Kosta Rika
| |||||
![]() | |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | San José | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
51.100 km² 0,7% | ||||
Ynwenners (2004) | 3.700.000 | ||||
Munt | Kostarikaanske colón (CRC) | ||||
Tiidsône | UTC -6 | ||||
Nasjonale feestdei | 15 septimber | ||||
Lânkoade | CRI | ||||
Ynternet | .cr | ||||
Tillefoan | 506 |
Kosta Rika (Spaansk: Costa Rica) is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is San José.
GeografyBewurkje
LizzingBewurkje
Kosta Rika leit op de lâningte fan Sintraal-Amearika. Ten westen leit de Grutte Oseaan en ten easten leit de Karibyske See. Ek Kokoseilân heart by Kosta Rika.
It lân wurdt begrinzge troch:
- Nikaragua yn it noarden;
- de Stille Oseaan yn it westen;
- Panama yn it suden;
- de Karibyske See yn it easten.
LânskipBewurkje
It gebiet is foar it grutste part flak, mar midstwa rin in berchketen, dy't ûnderdiel is fan de de Sintraal-Amerikaanske "Cordilleras".
It heechste punt is de Cerro Chirripo op 3810 meter. Yn it lân lizze útstrekte nasjonale parken en reservaten (25% fan it lân is beskermd). In protte dêrfan bestiet út tropysk reinwâld. Dêrnjonken komme ek oare typen natoer yn Kosta Rika foar, lykas gersflakten en magrovebosken.
SkiednisBewurkje
Kosta Rika waard yn 1502 troch Kolumbus ûntdekt en healwei de 16e iuw yn beset nommen troch de Spanjerts. Sy neamden it gebiet Nij Kartago en ûnderdiel fan de Spaanske koloanje yn de Nije wrâld.
Yn 1821 waard it in diel fan it ûnôfhinklike Meksikaanske Keizerryk, dêr't it him 2 jier letter mei oare Sintraal-Amerikaanske lannen fan ôfskiede om de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika te foarmen. Yn 1840 foel dizze federaasje útinoar en waard Kosta Rika in selsstannich lân.
Yn 1899 wienen de earste demokratyske ferkiezings. Sûnt dy tiid hat it lân mar twa kear te krijen hân mei polityk geweld. Fan 1917 oant 1919 regearre de diktator Federico Tinoco Granados en yn 1948 wie der in lytse boargerkriich nei omstreden ferkiezingsútslach. Dizze kriich waard wûn troch de linkse José Figueres Ferrer, dy't nei ôfrin it leger ôfskaffe en in nije grûnwet opstelde. Sûnt dy tiid hat it lân frijwarre west fan geweld dêr't in protte oanswettende lannen wol mei te krijen hienen. Sadwaande is Kosta Rika yn fan de wolfearendste lannen fan Latynsk-Amearika wurden en stiet it dêrom ek bekend as "it Switserlân fan Sintraal-Amearika".
DemografyBewurkje
BefolkingBewurkje
It grutste diel fan de befolking (87%) is fan Jeropeeske komôf, foar it meastepart neisieten fan Spanjerts. Goed 7 persint is mestys, fan mingd Spaansk-Yndiaanske komôf, trije persint fan Afrikaanske komôf en ien persint Yndiaansk.
TaalBewurkje
De offisjele taal fan Kosta Rika is it Spaansk dat ek troch de mearderheid fan de befolking sprutsen wurdt. Oare talen dy't brûkt wurde binne de Yndianetalen fan de Ynhiemske bewenners en it Ingelsk troch de Kreoolske minderheid yn de eastlike kustgebieten. Dizze lêsten stamje fan 19e-iuwske Jamaikaanske ymmigranten ôf.
ReligyBewurkje
Mei 92 persint is it oergrutte part fan de Kosta Rikaanske befolking oanhinger fan it Kristlik leauwen. Fan de Kristenen is 88 persint Roomsk-Katolyk.
Ien fan de wichtichste religeuske feestdagen yn Kosta Rika is 2 augustus. Op dizze dei wurdt Virgen de Los Angeles ("Faam fan Los Angeles"), de beskermhillige fan it lân fiere.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Costa Rica fan Wikimedia Commons. |