مملكة البحرين
Mamlakat al Bahrayn
Flagge fan Bachrein Wapen fan Bachrein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bachrein
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Manama
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
665 km²
0,0­%
Ynwenners (2005) 688.345
Munt Bahreini dinar (BHD)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 16 desimber
Lânkoade BHR
Ynternet .bh
Tillefoan 973

Bachrein is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Manama en de emir fan de monargy is sûnt 2002 Hamad bin Isa Al Khalifa.

It golfsteatsje ferfollet troch de sintrale lizzing in wichtige ekonomyske en finansjele funksje yn de oaljewrâld.

Bachrein wurdt begrinzge troch:

Bachrein bestiet út in groep fan trijeëntritich eilannen yn de Perzyske Golf, dy't ûnderling ferbining hawwe troch in netwurk fan brêgen. Der is ek in brêgeferbining mei Saûdy-Araabje: de Kening Fahd Causeway.

 
De skrokke kuststripe fan Bahrein

De namme Bachrein betsjut yn it Arabysk letterlik twa seeën. Dat ferwiist nei de laach swiet wetter dy't earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard. Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich. Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Bachrein foar it meastepart woastyn.

Yn de 16e iuw waard Bahrein troch de Portegezen beset. Nei dizze besetting en letter troch de Perzen waard it lân as selsstannich emiraat fan 1816 oant 1971 in Britsk protektoraat.

Bachrein waard op 15 augustus 1971 ûnôfhinklik en lid fan de Arabyske Liga. De sûnt 1999 regearjende emir fiere yn 2002 in nije grûnwet yn, dêr't it lân in konstitusjonele monargy troch wurden is.

Hjoeddeisk is mar 60% fan de ynwenners fan Bachrein noch oarspronklik. De oare 40% binne Pakistanen, Ynjers en Westerlingen. Goed 80% fan de befolking wennet yn de stêden. Bachrein is in tichtbefolke lân, dêr't sawat de hiele befolking op de noardlike helte fan it eilân wennet. It suden is foar it grutste part net bewenne.

It Arabysk is de offisjele taal fan it lân, mar ek it Ingelsk wurdt in protte sprutsen.

De Islam is de wichtichste godstsjinst yn Bachrein.