Seleusidyske Ryk
It Seleusidyske Ryk wie yn de Aldheid it ryk fan 'e Seleusiden, in Masedoanyske dynasty dy't fan 312 f.Kr. oant 64 f.Kr. hearske oer Syrje, Mesopotaamje, Perzje, de Levant en dielen fan Anatoalje. De stifter fan it keninkryk wie Seleukus I Nikator. Hy wie ien fan de generaals fan Aleksander de Grutte, dy't him nei de dea fan Aleksander yn Mesopotaamje en de heechflakte fan Iran fêstige. De haadstêd fan dit keninkryk wie ynearsten Seleusia, letter waard de haadstêd ferset nei Antiochje, wêrtroch it machtssintrum oergong fan Mesopotaamje nei Syrje.
Nei in koarte útwreiding ûnder Antiochus de Grutte rekke it ryk fan de Seleusiden yn ferfal. Earst ferlernen sy de striid tsjin it Romeinske Ryk (Syryske Oarloch) en moasten yn 188 by de Frede fan Apamea rûchwei it tsjintwurdige Turkije ôfstean. En nei de dea fan Antiochus IV Epifanes yn 141 f.Kr. wie it net dúdlik wa't him opfolgje woe, sadat de Parten de eastlike gebieten oermasterje koenen.
Einleaze konflikten tusken twa leaten fan it foarstenhûs bepaalde it lêste tiidrek fan de Seleusiden en soe der ta liede dat it ryk foarfêst ophâlde te bestean yn 63 f.Kr., doe't de Romeinen troch it optreden fan Pompejus har bewâld fêstigen oer Syrje.