Bashar al-Assad (بشار الاسد – Damaskus, 11 septimber 1965) is sûnt july 2000 presidint fan Syrje. Hy folge syn heit Hafiz al-Assad op doe dy op 10 juny fan dat jier ferstoar. Hy is ek sekretaris-generaal fan de Ba'ath-partij.

Bashar foget in wat mylder oandwaande polityk tsjinoer de oanswettende steaten Israel en Jordaanje.

Yn jannewaris 2004 hat Bashar de fredespetearen mei Israel, dy't yn 2000 mislearren, foarsetten wolle, en waard troch syn (formele) Israelyske amtgenoat Moshe Katsav yn Jeruzalem útnûge de fredespetearen troch te setten. Dy petearen hawwe lykwols net folle opsmiten.

Assad hat him yn de Irakoarloch neutraal opstelle, nettsjinsteande dat hy pro-Iraaksk wie.

Begjin 2005 luts hy de Syryske troepen wei út Libanon (as gefolch fan ynternasjonale druk nei de dea fan de Libanese âld-premier Rafiq al-Hariri). Dêrmei kaam in ein oan de goed tsien jier Syryske besetting.

Sûnt de Arabyske Maityd, de ûnrêst yn it Midden-Easten yn 2011, oersloech nei Syrje hat de presidint yn de eagen fan in protte minsken him as in echte diktator ûntpoppe. Troch him waarden de protesten yn Syrje tsjin syn rezjym bloedich ûnderdrukke en bûtenlânske sjoernalisten net langer yn it lân talitten. Neffens Syrje wurdt it geweld troch kriminele bendes feroarsake.

Bashar al-Assad studearre earst foar eacharts mar hat syn stúdzje ôfbrekke moatte om him ta te riden syn heit opfolge te kinnen. Al-Assad is een alawyt.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bashar al-Assad fan Wikimedia Commons.