Libaneeske Republyk
الجمهوريّة البنانيّة
Al Jumhuriyah al Lubnaniyah
République libanaise
Flagge fan Libanon Wapen fan Libanon
Flagge Wapen
Lokaasje fan Libanon
Offisjele taal Arabysk
Frânsk
Haadstêd Beirût
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
10.452 km²
1,6­%
Ynwenners (2005) 3.826.018
Munt Libaneeske pûn (LBP)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 22 novimber
Lânkoade RL
Ynternet .lb
Tillefoan 961

Libanon (Arabysk: لبنان‎, Lubnān, Libaneesk-Arabyske útspraak: [lɪbˈneːn]; Frânsk: Liban), offisjeel bekend as de Libaneeske Republyk (Arabysk: الجمهورية اللبنانية‎, al-Jumhūrīyah al-Lubnānīyah, Libaneesk-Arabyske útspraak: [lˈʒʊmhuːrijje lˈlɪbneːnijje], Frânsk: République libanaise), is in lân yn it Heine Easten. De haadstêd is Beirût en de presidint fan de republyk is sûnt 2016 Michel Aoun.

Kaart fan Libanon (2002)
Beirût

Libanons' lizzing op it krúspunt fan it Middelânske Seegebiet en it Arabyske efterlân hat soarge foar in rike skiednis en in kulturele identiteit dat him ûnderskiedt troch religieus en etnysk ferskaat.

Geografy bewurkje seksje

Libanon wurdt begrinzge troch:

Libanon is in bercheftich lân dêr't it berchtme mei deselde namme Libanon yn leit. De namme Libanon (ek "Loubnan" of "Lebnan") komt fan it Arameeske wurd laban dat 'wyt' betsjut, in ferwiizing nei de besnijde piken fan Libanon. De eastgrins mei Syrje wurdt markearre troch de Anty-Libanon, in oar berchtme. Tusken dy twa berchtmes yn rint de brede Bekafallei.

Fanwegen de hege bergen is der gjin tekoart oan wetter. De wichtichste rivieren binne de Litany en de Orontes (of Asy). De heechste berch is de Qurnat as Sawdā’ dy't 3088 meter heech is.

Al sûnt de tiid fan de Fenysjers is Libanon in wichtige leveransier fan hout. De Libanonseder is noch altyd it symboal fan it lân en opnommen yn de Libaneeske flagge.

Skiednis bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Libanon.

Nei de ein fan it Ottomaanske Ryk stie Libanon fan 1920 ôf ûnder Frânsk protektoraat oant 1944 doe't it selsstannich waard. Sûnt 1958 wurdt it lân teheistere troch ynternasjonale krises en ynlânske konflikten dy't ferbân holden mei de spannen sitaasje yn it Midden-Easten.

Demografy bewurkje seksje

Libanon hat sa'n 4 miljoen ynwenners (stân 2008, skatte). Dêrfan is 95 % Arabyske, 4 % Armeenske en 1 % fan oare ôfstamming. Oer it lân ferspraad libje Koerdyske en 408.438 troch de UNRWA registreare Palastynske en ek Yrakse flechtlingen.

Yn de earste jierren nei de boargerkriich ferlieten sa as men oannimt mear as in miljoen minsken it lân - en om't offisjiele tallen net beskikber binne, giet it hjir om skattings.

Bertesifer 2005 (skatte): 1,8 % Stjertesifer 2005 (skatte): 0,6 % Bernestjertesifer 2005 (skatte) 0,2 % Alfabetisearringshichte folwoeksenen (> 15 jier) 2003 (skatte): 87,4

Religy bewurkje seksje

Yn Libanon wurde yn totaal santjin ferskate leauwensmienskippen offisjeel erkend en meitsje de moslims mei ûngefear 60% de grutste religy út. It kristendom is de twadde grutste religy mei goed 39% fan de befolking.

Moslims bewurkje seksje

De moslims binne ferdield oer soenniten, sjiïten, isma'iliten en alawiten. De soenniten wenje ferspraat oer it lân mar yn it noardwesten en it sintrum foarmje sy grutte groepen. Sy meitsje om-ende-by 20% fan de befolking út. Sy fielje har besibbe my de Arabieren yn de omlizzende lannen. De sjiïten wenje foaral yn it suden en it noardeasten fan Libanon benammen yn de Bekafallei. Der wurdt fan útgien dat sy hjoed-de-dei 28% fan de befolking útmeitsje. De sjiïten hawwe hichte bannen mei harren leauwensmaten yn Iraan en binne ek ynternasjonaal bekend troch harren Hezbollah partij. De alawiten foarmje in minderheid. Sy wenje ferspraat oer it lân sûnt de Syryske oerhearsking (jierren 1980) in rôl fan betsjutting spylje, dêr't ek de eardere Syryske presidint Hafiz al-Assad en syn opfolger Bashar al-Assad ta harren leauwensmienskip hearre.

Druzen bewurkje seksje

De druzen binne ûntstien as in ôfspjalting fan it sjiïsme mar beskôgen harren langer as moslims. Sy meitsje om-ende-by 6% fan de befolking út. Sy wenje benammen yn it Midden-Libaneeske Choufgeberchte. Inkelde wichtige famyljes binne klans fan Jumblatt en Yazbak. De lêste desennia spylje sy troch harren Progressive Sosjalistyske Partij in rôl fan betsjutting yn de polityk.

Kristenen bewurkje seksje

Meastepart fan de kristenen heart ta de Maronityske Tsjerke. Dy Maroniten meitjse sawat 23 à 25% fan de befolking út. Dat oantal wie foarhinne folle heger, troch emigraasje hawwe in soad kristlike Libanezen har de lêste sechstich jier te wenjen set yn it bûtenlân. As gefolch dêrfan is it oantal Kristenen neffens it oantal moslims stadich ôfnommen.

De Eastersk-Orthodokse Tsjerke yn Libanon dy´t ûnder it Patriargaat fan Antiochje falt, is yn oantal de twadde grutste kristlike groepearring en meitsje 10% fan de befolking út. Sy wurde folge troch de Melkityske katoliken dêr`t 4% fan de befolking ta heart.

De kristlike mienskip yn Libanon bestiet fierder út: Armeensk orthodoksen, Armeensk katolieken, Syrysk Ortodoksen, Syrysk katolieken, Nestorianen, Galdeesk-Katoliken, Kopten, Roomsk-katoliken en Protestanten. Eksakte sifers oer it oantal leauwenden fan dizze tsjerkemienskippen binne net bekend.

De kristenen wenje foaral yn it sintrale westlike diel fan it lân om Beirût hinne, Zahlé en Bchareh yn it Libanonberchtme.