It Portegeesk is in Romaanske taal dy’t yn grutte parten fan de wrâld sprutsen wurdt. Bygelyks yn Brazylje, Angoala en Mozambyk. De taal het likernôch 210 miljoen memmetaal sprekkers, noch ris 20 miljoen oare minsken binne de taal machtich. Mei in tal sprekkers fan 230 miljoen minsken is it Portegeesk de fjirde taal op de wrâld. De Portegeesk sprekkende lannen wurkje op it mêd fan taal gear yn de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.

Portegeesk
algemien
eigen namme Português
lânseigen yn Portegal, Brazylje, Lúksemboarch, Angoala, Mozambyk, Sao Tomee en Prinsyp, Guinee-Bissau, Ekwatoriaal-Guinee, East-Timor, Makau, Kaapverdje en noch inkele oare lannen.
tal sprekkers 230 miljoen
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten *Brazyliaansk
taalstatus
offisjele status Portegal, Brazylje, Lúksemboarch, Angoala, Mozambyk, Sao Tomee en Prinsyp, Guinee-Bissau, Ekwatoriaal-Guinee, East-Timor, Makau, Kaapverdje, Jeropeeske Uny, Feriene Naasjes, Afrikaanske Uny en noch inkele oare lannen.
taalkoades
ISO 639-1 pt
ISO 639-2 por
ISO 639-3 por
Gebieten dêr't it Portegeesk sprutsen wurdt.

De taal is in offisjele taal yn de gearwurkingsferbannen fan de Jeropeeske Uny, de Mercosul, en de Mienskip fan Portegeesksprekkende lannen.

It Portegeesk yn Brazylje wykt of fan it Portegeesk yn oare lannen, net allinnich wat útspraak en idioom betsjut, mar ek de stavering is oars. Dit komt troch in staveringsherfoarming, it saneamde Acordo Ortográfico út 1990 (letter wizige yn 1998), dy’t ôfsprutsen is yn it gearwurkingsferbân fan Portugeesksprekkende lannen. Dochs is dizze herfoarming nea oeral trochfiert, omdat net alle lannen it ferdrach ratifiseare ha.

Lannen en gebieten wêr’t Portegeesk sprutsen wurdt

bewurkje seksje

As nasjonale taal

bewurkje seksje
  • Brazylje
  • Portegal

As offisjele taal

bewurkje seksje

As erkende minderheidstaal

bewurkje seksje

Sûnder foarm fan erkenning

bewurkje seksje
Portegeesk Brazyljaansk Italjaansk Spaansk (Frysk)
acção ação azione acción aksje
direcção direção direzione dirección rjochting
eléctrico elétrico elettrico eléctrico elektrysk
óptimo ótimo ottimo óptimo poerbêst, optimaal