It Perzysk, (lokale nammen: Fârsy, Dary en Tōjiky) is de offisjele taal fan Iran (Perzje), Afganistan en Tadzjikistan en wurdt troch miljoenen yn Oezbekistan sprutsen. De taal heart krekt as it Frysk by de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en yn dizze taalfamylje makket it diel út fan de tûke fan Iraanske of Aryske talen.

Perzysk
algemien
oare namme(n) Farsy, Dary en Tōjiky
eigen namme فارسی
lânseigen yn Iran (Perzje), Afganistan, Tadzjikistan, Oezbekistan en De Barein. Ek kloften yn de F.S., Feriene Arabyske Emiraten, Kanada en Dútslân. Fierders yn lytske kloften troch emigranten oer de hiele wrâld.
tal sprekkers 120 miljoen
skrift oanpast Arabysk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten Aimakw, Bukory, Dary, Darwazy, Dewariy, Dzidy, Hazaragy, Heraty, Judeo-Sirazy, Kabuly, Kuzestany, Lary, Mazary, Palavany, Tojiky , Teruny
taalstatus
offisjele status Grut-Brittanje, Feriene Steaten
taalkoades
ISO 639-1 fa
ISO 639-2 per/fas
ISO 639-3 eng

Yn Nederlân wurdt ek wol "Farsy" brûkt as oantsjutting foar de taal. Farsy is de ynhiemske namme foar it Perzysk en al syn dialekten. Farsy wurdt betiden ek wol hanteare om de "offisjele" fersy fan de taal mei oan te tsjutten lykas dy yn Iran sprutsen wurdt, ter ûnderskieding fan it Dary sa as dat yn Afganistan ien fan de fiertalen is en dat dêrfan wat ferskilt.

Der wurdt fan útgien dat it Ald-Perzysk him yn it westlik diel fan it Iraanske plato ûntwikkele hat fanút it Proto-Yndo-Iraansk. It is allinnich bekend fan in lyts oantal ynskripsjes yn spikerskrift út de 6e-4e iuw foar Kristus dy't troch de Achaemenidyske keningen (benammen troch Darius (522-486) en Kserkses (486-465)) oanbrocht binne. Yn tsjinstelling ta wat meastentiids oannomd wurdt, spile it Ald-Perzysk yn it Achaemenidyske ryk gjin grutte rol, omdat de bestjoerstaal it Arameesk wie. Yn tsjinstellint ta it Middel-en Nij-Perzysk wurdt de taal karakterisearre troch in wiidweidich stelsel fan ferbûgingen en ferfoegingen.

Ald-Perzysk Middel-Perzysk
nominativus pārsa pārs
genitivus pārsahiyā pārs (ē) pars
accusativus pārsam pārs
locativus pārsaiy pārs
ablativus pārsā pārs

Middel-Perzysk

bewurkje seksje

It Middel-Perzysk is in rjochtstreekse fuortsetting fan it Ald-Perzysk en is oant de fal fan it Achaemenidyske Ryk yn 338 f.Kr. oant de oermastering fan it Sassanidyske ryk troch de Arabieren yn 651 in libjende taal west. Yn de earste iuwen fan syn bestean wie de taal lykwols fan lokaal belang en ûndergeskikt oan it Partysk. Sûnt de tredde iuw nei Kristus waard de taal hieltyd wichtiger en krige stadichoan de funksje fan bestjoerstaal en de taal fan de elite en dominant kultuer. Nei de fal fan de Sassaniden ferlear de taal syn foarname rol en soe úteinlik allinnich noch yn swang bleauwen yn Soroastryske kringen. Yn dizze nije rol wie de taal sels sa wichtich de 9e en 10e iuw as fruchtberste tiidrekken jilde út de Middel-Perzyske literatuerskiednis.

It tsjintwurdige Perzysk is in fuortsetting fan de sprutsen fariant fan it Middel-Perzysk. Want netsteande dat it skreaune Middel-Perzysk op wisse hichte it karakter fan in deade taal krige hie troch syn ûntwikkeling yn stagneare foarm, hie de sprektaal (Fārsi-ye Dary of Dary) him as libbene taal fierder ûntwikkele. Yn de eastlike provinsjes fan it Abbasidyske ryk, gebieten dy't feitlik ûnôfhinklik fan Bagdad wienen, wurde fan de 9e iuw ôf it Dary útein mei help fan it Arabyske skrift op skrift steld en is it dizze taal dy't ûnder de namme Nij-Perzysk bekend wurden is. Ut soarte hat ek it Nij-Perzysk in ûntwikkeling trochmakke dêr't fiif fazen yn te ûnderskieden binne:

  • Formative perioade (8e-10e iuw): yn dit tiidrek kaam de standerdisearing fan de taal troch poëzy ta stân.
  • Heroïske perioade (10e-12e iuw): yn dit tiidrek kaam de standerdisearing fan de proza ta stân.
  • Klassike perioade (13e-15e iuw)
  • Post-Klassike perioade (15e-19e iuw)
  • It tiidrek fan it hjoeddeiske Persysk

Ien fan de opfallendste kenmerken fan dizze foarm fan Perzysk is it enoarme diel oan Arabyske wurden. Troch ûndersyk docht bliken dat it persintage Arabyske wurden waakse is fan 25-30% yn de 10e iuw oant goed 50% yn de 12e iuw. It is dan ek net ferwonderlik dat yn de rin fan de skiednis in protte besikingen dien binne om de ûntwikkeling fan de Perzyske wurdenskat te beynfloedzjen. Yn de 20e iuw krige dizze besikingen ek in ynstitusjonalisearre karakter. De Farhangestān-e Irān (1935) en syn opfolger de Farhangestān-e Zabān-e Fārsi (1970) krigen de taak it Perzysk safolle mooglik te suverjen fan bûtenlânske (lês Arabyske) eleminten. Undertusken hawwe dizze taalakademisy tsientallen wurden ûntwurpen dy't in fêst plak krigen hawwe yn it Perzysk. .