Kanaänityske talen
De Kanaänityske talen foarmje in taalkloft fan 'e Semityske talen. De pleatsing fan dizze groep binnen de Westsemityske talen wurdt net algemien akseptearre, mar de measte taalkundigen klassifisearje de Kanaänityske talen as ien fan trije groepen dy't mei-inoar de Noardwestsemityske talen foarmje (de oare beide binne it Amoritysk en de Arameeske talen). De Kanaänityske talen binne ferneamd nei Kanaän, in âlde namme foar it gebiet dat likernôch de súdlike Levant omfiemet. Fan 'e taalgroep wurdt hjoed de dei noch mar ien taal sprutsen: it Hebriuwsk. Alle oare Kanaänityske talen binne útstoarn.
Kanaänityske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Levant, Kartago | |
tal talen | 9 (ynkl. deade talen) | |
tal sprekkers | ±5 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Semitysk ● Westsemitysk ● Middensemitysk ● Noardwestsemitysk ● Kanaänitysk | |
subgroepen | ● Noardkanaänityske talen † ● Súdkanaänityske talen |
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe Kanaänityske talen foarmje in yn 'e taalkunde algemien akseptearre taalgroep fan 'e Semityske talen. It binne dy talen (of dialekten), dy't fan oarsprong yn Kanaän en omlizzende kriten fan 'e Levant sprutsen waarden. Dat gebiet kin yn hjoeddeistige termen omskreaun wurde as Israel, Palestina, it Sinaï-skiereilân (dat ta Egypte heart), Libanon, westlik Jordaanje, it uterste noardwesten fan Saûdy-Araabje, it uterste súdeasten en de noardwestlike kustline fan Syrje en de Hatay-regio fan Turkije.
De measte taalkundigen diele de Kanaänityske talen yn as ien fan 'e trije subgroepen fan 'e Noardwestsemityske talen, yn 'e mande mei it op himsels steande Amoritysk en de Arameeske talen. Inkeld de promininte taalkundewebside Ethnologue erkent de jildichheid fan 'e Noardwestsemityske talen net. Ynstee smyt men dêr de Kanaänityske talen op ien bulte mei de Arabyske talen om 'e 'Súdlik Middensemityske' of 'Arabo-Kanaänityske' taalgroep te foarmjen, dy't dan yn 'e mande mei de Arameeske talen yndield is by de Middensemityske talen.
De Kanaänityske talen ûnderskiede harren fan 'e nau besibbe Arameeske talen troch:
- de saneamde Kanaänityske lûdsferskowing op it mêd fan fokalen, fan *ā (aa fan "laad") nei *ō (oo fan "rook").
- it foarheaksel h- brûkt as it beskaat lidwurd; it Arameesk brûkt dêrfoar ynstee it efterheaksel -a.
- it persoanlik foarnamwurd yn 'e earste persoan inkeltal is yn 'e Kanaänityske talen ûntliend oan 'e triliterale wurdstam ’nk, wylst it yn it Arameesk komt fan 'e triliterale stam ’n’ of ’ny.
Skiednis
bewurkje seksjeOarsprong
bewurkje seksjeDe Kanaänityske talen waarden yn 'e Aldheid fan 'e Levant sprutsen troch de Kanaäniten. Dat wie net ien inkeld folk, mar in folkekloft (lykas de Germanen of de Kelten). Yn rommen sin wurde ûnder de oantsjutting 'Kanaäniten' rekkene: de Israeliten (Judeeërs en Samaritanen ynbegrepen), Fenysjers (Kartagers ynbegrepen), Amoriten, Ammoniten, Moäbiten, Edomiten, Sûteeërs, Ekroniten en Amalekiten. Tink derom dat hoewol't de Amoriten ta de Kanaänityske folkekloft rekkene wurde, harren taal gjin Kanaänityske taal is. De Amalekiten binne inkeld bekend út 'e Bibel en dêrfan ôflate boarnen, en it is ûndúdlik oft se echt bestien hawwe of dat se poer legindarysk binne.
Untwikkeling
bewurkje seksjeDe Kanaänityske talen foarmje de ierst oerlevere taalgroep dy't in konsonanteskrift mei premoderne letters brûkte ynstee fan it eardere spikerskrift of hieroglifen. Dat konsonanteskrift wie it Proto-Kanaänitysk skrift, dêr't ferskate oare skriftfoarmen út fuortkommen, lykas it Paleo-Hebriuwske skrift dat brûkt waard foar it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk.
De Kanaänityske talen wiene de memmetalen en deistige omgongstalen fan 'e ûnderskate Kanaänityske folken oant se geandwei it earste milennium f.Kr. ferkrongen waarden troch de opmars fan it Arameesk, dat koart nei 750 f.Kr. de offisjele taal fan it Nijassyryske Ryk wurden wie. Nei de fal fan it dat ryk, yn 605 f.Kr., waard it ek de bestjoerstaal yn it dêropfolgjende Nijbabyloanyske Ryk. Doe't yn 539 f.Kr. it Nijbabyloanyske Ryk ûnder fuotten helle waard troch it Achaimenidyske Perzyske Ryk, wist it Arameesk ek binnen dat nije steatsferbân syn posysje te behâlden. It tinken mank saakkundigen is dat de measte Kanaänityske talen iuwenlang hoekholden foar de almar sterker wurdende ynfloed fan it Arameesk oer, mar dat se der úteinlik yn 'e fjirde iuw f.Kr. of mooglik justjes letter ûnder strûpten en útstoaren.
Inkeld it Hebriuwsk wist him te hanthavenjen oant likernôch 200 (n.Kr.), doe't it ek útstoar. It bleau dêrnei lykwols yn gebrûk as liturgyske en ek as literêre taal, en waard fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf nij libben ynblaasd. Yn 1948 waard it de offisjele taal fan 'e nije Steat Israel. Dêrmei is it Hebriuwsk de iennichste Kanaänityske taal dy't tsjintwurdich noch as memmetaal sprutsen wurdt. It Samaritaansk, in út it Hebriuwsk fuortkommende taal, wurdt hjoed de dei ek noch sprutsen, mar allinne as liturgyske taal. De sprekkers binne de Samaritanen, in etnyske subgroep fan 'e Palestinen.
Underferdieling
bewurkje seksjeDe Kanaänityske talen kinne opdield wurde yn twa groepen, de Noardkanaänityske talen en de Súdkanaänityske talen. De Noardkanaänityske talen binne it Fenisysk fan Fenysje en it dêrút fuortkommen Punysk fan Kartago. De Súdkanaänityske talen omfiemje it Hebriuwsk (Samaritaansk ynbegrepen), en de sustertalen Ammonitysk, Edomitysk en Moäbitysk.
It Ekronitysk fan 'e stêd Ekron is wat in riedsel. Ekron wie in Filistynske stêd, en fan 'e Filistinen is bekend dat se wierskynlik in Yndo-Jeropeeske taal sprieken. It Ekronitysk is lykwols in Semityske taal. Yn elts gefal liket it it meast op it Fenisysk en moat it dêrom yndield wurde by de Noardkanaänityske talen.
Soms wurdt ek it Oegaritysk fan it Keninkryk Oegarit as in Kanaänityske taal beskôge, mar foar it meastepart is dat no erkend as in lette foarm fan it Amoritysk.
Fierders soe t Sûteesk in Kanaänityske taal west hawwe kinne, mar it is ek mooglik dat it nauwer besibbe wie oan it Arameesk.
Fan 'e ûnbekende taal fan 'e Deir Alla-ynskripsje, dy't lange tiid by de Kanaänityske talen yndield waard, stiet no fêst dat it in taal is dy't bûten it eigentlike Arameesk falt, mar dêr wol in protte oerienkomsten mei fertoant en dêrom mooglik mei it Arameesk yn in 'Aramoïde taalgroep' pleatst wurde moat.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |