Westsemityske talen

De Westsemityske talen binne in foarstelde (mar noch net algemien akseptearre) taalkloft, dy't ûnderdiel útmeitsje soe fan 'e Semityske talen. De Semityske talen hearre sels wer ta de Afro-Aziatyske taalfamylje. De oantsjutting 'Westsemityske talen' waard foar it earst brûkt yn 1883, troch taalkundige Fritz Hommel, om alle Semityske talen ûnder te beflappen dy't net ta de Eastsemityske talen hearden.

Westsemityske talen
algemien
lokaasje Midden-Easten, Noard-Afrika,
Hoarn fan Afrika, Malta
tal talen ±105 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers >350 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
    ● Semitysk
       ● Westsemitysk
subgroepen Middensemitysk
Súdsemitysk

De ferdieling fan 'e Semityske talen yn 'e Eastsemityske talen en de Westsemityske talen wurdt ûnderstipe troch foaroansteande semitisisten as Robert Hetzron en John Huehnergard. De Eastsemityske talen omfiemje inkeld it Akkadysk en it Eblaïtysk, allebeide talen dy't al yn 'e Aldheid útstoarn binne. Alle oare Semityske talen soene neffens dizze ferdieling op ien bulte smiten wurde moatte as de Westsemityske talen, dêr't it Akkadysk en it Eblaïtysk fan ôfwike troch it ferlies fan 'e felêre, faryngale en glottale wriuwklanken, de útspraakferskowing fan 'e rige ynterdintale wriuwklanken ta siisklanken, en de ûnderwerp-saaklik foarwerp-tiidwurdsfolchoarder yn 'e sinsbou. De besteansreden foar de Westsemityske talen as taalkloft is dat dy talen allegearre mear mei-inoar gemien hawwe soene as mei de Eastsemityske talen.

Underferdieling

bewurkje seksje

De Westsemityske talen besteane út fiif dúdlik ûnderskate subgroepen: de Arabyske talen (mei û.m. it Arabysk en it Malteesk), de Noardwestsemityske talen (mei û.m. it Hebriuwsk, it Arameesk en it Syrysk), de Súdarabyske talen (mei û.m. it Sokotraansk), de Etiopyske talen (mei û.m. it Amhaarsk en it Tigrinja) en de útstoarne Aldsúdarabyske talen (mei û.m. it Sabeysk). Dêrfan litte de Súdarabyske, Etiopyske en Aldsúdarabyske talen sokke dúdlike oerienkomsten sjen, dat se frij ûnomstriden mei-inoar ûnderbrocht wurde by de Súdsemityske talen. It op ien bulte smiten fan 'e Arabyske talen en de Noardwestsemityske talen ûnder de namme fan 'e Middensemityske talen is mear oer te dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.