Subkontinint
In subkontinint is in (wichtich) part fan in kontinint. It hat wol wat fan in skiereilân.
It Yndiaaske subkontinint it iennichst wiere subkontinint. Fanwege beweging fan de ierdskossen is de skos Yndia, dy't ea fan oseaan omjûn waard, tsjin Aazje oandreaun. Troch dy 'kontinintebotsing' is it Himalaya-berchtme ûntstien. It Arabysk Skiereilân kin faaks ek as subkontinint beskôge wurde.
De tsjinhinger fan in subkontinint is in superkontinint, dat no krekt mear as ien kontininten beslacht.