Jeruzalim

(Trochferwiisd fan Jeruzalem)

Jeruzalim (Hebriuwsk: ירושלים Jerûsjalajym, Arabysk: القدس al-Kûds of أورشليم Oersjalym), is de haadstêd fan de tsjintwurdige steat Israel en is al tsientallen iuwen âld.

Jeruzalim
ירושלים
Bestjoer
Lân Israel
Distrikt Jeruzalim
Boargemaster Moshe Lion
Sifers
Ynwennertal 981.711 (2022)
Oerflak metropool 652 km²
Befolkingsticht. 7800/km²
Stêdekloft 1.253.900
Hichte 754 m
Oar
Postkoade 9XXXXXX
Netnûmer +972-2
Offisjele webside
jerusalem.muni.il (in)
Wapen fan Jeruzalim
De Kalatravabrêge

Yn de Bibel komt de namme it earst foar yn it boek Jozua; as de earste Israelyske kening David de stêd oermasteret op de Jebusiten en er syn troan fêstiget. Syn opfolger Salomo lit er de timpel bouwe.

Nei de ferneatiging troch de Romeinen yn it jier 70 krige de stêd in oare namme, mar bleau lykwols yn de tinzen hingjen fan de Joaden dy't oer de wrâld ferspraat wienen en hopen ris in kear werom te kommen. Troch de Romeinen waard ek de timpel ferwoaste. It iene dat der fan stean bleau wie in part fan de Westlike muorre, dat no bekend stiet as de Kleimuorre.

Yn 614 waard de stêd opnij ferneatige, diskear troch de Perzen en yn 637 kaam de stêd ûnder Islamitysk bewâld. Yn it Arabysk is de stêd bekend as Al-Quds. De krúsfarders feroveren yn 1099 de stêd en rjochten in ferskuorrende moarderij oan ûnder de Joaden en Moslims dy't dêr wennen. Tusken 1517 en 1917 wie de stêd part fan it Osmaanske Ryk, dêr't de Britten nei de stêd besetten.

Yn 1948, by de stifting fan Israel, waard Jeruzalim (alteast it nije part dêrfan) ta haadstêd makke fan de nije steat en foege de Alde stêd deroan ta nei de Seisdeiske Oarloch yn 1967, dy't derfoar yn hannen wie fan Jordaanje. Dizze anneksaasje is lykwols ynternasjonaal net erkend en noch hieltyd swier omstriden omdat it yn striid is mei resolúsje 242 fan de feilichheidsried.

Befolkingstal, gearstalling en ûntjouwing

Sûnt it ynnimmen fan it Westjordaanlân op 28 juny 1967 wurde de bewenners fan East-Jeruzalim en de útwreiding dêrmei fan anneksearre Palestynske doarpen, en ek de Israelyske delsettingen om de âlde stêd hinne, meiteld by it ynwennertal fan de Israelyske gemeente Jeruzalim. Foar 1967 hie East-Jeruzalim 71.000 ynwenners, allegear net-Joaden.[1].

Yn 2007 hie Jeruzalim 747.621 ynwenners, 299.708 yn West-Jeruzalim en 443.802 yn East-Jeruzalim. Yn 2014 wiene it 849.780 ynwenners, 327.890 yn West-Jeruzalim en 521.890 yn East-Jeruzalim.

Fan it begjin fan it Britske Mandaatgebiet Palestina (1922) ôf oan is de befolking fan Jeruzalim sa gearstald:

Jier Joaden Moslims Kristenen
en oaren
Totaal net-Joaden Totale befolking Boarne
1922 33.971 13.413 15.194 28.607 62.578 UNSCOP (1946) A survey of Palestine
1944 97.000 30.630 29.450 60.080 157.080 UNSCOP (1946) A survey of Palestine
1967 195.700 54.963 12.644 67.607 263.307 Harrel, M. (1974) The Jewish presence in Jerusalem through the Ages
2007 476.104 247.754 23.763 271.517 747.621 Jerusalem Institute for Israel Studies [2]
2012 502.830 288.170 24.220 313.390 815.310 Jerusalem Institute for Israel Studies [3]
2013 509,610 295,540 24,640 320,180 829,860 Jerusalem Institute for Israel Studies [4]
2014 520,710 303,420 15,460 318,880 849,780 Jerusalem Institute for Israel Studies [5]
 

Keppeling om utens

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jeruzalim fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dumper, Michael (1997) The Politics of Jerusalem Since 1967 New York: Columbia University Press, s. 84
  2. Table III/11 - Population of Jerusalem, By age, Religion and Geographical Spreading, 2007, Jerusalem Institute for Israel Studies, 2007
  3. Table III/10 - Population of Jerusalem, By age, Religion and Geographical Spreading, 2012, Jerusalem Institute for Israel Studies, 2012
  4. Table III/9 - Population of Jerusalem, by Age, Religion and Geographical Spreading, 2013, Jerusalem Institute for Israel Studies, 2013
  5. Table III/9 - Population of Jerusalem, by Age, Religion and Geographical Spreading, 2014, Jerusalem Institute for Israel Studies, 2014