G.B.J. Hiltermann

Gustavo Bernardo José (Guus) Hiltermann (Buenos Aires (Argentynje), 1 maaie 1914 - Amsterdam, 15 july 2000) wie in Nederlânsks sjoernalist, polityk kommentator, útjouwer en histoarikus.

Mr. G.B.J. Hiltermann yn 1969 foar de Amsterdamske rjochtbank

Hiltermann hie Nederlânske âlden, mar waard yn Argentynje berne.

Hy wurke in skoft foar de krante De Telegraaf. Yn 1942 gie er by de krante wei; neffens himsels neidat de Dútskers de krante twongen in antisemitysk artikel te setten. Dêrnei wie er ien fan de oprjochters fan Elsevier. Tusken 1952 en 1965 wie er eigener en direkteur fan de Haagse Post, dêr't syn oare helte Sylvia Brandts Buys op dat stuit haadredaktrise wie. Letter waard er haadredakteur fan de sechde druk fan de Winkler Prins Ensyklopedy.

Hiltermann promovearre yn 1972 oan de Universiteit fan Utert op it proefskrift "Oost-Europa en de Duitse Deling". Dy promoasje waard fersteurd troch de Utertske feriening fan skiednisstudinten UHSK dy't beswier tsjin syn tinken hie. Dat wie de oanlieding foar Theo Uittenbogaard om in portret fan him yn it VPRO-programma 'Het Gat van Nederland' te meitsjen. Hy skreau tal fan artikelen en boeken.

Sa leit de wrâld derhinne

bewurkje seksje

Fierwei de grutste bekendheid krige er mei syn radiokommintaar op de ynternasjonale polityk: De toestand in de wereld, door mr. G.B.J. Hiltermann, dat alle wiken by de AVRO yn it AVRO's Radiosjoernaal op sneinemiddei om 1 oere brocht waard fan oktober 1956 oant 22 novimber 1999. Dy kommintaren hiene as skaaimerk de linige sinskonstruksjes, in steatlike toan en yn 't algemien prowesterske stellingen. De lêste sin fan eltse kollumn einige steefêst mei de wurden "de toestand in de wereld". 'Foar in protte Nederlanners wie syn kommintaar in betroud ûnderdiel fan de sneinemiddei. Hy spriek goed 2000 radio-kollumns út. Neffens broanne by de AVRO sloech er hast gjin wike oer. Nei 39 jier, yn 1995, ferhuze er fan de snein nei de waarnsdei en kaam yn septimber 1999 úteinlik op moandeimiddei te lâne.

Hiltermann besleat syn lêste kommentaar mei "De tijd van eeuwige vrede is nog niet aangebroken, en dat zijn mijn laatste woorden over de toestand in de wereld."

Yn 1969 krige er skeel mei de Volkskrant. Yn ien fan syn kollums noemde hij het dagblad rondweg antisemitysk, althans anti-Israel. De Volkskrant begûn in proses út reden fan smaad tsjin him. Yn heger berop waard besletten dat Hiltermann syn wurden weromnimme moast, wat er yn syn rubryk ek die.

Juny 1998 krige er it Lanlik Buro foar de bestriding fan Rassediskriminaasje op de nekke troch in protte asylsikers 'etnyske profiteurs' te neamen. Teffens wie er fan betinken dat etnyske minderheden neat taheakken oan de kultuer. Dêrnei besleat de direksje fan de AVRO syn teksten yn 't foar te rieplachtsjen.

Hiltermann beskreau himsels as 'progressive, liberale kultuerdemokraat'.

Bibliografy (in karút)

bewurkje seksje
  • Geschiedenis van de Eerste Wereldoorlog in foto's en documenten, bijeengebracht door Heinz Dollinger, met inleidende overzichten van Mr. G.B.J. Hilterman, 6 dln. Baarn: Bosch & Keuning, 1968/1969
  • Oost-Europa en de Duitse deling. Fibula-Van Dishoeck, 1972 (dissertaasje RU Utrecht)
  • Atlas van het wereldgebeuren. Bruna, 1973
  • De toestand in de wereld. Van Holkema en Warendorf, s.j.
  • Klachtenboek 2000. Europese Publiciteitsmaatschappij, 1979
  • Sesam Geschiedenis van de Tweede Wereldoorlog, 2 dln. Utert: Tirion, 1994
  • G.B.J's Kijk op zijn Tijd: belevenissen, herinneringen en overpeinzingen uit de twintigste eeuw. De Haach: Sdu Uitgevers, 1995; 230 siden

Keppelingen om utens

bewurkje seksje