De Afrikaanske Uny (koartsein AU) is in ynternasjonale organisaasje besteande út fjouwer-en-fyftich Afrikaanske lidsteaten. Stifte yn Durban yn july 2002, de AU wie in ferfanger foar de organisaasjes African Unity en de African Economic Community.

Flagge fan de Afrikaanske Uny

De AU hat ta doel, ien jildienheid yn te fieren en útein te setten mei in yntegrearre armee, lykas oare ynstitúsjes dy't in steat hat, ynklusyf in kabinet foar it AU Siktaris-Generaal. Dit hat ta doel it ferbetterjen fan feiligens foar de demokrasy op it kontinint, minskenrjochten, en waaksen fan de Afrikaanske ekonomy, troch it einigjen fan konflikten tusken beskate Afrikaanske lannen.

Alle Afrikaanske landen binne lid fan de Afrikaanske Uny

Neffens de grûnwet fan de Afrikaanske Uny, binne de wurktalen Arabysk, Ingelsk, Frânsk, Portegeesk en "as it heal kin" wurde oare Afrikaanske talen ek brûkt.[1] In wetsfoarstel ta feroaring fan de grûnwet dy't noch net brûkt wurdt (yn 2007) wie yn 2003 oannaam en makket it mooglik om Spaansk, Swahily en "oare Afrikaanske talen" as "offisjele taal" te brûken (ynstee fan "wurktaal").[2] Dochs duorret it oersetten fan dokuminten fan de AU lang en komme bytiden te let, dat sels it brûken fan de fjouwer wurktalen makket it dreech om it deistige wurk op 'e tiid dien te meitsjen.

De Afrikaanske Taal Akademy, stifte yn 2001, stimulearret it brûken en libben hâlden fan de Afrikaanske talen by it Afrikaanske folk.

Ferwizing nei boarne

bewurkje seksje
  1. Kêst 25, Grûnwet fan de Afrikaanske Uny.
  2. Kêst 11, Protokol ta feroaring fan de grûnwet fan de Afrikaanske Uny

Keppeling om utens

bewurkje seksje