Yndysk subkontinint
It Yndysk subkontinint, ek wol Foarynje neamd (Efterynje is in synonym foar Súdeast-Aazje), is it gebiet yn Súd-Aazje dêr't de lannen Yndia, Banglades, Pakistan, Sry Lanka en dielen fan Nepal, Bûtan, Myanmar en Sina lizze. Yn Pakistan wurdt it subkontinint ek wol it Yndo-Pak Subkontinint neamd.
Geologysk besjoen is it in subkontinint, meidat it op in eigen tektoanyske plaat leit, de Yndyske plaat, dêr't it gebiet fan de rest fan Aazje ôfsûndere wurdt. De súdlike krite fan it subkontinint foarmet in mânsk skiereilân, dy't yn it noarden ôfskieden wurdt fan Sina en Mongoalje troch de Himalaya dy't ek de kulturele grins tusken it subkontinint en it oare part fan Aazje foarmje.