Libearia
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Monrovia | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners (2005) | 3.283.000 | ||||
Munt | Liberian dollar (LRD) | ||||
Tiidsône | UTC GMT | ||||
Nasjonale feestdei | 26 july | ||||
Lânkoade | LR | ||||
Ynternet | .lr | ||||
Tillefoan | 231 |
Libearia is in lân yn West-Afrika. De haadstêd is Monrovia.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeLibearia wurdt begrinzge troch:
- Guinee yn it noarden;
- Sierra Leöane oan de westkant;
- de Atlantyske Oseaan yn it suden;
- Ivoarkust oan de eastkant.
Lânskip
bewurkje seksjeIt binnenlân fan Libearia is diels mei tropyske reinwâlden bedekt en bylâns de kust lizze savannen. Der hearsket in fochtich tropysk klimaat.
Skiednis
bewurkje seksjeLibearia is de âldste republyk fan Afrika en ûntstie yn 1822 troch de fêstiging fan frijlitten Amerikaanske slaven. It lân waard yn 1847 ûnôfhinklik mar bleau lang ferbûn mei de Feriene Steaten.
De boargerkriich dy't nei de fal fan de sûnt 1986 diktoriaal regearende presidint Doe losbarste duorre njoggen jier. De West Afrikaanske Ekonomyske Uny levere in fredesmacht, mar dizze luts him yn 2000 werom doe't ûnder presidint en eks-rebellelieder Charles Taylor it hieltyd wer ta bloederige gefjochten late.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeDe ynhiemske befolking fan Libearia bestiet yn totaal út 16 etnyske groepen dy't meiïnoar 95% fan it folk útmeitsje. Dizze groepen binne de Kpelle, Bassa, Gio, Kru, Grebo, Mandingo, Mano, Krahn, Gola, Gbandy, Loma, Kissy, Fay, en Bella). Net-ynhiemske groepen binne de Ameriko-Liberians 5% fan de befolking en blanken, benammen út Libanon. De Kpelle yn it sintrum en westen fan Libearia foarme de grutste etnyske groep.
Religy
bewurkje seksjeIt meastepart fan de Libearianen, goed 63% fan de befolking, is in oanhinger fan in natoerreligy. Yn grutte is it Kristendom mei 21% de twadde godstsjinst, dêr't 13,5% fan katolyk en 5,1% oars kristlik binne. De Moslims foarmje mei 16% de tredde godstsjinst.