In allofoan is yn 'e taalkunde de oantsjutting foar in fariant (ôfwikende útspraak) fan in foneem (klank), wêrby't de feroarjende útspraak de fûnemintele identiteit fan it foneem yn 'e oangeande taal net feroaret. Itselde oantsjuttingsprinsipe wurdt ek op oare mêden fan 'e taalkunde tapast; sa is in allomorf in fariant fan in morfeem en in allograaf in fariant fan in grafeem (letter).

Allofoanen ûntsteane yn 'e regel trochdat in beskate klank (foneem) beynfloede wurdt troch ien of mear oanbuorjende fonemen yn itselde wurd of yn deselde sin. In skaaimerk fan allofoanen is fierders dat se faak allinnich yn 'e sprektaal foarkomme en net werjûn wurde yn 'e skriuwtaal. In foarbyld fan in allofoan is it Fryske wurd "ûnmacht", dat faak as "ûmmacht" útsprutsen wurdt om't muoite dien wurde moat om in "n" en in "m" efterinoar út te sprekken. Troch beynfloeding troch de oanbuorjende "m" feroaret de útspraak fan 'e "n" yn dit gefal ek yn in "m". Dy earste "m" is dan in allofoan fan 'e "n". Itselde ferskynsel docht him foar yn in wurd as "ûnbewust", dêr't "n" troch beynfloeding troch de "b" by de measte minsken ek wer útsprutsen wurdt as in "m".

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 11/12.