De Volkskrant is in Nederlânsk deiblêd, dat eigendom is fan it mediabedriuw DPG Media út Flaanderen.
De krante is fan oarsprong roomsk-katolyk en rjochtet him sûnt de jierren 1960 op de heger oplate lêzers. It deiblêd pleatste himsels oant de jierren 1990 lofts fan it politike spektrum. Letter soe de krante mear nei rjochts opskood wêze, neffens eardere haadredakteur Philippe Remarque.[2] De krante wurdt njonken NRC en Trouw sjoen as in Nederlânske kwaliteitskrante.[3] Mei troch de opkomst fan ynternet en in weromrinnende oplaach waard it deiblêd oanpast dy 't past by de belangstelling fan heger oplatenen.[4] Der kaam mear oantinken foar keunst en 'lifestyle' en de opmaak fan de krante waard mear rjochte op it oanlûken fan jonge lêzers.