Súdsemityske talen

De Súdsemityske talen foarmje in hypotetyske, mar frij algemien akseptearre taalgroep fan 'e Semityske talen. De kloft stiet op deselde hichte as de Middensemityske talen, en de beide groepen tegearre foarmje de Westsemityske talen. De Súdsemityske talen kinne opdield wurde yn 'e Súdarabyske talen en de Westlike Súdsemityske talen, dy't fierder útinoar falle yn 'e útstoarne Aldsúdarabyske talen en de Etiopyske talen. De wichtichste Súdsemityske talen binne it Amhaarsk, de nasjonale taal fan Etioopje, en it Tigrinja, de nasjonale taal fan Eritreä.

Súdsemityske talen
algemien
lokaasje Hoarn fan Afrika en it suden fan
   it Arabysk Skiereilân
tal talen ±27 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers 35 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
   ● Semitysk
      ● Westsemitysk
         ● Súdsemitysk
subgroepen Súdarabyske talen
Westlike Súdsemityske talen
   ● Aldsúdarabyske talen
   ● Etiopyske talen

Fersprieding

bewurkje seksje

De Súdarabyske talen wurde sprutsen yn it suden fan it Arabysk Skiereilân (eastlik Jemen en westlik Omaan) en op it eilân Sokotra yn 'e Arabyske See. De útstoarne Aldsúdarabyske talen waarden yn 'e Aldheid sprutsen yn it westen fan wat no Jemen is. De Etiopyske talen wurde sprutsen yn 'e Hoarn fan Afrika (benammen Etioopje en Eritreä).

Wat it 'heitelân' fan 'e Súdsemityske talen west hat, is noch altyd ûnderwerp fan debat. Guon taalkundigen binne fan tinken dat de talen ûntstien binne yn it suden fan it Arabysk Skiereilân en har dêrwei ferspraat hawwe nei de Hoarn fan Afrika. Oaren miene dat de talen har pas ûntwikkele hawwe nei de oerstek fan 'e sprekkers nei de Hoarn fan Afrika, en dat dêrwei letter in diel fan 'e sprekkers wer werom oerstutsen wêze moat nei it Arabysk Skiereilân. In ûndersyk út 2009 dat gebrûk makke fan it Bayesiaanske model wiisde út dat de lêste teory it wierskynlikst is.

Underferdieling

bewurkje seksje

De meast akseptearre ûnderferdieling fan 'e Middensemityske talen is sa:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.