Levant
De Levant is in histoarysk-geografyske oantsjutting foar in part fan it fierste westen fan Aazje tusken Anatoalje en Egypte, de krite fuort beëasten de Middellânske See yn it Heine Easten.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
It wurd 'Levant' komt fan it Latynske wurd levare of oars fan it Frânske lever; beide betsjutte 'rize'. Dat Levant is in oantsjutting foar 'it lân dêr't de sinne opkomt', Arabyske term Majrek. De Maghreb, of 'it lân dêr't de sinne ûndergiet', wurde faak de westlike lannen fan Noard-Afrika mei oantsjut.
Tsjintwurdich beslacht de Levant de steaten Israel, Jordanië, Libanon, de Palestynske Kriten, Syrië en in part fan Irak.