Realitytelefyzje

(Trochferwiisd fan Realitytillefyzje)

Realitytelefyzje (reality is Ingelsk foar "reäliteit") is in sjenre fan telefyzjeprogramma's wêryn't foarfallen út 'e reäliteit (dêrfandinne de namme) werjûn wurde. Foar soksoarte programma's wurdt dus yn 't foar gjin senario skreaun. Boppedat bestiet de cast yn 'e regel út lju dy't (noch) ûnbekend binne. Dit sjenre ûnderskiedt him fan dokumintêres trochdat it him meast taleit op ynterpersoanlike relaasjes en konflikten en trochdat it poer amusemint is, dêr't de sjogger neat fan opstekt. In bekend patroan dat troch in protte realitytelefyzjeprogramma's folge wurdt, is om 'e dielnimmers yn fermiddens en sitewaasjes te pleatsen dêr't se oars nea yn bedarre wêze soene.

Kim Kardashian, dy't har ferneamdheid te tankjen hat oan realitytelefyzje.

Eleminten en subsjenres bewurkje seksje

Der besteane in stikmannich opboutechnyske programma-eleminten dêr't de makkers fan realitytelefyzje har ornaris fan betsjinje, mei as bekendste de saneamd confessionals (letterlik "opbychtings"), wêrby't de dielnimmers yn in apart hokje foar de kamera harren gedachten en mienings oer de dêrfoar toande foarfallen fertelle. Sokke confessionals wurde dan tusken de oangeande foarfallen yn montearre, en meitsje mei-iens ek in voice-over oerstallich. In wichtich subsjenre fan realitytelefyzje wurdt foarme troch op 'e telefyzje útstjoerde talintejachten, wêrby't de dielnimmers sawol op it poadium as efter de skermen folge wurde. Ek by sokke talintejachten kommen in protte gelikense eleminten foar, lykas it eliminearjen fan ien kandidaat per ôflevering, de oanwêzichheid fan in mearkoppige sjuery en it idee dat men tydlik ymmuniteit foar eliminaasje winne kin troch in beskate opdracht te foltôgjen.

In oar spesifyk subsjenre fan realitytelefyzje wurdt foarme troch programma's wêrby't bekende of ûnbekende persoanen 24 oeren deis folge wurde troch in kameraploech. Sokke programma's wurde ek wol realitysoaps neamd, om't de ynhâld faak wol wat wei hat fan in soapsearje. Ynternasjonaal is Kim Kardashian mei sa'n programma (Keeping Up with the Kardashians) bekend wurden, wylst in soartgelikens programma ek makke is oer hardrocker Ozzy Osbourne en syn gesin (The Osbournes). Yn Nederlân wurken presintatrise Patty Brard (Patty's Posse) en sjongers Frans Bauer (De Bauers) en Jan Smit (Gewoon Jan Smit) oan sa'n programma mei.

Der bestiet in griis oergongsgebiet tusken realitytelefyzje en oare telefyzjesjenres. Dokumintêres, nijsprogramma's, sportferslachjouwing, praatprogramma's en kwissen wurde net ta realitytelefyzje rekkene, hoewol't ek dêryn reality-eleminten foarkomme, lykas it net bestean fan in senario en it dielnimmen fan ûnbekende lju. Oare sjenres dy't al bestiene doe't realitytelefyzje noch betocht wurde moast, lykas programma's mei de ferburgen kamera en talintejachten (lykas de Playback Show en de Soundmix Show), wurde soms mei weromwurkjende krêft by realitytelefyzje yndield.

Skiednis bewurkje seksje

Realitytelefyzje giet as sjenre werom op 'e KRO-searje Nummer 28, út 1991. Fanôf de ein fan 'e jierren njoggentich en it begjin fan 'e jierren 2000 krigen realitysearjes as Expeditie Robinson, Big Brother, Peking Express, Wie Is de Mol?, Boer Zoekt Vrouw, Idols, The X Factor, Jersy Shore, Geordie Shore, The Hills, The Valleys en The Voice grut súkses. Dêrby spile de Nederlânske telefyzjeprodusint John de Mol in grutte rol, mei't hy ferantwurdlik wie foar û.m. Big Brother, The Voice, De Gouden Kooi en Utopia.

Krityk bewurkje seksje

Sûnt syn ûntstean hat realitytelefyzje bleatstien oan in net-ôflittende weach fan krityk, dy't him konsintrearret op in stikmannich punten. Yn it foarste plak stroffelje in protte minsken oer it foyeuristyske konsept dat sjoggers achte wurde nocht te belibjen oan oarmans ûnnocht. Twad is der krityk op 'e bytiden fernederjende sitewaasjes wêryn't de dielnimmers pleatst wurde of dêr't se mei te meitsjen krije, en op 'e eksploitaasje dêr't se soms oan bleatsteane. Trêd wurdt de bewearing fan realityprogramma's dat se neat oars dogge as de reäliteit werjaan faak net leaud. Oangeande dat lêste punt wolle kritisy hawwe dat der net folle of sels neat "reëels" is oan realitytelefyzje, mei't de dielnimmers yn it foarste plak al yn in keunstmjittige sitewaasje pleatst wurde, en dat de rouwe opnames neitiid ek nochris sa bewurke en montearre wurde dat se it boadskip oerbringe dat de makkers fan it programma wolle dat dermei oerbrocht wurdt. Ta einbeslút wurdt de makkers fan realitytelefyzje gauris ferwiten dat se fulgariteit en materialisme romantisearje.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.