Haadmenu iepenje
Brânhout

Hout is de wichtichste substânsje yn houterige planten lykas beammen en strûken. It wurdt benammen foarme troch de ksyleemfetten dy't wetter opnimme yn de plant. Hout wurdt brûkt om gebouwen en meubels te meitsjen, foar keunstprojekten, foar papier en as brânstof.

Hout is ienfâldich te kapjen, mar it is ek tige sterk. Houtbalken kinne mei spikers, skroeven of lime oan elkoar fêstmakke wurde om bygelyks in houten ramt te meitsjen. Der binne ferskillende houtsoarten, bygelyks iik, fjurrenhout (fan de spjir), grenenhout (fan de din), boek, bjirk, ensafh.