Charles de Gaulle

Charles André Joseph Marie de Gaulle (Rijsel, 22 novimber 1890Colombey-les-Deux-Églises, 9 novimber 1970) wie in Frânske militêr en politikus. Hy wie de lieder fan it ferset yn de Twadde Wrâldkriich en de earste presidint fan de fiifde republyk (1959-1969)

Charles de Gaulle om 1942 hinne

De Gaulle waard berne as twadde soan yn in roomske húshâlding yn Risel yn in famylje dy't oarspronklik Vandewalle hiet. Dy namme wie ferfrânske ta De Gualle en letter ta De Gaulle. Charles de Gaulle wie etnysk in Pikardiër, mei oan syn heiteskant Flaamsk, Normandysk en Boergondysk bloed, wylst er oan syn memmeskant fan Flaamsk, Frânsk, Iersk, Skotsk en Dútsk komôf wie. As lyts bern hie er al niget oan yn militêre saken. Hy studearre oan de militêre skoalle fan Saint-Cyr en yn 1913 foege hy him by de ynfantery-difyzje ûnder kolonel Philippe Pétain.

De Earste Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Earste Wrâldkriich tsjinne De Gaulle yn it leger as luitenant oant syn finzenskip yn 1916. Hy siet mear as twa jier yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de oarloch gie hy by de tanktroepen fan de ynfantery dêr't hy al gau de reputaasje krige fan in foarútstribjende taktikus. Hy woe graach mear pânserdifyzjes hawwe om faasje en fjoerkrêft te fergrutsjen. Yn 1934 miende er dat der in fredesleger komme moast om in eventuele ferrassingsoanfal fan de Dútsers ôf te slaan. Yn Frankryk waard net echt nei him lústere. Der waard tocht dat it better wie om in goede ferdigeningsliny te bouwen en dêr wie de Maginot liny it resultaat fan. Nei de oarloch hat De Gaulle sein dat er de Blitzkrieg foarsein hie.

Ut de briefwikselingen blykt ûnder mear dat er net safolle op hie mei de parlemintêre demokrasy en einliks mear seach yn in monarchaal rezjym.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich krige hy tidens Fall Gelb op 15 maaie 1940 it befel oer in profisoaryske pânserdifyzje, de 4e Division Cuirassée de Réserve, dêr't er eins sûnder effekt mei tsjin de Dútske ynfallers fjochte dy’t om de Maginotliny hinne kamen. Nei de oarloch is faak sein dat hy no krekt as ienige generaal yn dy wiken noch wat súksessen tsjin de Dútsers boekte. Flak foar de totale ynienstoarting is hy noch befoardere ta brigadegeneraal. Hy krige op 6 juny de post fan ûnderminister foar definsje yn it kabinet fan Paul Reynaud. Doe't maarskalk Philippe Pétain yn juny 1940 in wapenstilstân slute woe mei de Dútsers, stapte De Gaulle yn in Britsk fleantúch en gie nei Londen ta. Fia de BBC kundige er oan dat hy foar Frankryk de striid tsjin Dútslân fuortsette soe. It Vichy-rezjym feroardielde him ta de dea fanwege dessertsje.

De Gaulle organisearre nei syn flecht de Frije Frânske striidkrêften. It slagge him om guon Frânske koloanjes oan syn kant te bringen. Hy krige ek it bestjoer yn Syrje en Libanon yn hannen doe't de Britten dy Frânske mandaatgebieten op Vichy-troepen oermasteren. Dat barde net sûnder muoite, want De Gaulle besocht de weardichheid fan Frankryk te ferdigenjen. Wylst de Britske premier Winston Churchill noch in seker respekt hie foar de Frânske generaal, mistrouden de Feriene Steaten him. Doe't de Amerikaanske en Britske legers yn novimber 1942 Frânske gebieten yn Noard-Afrika binnenfoelen joegen de Amerikanen it bestjoer net oan de Frije Frânsken, mar wol oan in oare Frânske generaal, Henri Giraud. Lykwols waard De Gaulle goed stipe, ek yn beset Frankryk. Yn juny 1943 kamen de Amerikanen mei in kompromis. De Gaulle en Giraus waarden tegearre ko-foarsitters fan in Frânsk komitee fan nasjonale befrijing yn Algiers, mar nei inkele moannen wist De Gaulle Giraud oan de kant te skowen en yn juny 1944 foarme hy in regear fan de Frânske republyk mei himsels as foarsitter. De Amerikanen wienen net fan doel om De Gaulle by de lâning yn Normandje te belûken. Ek woenen se net dat hy Frankryk bestjoere soe. Mar it hiele binnenlânske ferset stie as ien man efter De Gaulle. Hy waard oeral tajubele as hy troch Frankryk ried en op 26 augustus fêstigen hy en syn regearing harren yn Parys. De Alliearden moasten syn regear wol erkenne. Oant de ein fan de kriich hie hy spul mei de Amerikanen. De generaal woe altyd dat Frankryk as in grutte mogendheid behannele wurde soe en hy wegere somtiden om befellen fan it alliearde oerbefel op te folgjen.

Nei de kriich

bewurkje seksje

Yn eigen lân wie De Gaulle op de ein fan de kriich in lieder dêr't eltsenien wol oer mocht. Hy stie boppe de partijen. Hy bleau ek nei de ferkiezingen fan novimber 1945 foarsitter fan de regearing. Mar yn jannewaris 1946 stapte hy dôchs del; it waard dúdlik dat syn opfettings net yn de nije grûnwet komme soenen. Yn 1947 stifte hy in nije politike partij. Dy wie koart in súkses, mar yn 1953 hefte hy de partij op en stapte hy út de polityk.

Mar yn 1958 kaam De Gaulle wer yn byld. De Algerijnske ûnôfhinkliksoarloch duorre al fjouwer jier en wie hopeleas. It late ta in politike krisis yn Frankryk. Der waard freze dat de opstân fan it leger oerslaan soe nei it memmelân Frankryk. De Gaulle foarme dêrop in nije regearing en krige foar seis moannen in soad macht. De Gaulle waard de earste presidint fan de fiifde republyk. Eltsenien tocht dat hy de opstân yn Algerije stopje soe, mar hy wie der sels al gau fan oertsjûge dat dit nea barre soe. Hy kundige oan dat hy troch ûnderhannelings de Algerijnen selsbeskikking jaan woe. Dit wie in grutte teloarstelling foar de Frânske koloanisten yn Algerije. Sy soargen foar swiere rellen. Der waarden in soad oanslaggen plege. Mar yn 1962 waard Algerije ûnôfhinklik wêrnei't hûnderttûzenen Frânske kolonisten en soldaten in goed hinnekommen sochten yn Frankryk.

It regear fan De Gaulle wie tige stabyl oant der yn maaie 1968 massale studintedemonstraasjes kamen. De âlde generaal like gjin antwurd te finen op de demonstraasjes. Hy fleach sels nei Dútslân ta om him dêr by generaal Massu fersekerje te litten dat it leger him stypje soe. Der waarden parlemintsferkiezings útskreaun en by dy ferkiezings die bliken dat hy noch altyd in soad stipe krige. Mar de generaal dy’t al tsjin de tachtich oanrûn hie dôchs wat fan syn glâns ferlern. Yn april 1969 skreau hy nochris in referindum út oer in grûnwetwiziging wêrby't hy ek it folk foar de kar stelde. Jou my myn sin, of ik gean fuort. Dizze kear ferlern hy en stapte hy del.

 
It grêf fan Charles de Gaulle

Mei hast tachtich jier ferstoar de Gaulle hommels thús yn Colombey-les-Deux-Églises. Hy waard te hôf brocht op it pleatslike tsjerkehou; hy hie in steatsbegraffenis wegere. Dat hy net mei syn politike macht op jild út west hie, die bliken út in tige beskieden erfenis oan syn famylje.

  • Paul-Marie Coûteaux: Le génie de la France. Tome I: De Gaulle philosophe. Jean-Claude Lattès., Paris 2002
  • Jean-Louis Crémieux-Brilhac: La France Libre. Gallimard, Paris 1996
  • Yves Maxime Danan: La vie politique à Alger de 1940 à 1944. Librairie générale de Droit et de Jurisprudence, Parys 1963
  • Vincent Jouvert: L'Amérique contre De Gaulle. Seuil, Parys 2000
  • Jean Lacouture: De Gaulle. Éditions du Seuil, Parys 1984
  • Jean Lacouture: De Gaulle. (3 volumes): 1 — Le Rebelle (1890-1944), 2 — Le Politique (1944-1959), 3 — Le Souverain (1959-1970), 1984, 1985 et 1986. Points Histoire, Paris 1990
  • Dominique Venner: De Gaulle, la grandeur et le néant. Éditions du Rocher, Monaco 2004
  • Philippe de Gaulle: Entretiens avec Maurice Tauriac. De Gaulle, mon Père. Plon, Parys 2003
  • G.B.J. Hiltermann: Charles de Gaulle en de Frânsken, In den Toren, Baarn, 1967.