It Amoritysk is in útstoarne iere Semityske taal, dy't yn 'e Brûnstiid troch de Amoriten yn 'e Levant en westlik Mesopotaamje sprutsen waard. It wie in frij ynfloedrike taal yn 'e skiednis fan it Midden-Easten, dy't nei alle gedachten oan 'e ein fan it twadde milennium f.Kr. (omtrint 1100 f.Kr.) útstoar. It Oegaritysk, dat yn it Keninkryk Oegarit sprutsen waard, wurdt no beskôge as ien fan 'e letste en teffens mooglik it westlikste dialekt fan it Amoritysk.

Amoritysk
algemien
lânseigen yn Irak
Israel
Jordaanje
Libanon
Palestina
Syrje
tal sprekkers 0 ( 2e milennium f.Kr.)
skrift Oegaritysk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
          ● Amoritysk
dialekten Oegaritysk
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3 — (mis)

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Amoritysk wurdt ornaris klassifisearre as in isolearre taal binnen de groep fan 'e Noardwestsemityske talen. By dyselde taalkloft wurde ek de Arameeske talen en de Kanaänityske talen ûnderbrocht. Hoewol't de Amoriten as etnyske groep yn 'e regel ta de Kanaäniten rekkene wurde, is harren taal dus net in Kanaänityske taal yn 'e taalbesibskiplike sin fan it wurd. Sels de yndieling fan it Amoritysk as in Noardwestsemityske taal wurdt net algemien akseptearre, mei't der guon oanwizings besteane foar oare klassfikaasjes.

It Amoritysk is oerlevere yn 'e foarm fan it Oegaritysk, dat fan 'e fjirtjinde iuw f.Kr. oant 1190 f.Kr. de offisjele taal wie fan it Keninkryk Oegarit. It Oegaritysk, dat yn 1929 troch Frânske argeologen ûntdutsen waard, wurdt no beskôge as in let dialekt fan it Amoritysk en neffens guon ûndersikers ek it westlikste.

In oare, yndirekte boarne fan it Amoritysk wurdt foarme troch de Amoritysktalige eigennammen en toponimen dy't yn 'e perioaden fan Amorityske oerhearsking fan dielen fan Mesopotaamje oan 'e ein fan it trêde milennium f.Kr. en it begjin fan it twadde milennium f.Kr. opnommen waarden yn Akkadyske teksten út benammen Mari en yn mindere mjitte ek út Alalach, Tell Harmal en Chafadja. Hiel út en troch binne sokke nammen ek opnommen yn iere Egyptysktalige teksten, en ien, Sənīr (foar de berch Hermon) is bekend út 'e Hebriuwske Bibel (Deuteronomium 3:9).

Taalskaaimerken

bewurkje seksje

It Amoritysk wurdt karakterisearre troch:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.