al-djoemhoeriyya al-djaza'iriyya al-dimoeqratiyya al-sa'biyya
ⵟⴰⴳⴷⵓⴷⴰ ⵜⴰⵎⴻⴳⴷⴰⵢⵜ ⵜⴰⵖⴻⵔⴼⴰⵏⵜ ⵜⴰⵣⵣⴰⵢⵔⵉⵜ
Flagge fan Algerije
Flagge
Lokaasje fan Algerije
Offisjele taal Arabysk, Berbersk
Haadstêd Algiers
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.381.740 km²
-­%
Ynwenners (2005) 32,8 miljoen
Munt Algerijnske dinar (DZD)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 1 novimber (1954)dei fan de revolúsje
Lânkoade DZA
Ynternet .dz
Tillefoan 213

Algerije (Arabysk: الجزائر; Berbersk: Lz̦ayer), folút de Demokratyske Folksrepublyk Algerije, is in lân yn it noarden fan it wrâlddiel Afrika.

Geografy bewurkje seksje

Lizzing bewurkje seksje

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip bewurkje seksje

 
It Ahaggar-berchtme yn Súd-Algerije.

Algerije bestiet foar 85% út woastyn-gebieten, de Sahara en foar it oare part út in fruchtbere kustflakte efter de 1300 km lange Middellânske Seekust. Bylâns de kust wenne ek de measte Algerijnen.

Yn it kustgebiet hearsket in Mediteraansk klimaat yn de woastyngebieten in woastynklimaat.


Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

Algerije is diele yn 48 provinsjes. In oersjoch fan bestjoerlike yndieling nei provinsjes:

 
Kaart mei provinsjes fan Algerije

Skiednis bewurkje seksje

Mei de komst fan Islam kamen yn 'e 8e iuw in protte feroaringen yn it lân. Arabysk waard de nije taal en de Islam it nije leauwen, der wienen doe al in grut tal minsken dy Kristlik of Berberleauwen bleaun oanhingjen. Oant 777 wie Algerije in part fan it Arabyske Ryk ûnder de Omajjaden. Nei 777 krige it mear ûnôfhinklikens ûnder de Rustamiden dynasty. Letter wienen de Fatimiden, de Almoraviden en de Almohaden oerhearskjend.

Yn 1516 ferovere it Ottomaanske Ryk Algerije, dat bleau sa oant healwei de 19e iuw. De Frânsen oermasteren Algerije healwei de 19e iuw en fêstige hjir in Frânske koloanje.

ûnôfhinklikens bewurkje seksje

Yn Novimber 1954 ferklearre it Front de Libération Nationale (FLN) de kriich oan de Frânsen. Mei in ûnôfhinklikenskriich mei folle blûd wie Algerije yn 1962 ûnôfhinklik.

Tsjin de winsk fan 'e Frânsen yn Algerije, ferklearre Presidint Charles de Gaulle Algerije op 3 july 1962 ûnôfhinklik. Op 25 septimber 1962 waard offisjeel de nije republyk stift.

Ahmed Ben Bella, stifter fan it FLN, waard premier en in jier letter waard hy presidint fan Algerije.

Op 19 juny 1965 besocht kolonel Houari Boumédienne de macht oer te nimmen en ynstee fan in demokrasy in militêre diktatuer yn te fieren. Hawar, nei tsien jier regearen oer Algerije ferklearre Boumédienne dat it tiid wie foar ferkiezings. De nije grûnwet waard by referindum oannaam yn novimber 1976. Meidat allinnich FLN-leden it rjocht hiene op 'e ferkiezings list te stean, waard Boumédienne op 'e nij as presidint keazen.

De ferkiezings fan desimber 1991 binne wûn troch it Islamityske Front Islamique du Salut'. De oerwinning fan it Islamityske FIS kaam hurd oan yn Frankryk. It leger besocht de macht oer te nimme, tenei it FIS ferbean waard en presidint Bendjedid, dy herfoarmings tasein hat, waard ôfset. Syn plakferfanger waard de stive Liamine Zeroual, dy stipe hie fan it Frânske regear. Yn tsjinstelling oant wat folle minsken yn harren tinzen hienen. Kaam der dochs yn guerilja kriich en waard mei in terroristyske kriich tsjin de steat útein set. Likernôch 100.000 minsken binne yn de boargerkriich ferstoarn.

Yn 2003 waard it noarden troch in swiere ierdskodding troffen.

Demografy bewurkje seksje

Befolking bewurkje seksje

De haadstêd en grutste stêd fan it lân is Algiers. De measte minsken, 70%, wenje yn de brede, bercheftige kuststreek, part fan de Magrib. It grutste part fan it lân, besuden it Atlasberchtme, is part fan de noardlike Sahara. Hjir wenje de minsken meast by oazen, al is der ek noch hieltyd in part nomaden yn it lân. De ynwenners fan Algerije binne yn it noarden lykwols allegear Arabieren. Fierder nei it suden wenje de Berbers mei harren Berbertaal. Njonken it Arabysk en it Berbersk is it Frânsk de sprektaal mar hat gjin offisjele status.

Religy bewurkje seksje

De oerhearskjende godstsjinst is de Islam, en dêr bestiet gjin frijheid fan godstsjinst. Sa hawwe hja bygelyks straffen foar it bekearen nei in oar leauwen. Foar 1962 wennen yn Algerije hûndert tûzenen Katoliken, yn 2006 wienen der noch mar 11.000 fan oer.

Ekonomy bewurkje seksje

BYP per persoan is $6,700 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,2% lânbou, 61,5% yndustry en 30,3% tsjinsten. Yn 2007 wie de Feriene Steaten de wichtichste eksportpartner en Frankryk de wichtichste ymportpartner. Algerije hat de acht-grutste gas reserve fan de wrâld en is de fjird-grutste gas eksporteur (2007).