Skriuwtaal
In skriuwtaal is de skriftlik fêstleine foarm fan in taal yn in rige lettertekens op in oerflak. Hjirta heart û.m. de stavering en de wurdkar fan in taal. Oer it algemien wurdt foar skriuwtaal gebrûk makke fan in gruttere wurdskat en fan in yngewikkeldere sinsbou as foar sprektaal. Dat komt fral om't men mei skriuwtaal de tiid hat en tink ris even goed nei oer de ideeën dy't men útdrukke wol. Mei oare wurden, men kin redigearje, al is it mar yn jins eigen holle. It gebrûk fan tekstferwurkingsprogramma's op 'e kompjûter hat derfoar soarge dat men no ek yn it tekstferwurkingsprogramma redigearje kin, wat earder mei pin en papier of mei de typmasine net koe.
By guon talen, wêrûnder it Frysk, gappet der in folle gruttere kleau tusken de skriuwtaal en de sprektaal as by oare talen (lykas it Nederlânsk). De reden dêrfoar is dat in taal as it Frysk yn ferhâlding net folle skreaun wurdt, mei as gefolch dat Frysktaligen oer it algemien mar oer in frij beheinde wurdskat beskikke, dêr't men foar in sprektaal prima mei ta kin, mar dy't foar in skriuwtaal beswierlik is. Boppedat is it Frysk in minderheidstaal, dêr't troch de sterke ynfloed dy't it dominante Nederlânsk derop útoefenet, oates en toates lienwurden út dy taal yn opnommen wurde. Hoewol't dêr op it mêd fan 'e sprektaal net folle tsjin te dwaan falt, wurde sokke hollanistyske ynterferinsjes oer it algemien rigoereus út 'e skriuwtaal skrast. Foarneamde faktoaren mei-inoar hawwe ta in sitewaasje laat wêrby't skriuw- en sprektaal útinoar groeid binne yn in proses dat yn 'e taalkunde fan diglossy neamd wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|