Anty-Libanon
De Anty-Libanon is in berchtme op de grins fan Libanon en Syrje. De namme 'Anty-Libanon' liket wat nuver. 'Anty' soe yn de hjoeddeiske oersetting 'tsjinoer' betsjutte ynstee fan inkeld 'tsjin'. De lingte fan dizze berchkeatling is om-ende-by 150 kilometer en rint likernôch noard-súd. De heechste berch is de Hermon (Dschabal ash-Shaichبل الشيخ), mei in hichte fan 2814 meter, op de grins mei Syrje, Libanon en de troch Israel beset holden Golanhichte. De wetterskieding fan it berchtme foarmet foar it meastepart de grins. Westlik fan de Anty-Libanon leit de Bekafallei en eastlik leit de Helbunfallei, dêr't de stêd Damaskus yn leit.