It Arameesk (Aldarameesk: 𐤀𐤓𐤌𐤉𐤀; Klassyk Arameesk: 𐡀𐡓𐡌𐡉𐡀; Joadsk Babyloanysk-Arameesk: אַרָמָיָא; Syrysk: ܐܪܡܝܐ; transliterearre nei it Latynske alfabet: Arāmāyā) is in no útstoarne taal dy't foarhinne yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten sprutsen waard. Hy heart ta de Noardwestlike kloft fan 'e Semityske talen, dy't sels wer ûnderdiel útmeitsje fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje. It Arameesk wie it naust besibbe oan û.m. it Hebriuwsk en it Fenisysk. De skiednis fan 'e taal giet teminsten werom oant 1200 f.Kr. Fan 'e tsiende iuw f.Kr. ôf is it Arameesk skriftlik oerlevere, wêrnei't it him yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk, yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr., ûntwikkele ta in lingua franca yn it hiele Heine Easten. It wie ien fan 'e talen dêr't de Bibel yn skreaun waard. Geandewei de twadde helte fan it earste milennium f.Kr. begûn de taal útinoar te fallen, wêrby't de ûnderskate dialekten har ûntjoegen ta de Arameeske talen dy't no ek noch sprutsen wurde.

Arameesk
algemien
eigen namme ܐܪܡܝܐ, Arāmāyā
lânseigen yn Irak
Iraan
Israel
Jordaanje
Libanon
Palestina
Syrje
Turkije
tal sprekkers Arameesk sels:
Arameeske talen: 1,2 miljoen
skrift hist. ferskaat; no Syrysk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
          ● Aramoïde
            ● Arameesk
              ● Arameesk
dialekten sjoch: Arameeske talen
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
net as sadanich; wol
   beskate Arameeske talen
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3

Taalbesibskip bewurkje seksje

It Arameesk heart ta de Semityske talen, in taalgroep dy't sels wer ûnderbrocht wurde moat by de gruttere Afro-Aziatyske taalfamylje. Binnen de Semityske talen heart it Arameesk ta de Middensemityske groep fan 'e Westsemityske taalkloft. Dêr wer binnen wurdt it troch de measte taalkundigen ta de Noardwestsemityske talen rekkene, mei de Kanaänityske talen (û.m. it Hebriuwsk en it Fenisysk). Ien fan 'e útsûnderings wat dy yndieling oangiet, is de foaroansteande taalkundewebside Ethnologue, dy't de Kanaänityske talen mei de Arabyske talen ûnderbringt yn in 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep, en it Arameesk en syn ôfstammelingen (de Arameeske talen) dêrmei op ien hichte stelt.

 
De namme fan it Arameesk (Arāmāyā) yn it Syrysk skrift.

It Samalysk en de ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje binne identifisearre as talen dy't bûten it eigentlike Arameesk falle, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoane. Se kinne dêrom mooglik mei it Arameesk yn in 'Aramoïde taalgroep' pleatst wurde.

Taalgebiet bewurkje seksje

It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan it Arameesk wie beheind ta it lân Aram, dat rûchwei it suden besloech fan wat no Syrje is, mei as sintrum de stêd Damaskus. Yn 'e earste helte fan it earste milennium f.Kr. fersprate de taal him ûnder ynfloed fan it Nijassyryske Ryk oer frijwol de hiele Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten. Sadwaande kinne Syrje, Libanon, Israel, Palestina, Jordaanje, Irak, súdeastlik Turkije en westlik Iraan as it heitelân fan it Arameesk beskôge wurde.

Skiednis bewurkje seksje

Periodisearring bewurkje seksje

De skiednis fan it Arameesk falt útinoar yn trije tiidrekken:

Beskriuwing bewurkje seksje

Histoarysk en oarspronklik wie it Arameesk de memmetaal fan 'e Arameeërs, in Semitysk folk dat him om 1200 f.Kr. yn it noardlike part fan 'e Levant en by de bopperin fan 'e rivier de Tigris lâns nei wenjen sette. Tsjin 1000 f.Kr. hiene de Arameeërs yn dy kontreien en yn súdeastlik Anatoalje en oan 'e súdwestlike râne fan Mesopotaamje in hiele rige stêdsteaten stifte, wêrfan't de wichtichste Aram-Damaskus wie. Fan 'e earste helte fan 'e tsiende iuw ôf is it Arameesk yn skriftlike foarm oerlevere.

 
Hebriuwsk (l.) en Arameesk (rj.) yn in Joadske Bibel út 1299 yn 'e Bodleian Library.

Yn 'e tiid fan it Nijassyryske Ryk (911-605 f.Kr.) waarden de Arameeske steatsjes ferovere troch de Assyrjers. Mar ynstee dat de Arameeërs doe it Akkadysk, de offisjele taal fan it Nijassyryske Ryk, oernamen, wurke de ferovering fan Aram as in katalysator foar de fersprieding fan it Arameesk troch it Nijassyryske Ryk. Koart nei 750 f.Kr. krige it Arameesk in offisjele status yn it ryk. Under ynfloed fan 'e Assyrjers fersprate de taal him nei de súdlike Levant, Mesopotaamje en Anatoalje. Dêrby ferkrong it Arameesk net inkeld it Eastsemityske Akkadysk, mar ek oare Noardwestsemityske talen, lykas it Fenisysk, Ammonitysk, Moäbitysk en Edomitysk.

Nei de fal fan it Nijassyryske Ryk yn 605 f.Kr. waard it Arameesk ek de bestjoerstaal yn it dêropfolgjende Nijbabyloanyske Ryk. Tsjin dy tiid wie it Akkadysk as sprektaal nei alle gedachten al útstoarn, hoewol't it noch iuwenlang yn gebrûk bleau as literêre en liturgyske taal. Doe't yn 539 f.Kr. it Nijbabyloanyske Ryk ûnder fuotten helle waard troch it Achaimenidyske Perzyske Ryk, wist it Arameesk ek binnen dat nije steatsferbân syn posysje te behâlden: om 500 f.Kr. hinne joech kening Darius I it Klassyk Arameesk of Ryksarameesk in offisjele status. It tinken mank histoarisy is dat it gebrûk fan ien inkele offisjele taal, dy't yn it grutste part fan it gebiet al sprutsen waard, it foar de Perzen in stik makliker makke om harren ûnbidige, multy-etnyske ryk byinoar te hâlden. It Arameesk ûndergie yn dy tiid in beskate Perzyske ynfloed, mar it oefene sels ek ynfloed út op 'e ûntwikkeling fan 'e ûnderskate Iraanske talen, lykas it Midperzysk, Partysk en Sogdysk.

Sa berikte it Arameesk syn hichtepunt yn 'e twadde helte fan it earste milennium f.Kr., doe't it sprutsen waard yn wat no Syrje, Libanon, Israel, Palestina, Jordaanje, it Sinaï-skiereilân, súdeastlik Turkije, Irak, Koeweit, Bachrein, Katar, noardeastlik Saûdy-Araabje, en westlik Iraan is. Foar de hannel en oarsoartige kommunikaasje tusken sprekkers fan ferskillende memmetalen waard it Arameesk de lingua franca dy't yn it hiele Midden-Easten brûkt waard, oant yn Egypte yn it westen en Ynje yn it easten ta. Tsjin dy tiid hie it ek it taaie Hebriuwsk werom witten te kringen, en waard it, yn 'e foarm fan Bibelsk Arameesk, brûkt om stikken fan 'e Tenach, de joadske Bibel, te skriuwen (om persiis te wêzen: dielen fan 'e bibelboeken Daniël en Ezra).

 
In 9e-iuwsk Syrysk manuskript yn it Syrysk skrift.

De ferovering fan it Achaimenidyske Ryk troch Aleksander de Grutte yn 330 f.Kr. makke net fuortendaliks in ein oan 'e hegemony fan it Arameesk, mar foarme dêr wol it begjin fan. It Seleusidyske Ryk, dat nei de dea fan Aleksander troch syn opfolgers yn it Midden-Easten stifte waard, fierde it Gryksk yn as bestjoerstaal, en mei dêrtroch rekke it mei it Arameesk yn 'e Hellenistyske Tiid stadichoan yn it neigean. Geandewei de trêde iuw f.Kr. ferkrong it Gryksk it Arameesk as de lingua franca yn 'e noardlike Levant, Mesopotaamje en Egypte. Yn wat no Jordaanje is, wie it Nabateesk, in Arameeske taal, lykwols de offisjele taal fan it keninkryk Petra (200-106 f.Kr.), hoewol't de memmetaal fan 'e befolking eins Nabateesk-Arabysk wie, in foarm fan Aldarabysk.

Oare oplibbings fan foarmen fan it Arameesk fûnen plak yn Palestina, dêr't it Arameesk de offisjele bestjoerstaal wie fan it Hasmoneeske Keninkryk Judeä (142-37 f.Kr.), yn noardlik Mesopotaamje, dêr't it Hatreensk de taal wie fan 'e stêdsteat Hatra (100 f.Kr. – 240), en yn Syrje, dêr't it Palmyreensk de taal wie fan 'e stêdsteat Palmyra (44 f.Kr. – 274). Om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne wie it Arameesk fierders de taal fan Jezus, dy't it Galileeske dialekt fan it Joadsk Palestynsk-Arameesk as memmetaal spriek.

 
In 11e-iuwsk boek yn it Syrysk skrift.

Fuort nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling wiene dy taal en it Joadsk Babyloanysk-Arameesk de wichtichste talen dêr't de Talmoed yn skreaun waard, wylst it Klassyk Mandeesk de oarspronklike taal fan 'e mandeïstyske religy en it Samaritaansk-Arameesk de liturgyske taal fan it samaritanisme wie. Underwilens ûntwikkele it Syrysk him ta ien fan 'e wichtichste talen binnen it Syrysk-otterdokse en nestoriaanske kristendom, wylst it Kristlik Palestynsk-Arameesk in selde posysje krige yn 'e Melkityske Gryksk-katolike mienskip.

Hjoeddeistige sitewaasje bewurkje seksje

De hjoeddeistige Arameeske talen falle útinoar yn in westlike en in eastlike kloft. Fan 'e Westarameeske talen is net folle mear oer, útsein it Westarameesk of Westlik Nijarameesk, dat noch sprutsen wurdt troch in lytse minderheid yn 'e doarpen Maälûla, Al-Sarcha en Djûb'adin, oan 'e Syryske kant fan it Anty-Libanonberchtme.

De Eastarameeske talen omfetsje ûnder mear it Arameesk-Assyrysk mei 587.000 oant 829.000 sprekkers, it Galdeesk mei 242.000 sprekkers en it Toerojo mei 103.000 sprekkers. Oan 'e oare kant is it Soerjojo of Mlaḥsô, dat it naust oan it Toerjojo besibbe is, yn 1998 útstoarn, wylst de Mandeesk hjoed de dei noch mar troch sa'n 5.000 minsken sprutsen wurdt, ek al telle de Mandeeërs as etnyske groep wol 70.000 minsken. In grut part fan 'e sprekkers fan 'e Arameeske talen libbet net mear yn it Midden-Easten, mar om utens yn 'e Westerske wrâld, as ûnderdiel fan 'e diaspora. De Judeo-Arameeske talen wurde tsjintwurdich hast inkeld noch yn Israel sprutsen.

 
De letters fan it Syrysk skrift.

Skrift bewurkje seksje

It Arameesk is altyf fan rjochts nei lofts skreaun. It ierste skrift dêr't it Arameesk gebrûk fan makke, wie basearre op it Fenisysk skrift. Meitiid ûntjoech it Ararmeesk in karakteristike 'fjouwerkantige' skriuwstyl. De âlde Israeliten namen dat oer om harren eigen taal dermei te skriuwen, en sadwaande stiet dat skrift hjoed de dei better bekend as it Hebriuwsk skrift. Eigen foarmen fan dat skrift ûntjoegen har yn Petra (it Nabateesk skrift) en Palmyra (it Palmyreensk skrift).

In nijer, kursyf skrift foar it skriuwen fan it Arameesk ûntwikkele him letter yn kristlike mienskippen foar it Syrysk, in Eastarameeske taalfoarm. Dat kaam dêrom bekend te stean as it Syrysk skrift, al wurdt it tsjintwurdich ek gauris oantsjut as Arameesk skrift. In yn hege mjitte oanpaste foarm dêrfan, it Mandeesk skrift, wurdt brûkt foar it skriuwen fan it Mandeesk (dat ek in Eastarameeske taal is). It Toerojo (ek in Eastarameeske taal), wurdt soms skreaun mei it Latynske alfabet.

Taaleigenskippen bewurkje seksje

Fonology bewurkje seksje

Fokalen bewurkje seksje

It Arameesk beskikt oer acht fokalen:

  • [a], a fan "lam"
  • [ɑ], in nei in o fan "hok" niigjende a, lykas yn 'e Hollânske útspraak fan "bak"
  • [ɛ], e fan "lek"
  • [e], ee fan "leed", mar koarter oanholden
  • [i], y fan "wyt"
  • [ɔ], o fan "hok"
  • [o], o fan "bok"
  • [u], û fan "rûch"

It liket derop dat de [ɑ] en [ɔ] allinnich foarkamen as allofoan of dialektyske fariant fan [a], resp. [ɛ]. Der wiene fierders twa twaklanken: [ei] (ee fan "leed" folge troch y fan "wyt") en [au] (au fan "lau"). Yn in protte dialekten ferskode de útspraak fan 'e twaklanken meitiid nei [e:] (ee fan "leed"), resp. [o:] (oo fan "rook").

Konsonanten bewurkje seksje

Fierders beskikte it Arameesk oer 28 konsonanten [b], [d], [f], [h], [k], [j], [l], [m], [n], [p], [r], [s], [t], [v] en [z] binne bekend om't se ek yn it Frysk foarkomme. Oare bekende klanken binne [ɡ] (de g fan "goed"), [ɣ] (de g fan "bûge"), [ʃ] (sj fan "sjippe"), [w] (de w fan "skowe") en [x] (ch fan "berch"). Fierders hie it Arameesk:

  • [θ], de stimleaze th, lykas yn it Ingelske thin
  • [ð], de stimhawwende th, lykas yn it Ingelske this
  • [q], in yn 'e kiel útsprutsen k-klank
  • [ħ], in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h-klank
  • [ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h-klank
  • [ʔ], de glottisslach, oftewol de klank tusken de beide gelikense lûden yn wurden as "Aäron" en "koöperaasje"
  • [sˁ], in s-klank folge troch in lichte stimhawwende yn 'e kiel útsprutsen h
  • [tˁ], in t-klank folge troch in lichte stimhawwende yn 'e kiel útsprutsen h

Ferliking bewurkje seksje

Hjirûnder in tabel mei ferlikings fan it Aldarameesk mei it modern Westarameesk en it modern Eastarameesk.

Frysk Aldarameesk modern
Westarameesk
modern
Eastarameesk
"ien" ḵad ha ga
"twa" tərēn trɛ tre
"trije" təlata tloṯo tlaṯa
"fjouwer" arrəbə’a arb’o arba
"fiif" ḵamməša hamšo gamša
"seis" šita ɛšto ɛšta
"sân" šibə’a šow’o šowa
"acht" təmannəya tmɛnyo tmanya
"njoggen" tišə’a tɛš’o tiša
"tsien" asər ‘asro ɛsra

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.