestjoerlike Regio Makau fan de Folksrepublyk Sina, meastentiids Makau of Makao (Portegeesk: Macau of Macao), is in lyts stêdseilân oan de súdlike kust fan de Folksrepublyk Sina. It leit 70 kilometer súdwestlik fan Hongkong en 145 kilometer fan Kanton. Makau bestiet út trije eilannen dy't mei brêgen en damen mei inoar ferbûn binne: it haadeilân Makau, it middelste eilân Taipa en it súdlikste eilân Koloane. Troch de Portegezen waard Makau yn 1557 stiften en is dêrmei de âldste Jeropeeske koloanje yn Sina. De Portegeeske regearing joech de soevereiniteit fan it gebiet oer oan de Folksrepublyk Sina yn 1999 en wurdt no bestjoerd as in spesjale bestjoerlike regio fan Sina. De memmetaal fan de ynwenners fan Makau is Kantoneesk.

Makau
澳门
Polityk
Lân Sina
Bestjoer Spesjale Bestjoerlike Regio Makau
Sifers
Ynwennertal 614.500 (2014)
Oerflak 31.3 km²
Befolkingsticht. 18.568 km²
Oar
Stifting 1557
Tiidsône UTC +8
Koördinaten 22°10' NB, 113°33' EL
Offisjele webside
www.gov.mo
Lizzing Makau yn Sina

Keppeling om utens

bewurkje seksje