Referindum
In referindum (meartal: referinda of referindums) of folksstimming is it stimmen troch de kiesberjochtigen fan it folk oer wetsfoarstellen of in beskaat beslút dat it regear nimme moat.[1] As in oanbelangjende oerheid eat foarlizze wol oan 'e befolking kin dat fia in referindum. De kiezers komme dan lykas by frkiezings nei it stimburo dêr't se harren stim útbringe kinne.
Etymology
bewurkje seksjeIt wurd "referindum" komt fan it Latynske gerundivum fan it tiidwurd referre (werombringe, -drage).
Soarten
bewurkje seksjeDer binne ferskate soarten referindums:
- Referindums kinne binend of net-binend wêze. By in binend referindum wurdt de útslach oernommen. By in net-binend referindum of oanrekomandearjend referindum wurdt de útslach beskôge as in oanrekomandaasje oan de folksfertsjintwurdiging en kin it oernommen wurde. Dat is yn 'e measte gefallen ek sa.
Dêr binne ek soarten referindums ôfhinklik fan it ûnderwerp of proseduere:
- In rieplachtsjend referindum is in troch de polityk oanfrege referindum.
- In korrektyf referindum is in troch de befolking oanfrege referindum, dêr't stimd wurdt oer in al oannommen beslút fan de folksfertsjintwurdiging. It kin al as net binend wêze.
- In karreferindum is in referindum dêr't net foar of tsjin in beskaat foarstel stimd wurde kin, mar keazen wurde kin tusken alternativen. Dat kin een oansluting fan ien gemeente by in oare gemeente wêze, of in boargemastersreferindum yn Nederlân.
- In folksinisjatyf is de mooglikheid foar boargers sels en set eat op de politike aginda. Almeast mei de betingst dat in minimum tal minsken dat inisjatyf ûnderstypje.
Lannen
bewurkje seksjeDe folgjende lannen hawwe op ien as oare manier in referindum: Austraalje, Belgje, Brazylje, Denemark, Egypte, Feriene Keninkryk, Feriene Steaten, Frankryk, Hongkong, Yslân, Irak, Iran, Ierlân, Itaalje, Kanada, Kosta Rika, Kroaasje, Malta, Marokko, Moldaavje, Marokko, Nij-Seelân, Noarwegen, Oerûguay, Papoea Nij-Guineä, Pakistan, Portegal, Porto Riko, Roemeenje, Servje, Sily, Singapoer, Sloveenje, Spanje, Sweden, Switserlân, Tailân, Taiwan en Turkije
Yn Switserlân hat men de measte ûnderfining mei referindums. Nei alle gedachten ûntstie it dêr yn de 16e iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch op nl:Volksraadpleging en en:Referendum |