Eritreä

(Trochferwiisd fan Eritrea)
Hagere Ertra
Flagge fan Eritreä Wapen fan Eritreä
Flagge Wapen
Lokaasje fan Eritreä
Offisjele taal Tigrinya en Arabysk
Haadstêd Asmara
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt nakfa (ERN)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 24 maaie
Lânkoade ERT
Ynternet .er
Tillefoan 291

Eritreä is in lân yn it easten fan Afrika. De haadstêd is Asmara.

Tunnel earne yn Eritreä.

Eritreä wurdt begrinzge troch:

 
De Eritreeske Heechlannen

Eritreä hat yn totaal 1630 km oan lânsgrinzen, dêr't 113 km fan mei Dzjibûty, 912 km mei Etioopje en 605 km mei Sûdan binne. It lân beskikt ek oer in kuststripe fan 2234 km, dêr't ek de ôfstân om de eilannen yn de Reade See hinne by rekkene is.

It lânskip wurdt dominearre troch de útrinners fan it Etiopysk Heechlân yn it noarden dat ôfrinnend oergiet yn in woastynflakte nei it easten ta. Yn it noardwesten fynt men in heuveleftich terrein en yn it súdeasten flakten. It lân hat in heech sintraal plato dat dat fan 1800 oant 3000 meter boppe seenivo rint. Foar de kust lizze om-ende-by 300 eilannen.

It heechste punt fan Eritreä is de top fan de berch Soira op 3018 meter boppe seenivo. It leechste punt leit tichtby Kulul yn de Danakildepresje.

De moderne skiednis fan Eritreä begjint mei de kolonisearring troch Itaalje yn 1885, dêr't it yn besit fan bliuwt oant en mei 1941 doe't Itaalje yn de Twadde Wrâldkriich troch de Alliearden ferslein waard. Dernei krige de Britten it gebiet tawiisd as protektoraat.

Yn 1952 waard troch de Feriene Naasjes besletten dat Eritreä in federaasje foarmje moast mei Etioopje. Dat rint lykwols oars as yn 1962 Eritreä troch Etioopje anneksearre wurdt. Dêrop folget in boargerkriich dy't earst yn 1991 einiget as it Eritreeske rebellenleger de Etiopjers ferslacht. Yn 1993 stimde it meastepart fan de befolking foar ûnôfhinklikheid.

Yn 1998 brekt in grinsoarloch út mei Etioopje dêr't op 12 desimber 2000 in ein oan komt nei bemiddeling troch de Feriene Naasjes. Sûnt dy tiid hâldt in FN-fredesleger tasicht, yn ôfwachting fan it beslút fan in ynternasjonale kommisje dy't de grins foarfêst fêstlizze moat.


De befolking fan Eritreä wie yn july 2004 nei skatting 4.447.307 grut. Etnologysk besjoen bestiet dy foar 50% út Tigriny, 30 % Tigre , 10% Kunama, 4% Afar, 4%, 3% Saho (kustbewenners) en oaren 3%.

De wichtichste godstsjinsten binne de Islam, de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke, de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Protestanten.

De talen dy't yn Eritreä sprutsen wurde binne: it Afar, Arabysk, Tigre, Kunama, Tigrinya en Kusjitysk.